| |
| |
| |
Fokke Sierksma:
Grinslansk en Frysk regionalisme.
Yn it ‘Groninger Landbouwblad’ fan 24 Septimber 1953 is de tekst forskynd fan in lêzing oer ‘De waarde van het streekeigene’ fan Prof. Dr H.J. Keuning. Dy foardracht hat einliks twa thema's. Foarst: de wearde fan it Grinslânske streekeigene, en twad: it forskil tusken Grinslânsk en Frysk regionalisme. Dat is wol genôch om it omtinken foar dat artikel to freegjen, om't boppedat de argumintaesjes fan professor Keuning nijsgjirrich en wichtich binne. Wichtich is it artikel binammen, om't it útgiet fan sifers en feiten en teffens fan histoaryske forbânnen. Krekt de forbining fan dy twa is fan bitsjutting, om't it yn Grinslân en yn Fryslân gauris óf oan it iene óf oan it oare haperet. Dy wize fan oanpakken is fierders typearjend foar de sosiael-geograef, dy't dizze heechlearaer is en it wie to hoopjen dat út dy hoeke wei ris faker dalje kaem as der regionalistyske ûnderwerpen op it aljemint komme.
Friezen hawwe fakentiids gjin orgaen foar of gjin niget oan neakene sifers en feiten; Grinslanners ûntbrekt it noch al ris oan histoarysk bisef. Dêrmei is in stelling ponearre troch in persoan, dy't hjiroer wol ris praet hat mei oare persoanen, mar dat bitsjut út noch yn net, dat wy in wittenskiplik biwiisd ûnderskie werjown hawwe tusken de mentaliteit fan de Grinslanners en de Friezen. Op dit mêd is noch gjin inkelde definitive útspraek mooglik. It forskil tusken twa bifolkingsgroepen is in ding, dat men mar foar in tige lyts part biskriuwe kin, lit stean forklearje. Oan de ein fan Keuning's artikel wurdt dat ek klear sein.
De skriuwer bigjint syn skôging mei in definysje fan it bigryp regionalisme. Hy makket dêrby tagelyk fan de gelegenheit gebrûk, de biskriuwing yn Winkler Prins, dy't to koart sjit, wakker to bihoffenjen. It einbislút is, men kin jin gjin regionalisme yntinke, dat net woartelet yn in biskate libbensstyl, ja sterker jitte, yn 'e bysûndere geasteshâlding fan in bifolking. Yn oansluting dêrop, set er it Noardlik regionalisme yn in tsjinstelling mei dat fan de Limboargers en Brabanners. Ien fan de konklúzjes, dy't dat kontrast him opleveret is dat Grinslân en Fryslân, oars as de Súdlike provinsjes, echte emigrantegebieten binne. De biwenners
| |
| |
hjirre tsjogge om utens en it is fakernôch sein: de emigrant hat by syn krewearjen foar oanpassing oan it nije, almeast Hollânske formidden, faken oanstriid de ôffal, dêr't er altyd foar bleat leit, opweage to litten tsjin in to moai opmakke byld fan syn lân fan komôf. Mei rjocht en reden wurdt fêststeld, dat it gauris forieningen fan emigranten of lju-om-utens west hawwe, dy't in regionalisme de oantrún jown hawwe.
Dan giet professor Keuning wiidweidich yn op it forskil tusken Grinslanners en Friezen. It komt koartwei hjir op del. De Friezen hawwe, forgelike mei de Grinslanners, in rike tradysje, sawol yn it taelkundige, litteraire en politike as yn it rjochtskundige. Boppedat libje hja yn in eigen karakteristike lânsdouwe. En lêst bêst hiene en hawwe hja as stipe yn 'e rêch it oantinken oan it Greatfrysk Ryk. Mar by einsluten is dy rike tradysje de Friezen net allinne to'n goede dijd. Har tael- en kultuergebiet is bilune, har ekonomyske bitsjutting yn 'e Nederlânske folkshúshâlding is efterút gien en troch it absenteïsme kin har wolfeartspeil net string hâlde mei de Grinslanners harres. De Fryske ynfierenens is in wjerslach op dat efteroan kommen, dat dy kaem út to skaeijen nei it yntroverte. As foardiel stiet dêrtsjinoer, dat foar Friezen yn en bûten Fryslân dy tradysje in gehiel is, dêr't beide groepen op tobekgripe kinne. It Grinslânske regionalisme bistiet oars; it is in spjalten forskynsel. De Grinslanner falt op. As in Amsterdammer in man fan bûten typearje wol, bisiket er it Grinslânsk dialekt nei to bauwen. Dêrom sille de Grinslanners om utens inoar opsykje foaral om ûnder eigen folk to wêzen. It feit, fan it by-eigen-wêzen, weacht der by harren swierder yn as hwat der op sa'n gearkomste bihannele wurdt. De Grinslanners yn Grinslân hawwe der fansels gjin forlet fan, hwant dy binne ûnder eigen folk. Dè ‘Verainen Grunnen’ hat yn 'e provinsje mar twa kriten.
