De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] Fedde Schurer: Kwatrinen. I Dû drinkst har wetter en dû ytst har brea En twiiv'lest oan har noarm fan goed en kwea? Forbrek de wysheit net fan tûzen slachten Hwant dy't dêr bûten giet, fynt grif de dea. II Al hwat ik gripe wol wurdt yl en koel En sûnt de dei dat de oermoed my ûntfoel Stean ik forwêzen yn 'e wrâld to stoarjen En wit net hwat ik mei myn wurd bidoel. III Nim dan o God, al giet it ek om dea It camouflagepak fan alle kwea It wurd, dêr 'k alle dingen mei formoaikje Nim dan dit lêste klaed my fan 'e lea. IV O libben dat my altyd troaide en twong O weelde dy't troch al myn wêzen gong 'k Woe jim forried en deadsgefaer ûntrinne Doe't ik al machtleas yn jim reagen hong. V En altyd wer en ivich moete ik har Poëta, de iiv'ge frou fan Potifar Myn krêft wie wol tsjin fijâns krêften woechsen Mar tsjin har wémoed foun ik gjin forwar. VI Foar alles hwat ik foar en nei misdie Wist wol myn libbenskunst de rjochte rie Loksillich hja dy't ûnbihelprich binne Hja komme as Jozeph ta in goed biskie. [pagina 34] [p. 34] VII 'k Bin ien dy't yn in wankel boatsje fear En al mar fierder oant dy iene kear Doe't him de streamen fan 'e djipsé griepen De wâl fordwoun, syn hân it stjûr forlear. VIII It is sa swier om alles út to lizzen En ek it lêste fan jinsels to sizzen En tinkende oan dy't men forachte hat: Sa komt it út, ik bin allyk oan dizzen. IX Hoe't it sa kaem en koe, ik wit it net Mar om it oer to dwaen is 't nou to let En dei en nacht fiel ik ynwindich barnen 't Undôfber fjûr dat oan myn siele fret. X Ik skriuw myn bycht en wol graech earlik wêze Mar hwa kin yn syn eigen herte lêze Hwa alle djipten fan syn ûngroun sjen? Allinne God kin witte en genêze. XI Dy't ienris sûndige mei 't hjitte bloed En stean bleau mei de rouwe yn 't sleine moed Hy stoarret op syn brutsene fioele: Bliuwt dit in boarst, wurdt ea de klank wer goed? XII In minske bin ik, wif fan bloed en hert Ik haw fan eigen iepenbiering net Mar fan in ingel dy't my laet troch 't libben Fan Gods genede en hilliging forlet. XIII Mei skuldbiliden kom ik ek net klear 'k Bin al to fier, lang net ienfâldich mear 'k Soe foar de wrâld yn 't boeteklaed noch tuge En fynt men dan forjefnis by de Hear? XIV En dan, as ik myn kwea op 't djipste sjoch Ha Jo myn lêste idelheit noch troch En lizze stil de frage oan myn gewisse Hwerom 'k bilydnis yn kwatrinen doch? [pagina 35] [p. 35] Hoe? Hoe, wrâldfrjemde dichter, hoe doarst it bistean Wylst dizze ierde nei de ûndergong teart Wylst tûzenen skrieme om iten en klean To bidden om dingen fan neat? Hoe doarst dy, forbline fan dreamen en waen Wylst in sintfloed de ierde omgiet Op dat kolkjende wetter út farkjen to jaen Yn dy wipp'lige kano, dyn liet? Hoe? neat haw ik oars as dit iene bigeard - Al 't oare is lang al to loar - En as strak de wrâld nei syn ûndergong teart Dan sjong ik it requiem foar. En nêst skipper Noach sil ik noch stean As hy 't fallûk wer iepen set En dan lit ik de dou fan myn hannen gean Om it earste oliveblêd. As in duker. As in dûker, dy't yn 't griene wetter Fan gjin ûnder mear of boppe wit En dy't mient to sinken, wylst er letter Fielt dat er mei gong nei 't oerflak sjit Skimert ek foar my de fiere frede En it deiljocht en de sinneskyn En de súv're gloed fan Gods genede Dy't ek ik, ek ik miskien noch fyn. Vorige Volgende