bêd op, lege de jiskebakjes en rêdde de rommel op. Hy wie dan al fuort, ‘al lang’, sei syn hispita, dy't oars neat die as de hier barre en Jochem taroppe, dat er syn fuotten feije moast, dat er om 'e sigarette-eintsjes tinke moast, dat er syn skearwetter net yn 'e waskbak leegje mocht....
Op myn manear makke ik in protte drokte fan it iten. Ik bakte soms kroketten en soarge foar ôfwikseling yn it miei. Under kolleezje moast ik der soms al oer tinke, hwant it mocht net allinne lekker, mar it moast ek guodkeap wêze.
Krekt foar iterstiid kaem Jochem: boppe de wazem fan 'e jirpels joegen wy elkoar in tút en ik frege eltse dei wer, hoe't it mei him wie, hy sei eltse dei wer ‘goed’, en dan gong er sitten op syn plak by de lytse roune tafel. Mar noch foardat Jochem siet, hied er in tydskrift út 'e bûse helle en leaf bigoun er dan to lêzen. Ik hie der gjin jonge oan. Yn it alderearste bigjin hâldde ik allerhande forhalen oer it iten, dat hast al klear wie, oer 'e proffen, oer in saek, dy't útforkeap hie, oer it Romeinske rjocht, en oer de man fan it draeioargel, dy't ik in stûr jown hie. Hy swei yn alle talen, sei gjin ja of né, knikte net iens ôfwêzich of sa. Mei in protte geävensear sette ik de pannen op 'e tafel, sa fan: en dit haw ik makke, hwat seist der fan? Mar hy sei nea hwat, skepte yn, lies, iet, lies, krige mear, lies, iet, smookte in sigaret, lei ien foar my del op it lúsjefersdoaske - ik koe my dan sels wol rêdde - lies, kniep it lêste puntsje sigaret út, sei: ‘Dach, oant joun sawn ûre’ en gong wer by de treppen del. Letterlik iensum en forlitten smookte ik myn sigaret, rêdde de boel op, wosk ôf, en gong nei kolleezje.
In inkelde kear hie Jochem mear to keap, dat wie as er de jouns nei in lêzing moast: hwat soed er oandwaen, koe ik syn broek noch even opparse, syn skuon poetse, it gat yn syn sok stopje? - en as ik dan dochs op syn keamer kaem: dat matsje foar syn doar wie er in pear kear oer stroffele, der siet sa'n lange tried oan....
Miskien haw ik wol to goed west of miskien wie it myn forburgen memmehert, dat ik op alles ja en amen sei, alles foar Jochem die en neat frege. Foreale wie ik al lang net mear - ik wist al lang, dat ik better mei in etalaezjepoppe frije koe as mei Jochem de Vries.
En doe kaem dy joun, dat wie it tredde jiers, dat wy yn Amsterdam wiene, dat ik al myn griven sei. Ik hie him