Op himsels is de tsjinstelling, lyk as Keuning dy tekenet, der net by troch. Mar it wol my oan, dat men alsagoed útgean kin fan hwat Grinslanners en Friezen ien en mien hawwe yn har regionalisme, om pas neitiid de tsjinstelling út to arbeidzjen. De skriuwer jowt sels yndirekt it biwiis ta dy stelling. Hwannear't er in analyse jowt fan it karakter fan de Grinslânske mienskip en fan de noarmen dy't dêrfoar jilde, komt er op dizze diingen: in sterk forantwurdlikheitsbisef yn 'e mande mei stribjen nei selsstan- | |
| |
nichheit; in net-ûnder-in-oar-stean-wollen by boer sagoed as by arbeider en middenstanner; in efterhâldenens by tasizzingen, mar ek in krekt neikommen dêrfan; in deeglikheit oplêst, dy't to forklearjen is út it boerebistean deun oan de natûr en dêr't mei mank giet it nimmen fan sa min mooglik risiko.
Mar, sa sille gâns Friezen sizze, dat is typysk it Fryske karakter. Sa'n opmerking hat rjocht en reden. De Fryske èn de Grinslânske folksmienskippen binne foaral mienskippen fan boeren. Yn beide hoeken leit it swiertepunt by de boer, al binne der fansels ek oare bifolkingskomponinten. En der binne frijhwat noflike en ûnnoflike eigenskippen, dy't Friezen en Grinslanners beide oer har hawwe. Mar op ien punt ûntrinne hja inoar: har hâlden en dragen foar frjemd oer. Hwerom bauwe de lju in Grinslanner mear nei as in Fries? Omdat, seit de skriuwer mei rjocht, de Grinslanner mear opfalt. Mar dat hat wer yn, dat de Grinslanner safolle gefoel fan eigenwearde hat, dat er it net nedich achtet him to flijen nei it Hollânske formidden, wylst de Fries dat hast automatysk docht fanwegen syn wolbikend minderweardichheitskompleks. It wie, en ik leau, it is jit altyd sa dat by preekoefeningen fan theologyske studinten de Friezen it minste lêst hawwe fan in sprek-aksint. Dat forskil mei de oaren sil hiel hwat oarsaken hawwe, mar de foarnaemste liket my ta is de kwesje fan it jild. Mei in folle brânkast jowt in minske nou ienris minder om in saneamd ûnbiskaefd aksint, as hwannear't de bûse plat is. Dat witte de Grinslanners: foar jild is alles to keap. En hja hawwe gelyk. Mar de Friezen witte it ek. En hja hawwe in tige bigryplik minderweardichheitskompleks en om dat yn 'e like to krijen bisykje hja yn har oanpassing by it frjemde har tomin oan jild oer to heljen. Mar oanpassing is in min ding. Der bliuwt altyd hwat hingjen en dat is, lyk as bikend, ressentimint. Fansels, de Grinslanner hat ek syn ressentimint tsjinoer dy Hollanners mei har glêd praet, mar thúskommen snúft er forachtlik oer dy lju mei har komkak en hy wit dat it jild by einsluten de waermte bringt. Mar de Fries komt thús en hat dêr ek neat. Men moat jin sokke dingen konkreet foarstelle. Nim
bygelyks it
feit, dat der yn 'e Fryske biweging safolle ûnderwizers sitte. Har forstân wie goedernôch om nei de akademy to kinnen. Mar it jild wie der net. En dan is it ressentimint in seldsum natuerlik forskynsel, foaral as immen skerp is.
| |
| |
Dy kwalitative oerienkomst fan Grinslanner en Friezen en de kwantitative forskillen tusken it ressentimint fan beide groepen forklearje, tinkt my, foar in great part it kwantitatyf forskil yn regionalisme. Hwannear't men gâns jild hat, hat men in bytsje regionalistyske ideology nedich. Hat men gjin jild, gjin eigen universiteit, gjin politike ynfloed, gjin yndustry om jin by in nij tiidrek oan to passen, dan hat men in hiele protte regionalistyske ideology nedich. Dan makket men sels in regionalistyske mythe. Ik bring hjir allinne mar yn 't sin it proefskrift fan Dr Van Buytenen, dêr't oer Frysk minderweardichheitsfielen en har gefolgen it ien en oar yn to lêzen stiet. It is dus net it Grinslânsk regionalisme dat spjalten is - dat is op syn heechst oan 'e bûtenkant mar in bytsje skansearre en forware -, mar it binne just de Friezen, dy't oan 'e boaijem fan har nasionalistyske siel ta spjalten binne. Hja wolle sa radikael harsels wêze, om't de wrâld har sa'n bytsje gelegenheit jowt harsels to wêzen. De Grinslanner wol himsels net wêze, hy is it.
It is yn forbân mei dat lêste dan ek skoan to bigripen dat professor Keuning as de ienichste bitsjutting en heechste wearde fan it Grinslânskeigene de karakterfoarming sjocht. Hy wiist in yntrovert regionalisme like biret ôf as de biwegingen foar federalisme en sels separatisme, dy't dêrmei gearhingje kinne. Op in oar plak seit er: ‘Belangrijker voor het geluk van de mens dan een rijk historisch verleden, een gecultiveerde taal of een opgewarmde folklore, is de verhouding tot onze medemensen.’ Sadwaende sjocht hy de wearde fan it streekeigene foar de Grinslanner foaral as de tradysje fan biskate noarmen. Koartsein: de boerenoarmen fan deeglikheit, bitrouberens, persoanlike selsstannichheit ensfh. Men kin net sizze, dat soks ynkonsekwint is. It makket boppedat in folle lykwichtiger yndruk as it Fryske nasionalisme, dat bytiden gefaerlik wurdt nei it krampeftige oer to hingjen. Dit stânpunt is boppedat réalistysk. Yn it Fryske nasionalisme sit in tsjin-alles-yn absolutistysk elemint, dat - hwannear't it net yn 'e stokken hâlden wurdt fan in geve kalvinistyske dogmatyk - him moai gau oplosse lit yn it absolutisme en fanatisme fan de Blut-und-Boden-profeten. Ut dat each is it wakker bigryplik dat in Fryske psychiater, dy't yn Grins arbeide, de forsuchting ûntkaem, dat in Fries om geastlik soun to wurden nei Grins forfarre moat.
| |
| |
Nei gâns kwea fan de Friezen sein to hawwen, wol ik my hjir dochs ek leaver hâlde oan 'e feiten. Hwant der binne ek feiten, hwerby't de Friezen yn forgeliking mei de Grinslanners der tige skjin foarwei komme. As Keuning praet fan ‘een gecultiveerde taal of een opgewarmde folklore’ doelt er dêrby op in biskaet soarte fan Grinslânske regionalisten. Dat soarte wurdt yn Fryslân praktysk net foun. Dat al hoecht de Grinslanner net nei Fryslân ta om dêr syn geastlik lykwicht to finen, hy sil der wol hwat fine kinne, dêr't er oergunstich op wurde kin. By de bihanneling fan Frysk-Grinslânske tsjinstellingen en sels uteringen mei men neffens my dat elemint fan oergunst likemin forjitte as de faktoaren dy't ik al earder neamd haw. De Fryske tael wurdt net kultivearre noch mei opsetsin archaisearre. Folklore wurdt yn Fryslân noch bakt, noch opwaerme.
Ressentimint kin dêrby noch skeppend wêze. De Friezen tarre net allinnich op in mythologisearre forline, mar hja skeppe ek kultuer, safolle, dat immen dy't de sifers en de feiten obstrevearret, der syn hoed foar ôfnimt. Hwat óars is, oft dat skeppend ressentimint de saek rêdde kin yn in tiid dat sels greate kultueren sljochte wurde troch de sivilisaesje fan de tweintichste ieu. Sa bisjoen liket it bisykjen ta weropbloei fan in lilliputterslantsje as Fryslân like bispotlik as tragysk. Hoe't dat komme mei, dy problematyk hawwe de Friezen sels en meiinoar út to fjochtsjen, lyk as de Grinslanners dat mei de fragen fan har regionalisme dwaen moatte. Beide groepen hawwe in lot en dat lot wurdt histoarysk biskaet. Dat lot kinne hja oannimme of ôfstegerje. Nimme hja it oan, litte de Friezen dan kultuer skeppe, mei of sûnder ressentimint, as hja mar hwat prestearje en net krite as forûngelike bern of raze as nasionaelsosialisten. En litte de Grinslanners, stêd en ommelânnen yn 'e kompe, de wrâld yn tsjen mei har boeremorael. Lit de Grinslanner sagoed as de Fries himsels wêze. Hwannear't dat gjin opstiging is, mar in feit, dan sille beide it nedige omtinken hawwe ek foar it oare part fan dizze planeet, dêr't de minsklike bifolking, wurdt der sein, oer it gehiel yn in nuodlike tastân forkeart. En it sizzen is, dat machtsdriuw en nasionalisme de foarnaemste oarsaken binne fan dy mondiale needtastân. Mar gefoel foar forhâldingen bliuwt hjir needsaeklik. In brânspuit is oplêst hwat oars as in H-bom.
|
|