Krityk yn it koart:
Bruenhildes neilittenskip.
DE WYLDE FUGEL. It samle ferse-wurk fan Simke Kloosterman. Gearstald fan Dr D. Kalma en Ds A.D. Wumkes. Drukkerij Laverman N.V. Drachten 1952.
De titel fan dizze foarse bundel poëzij hat foar my hwat forrifeljends. It is de titel dy't yndertiid troch de skriuwster sèls jown is oan dy lytse rige fan 23 lyryske fersen, dy't yn 1932 fan har ûtkaem: tige persoanlik en hypergefoelich wurk, neat to sterk fan foarmbihearsking, mar dêr't de froulike hertslach waerm en fel yn polske. Sa'n titel wurdt jin eigen en forbynt him ûnforbreklik mei krekt dy lyryske kanten fan dit skriuwsterswêzen, dêr't it adjektyf ‘wylde’ en it substantyf ‘fûgel’ in symboalyske wearde by krije.
Mar dizze Wylde Fûgel bifettet 79 gedichten; al it ferse-wurk dat Simke Kloosterman yn har 63-jierrich libben oan 'e iepenbierens priis jaen wollen hat. Dêr sit dus, út Ruth, ek in hompe epyk tusken as Harald de Romrofte, jeugdwurk fan ‘in Frysk famke’ dat har fortilde, om't har kinnen in oare kant út lei. Dêr rint dus ek de likemin alhiel slagge ballade Lisck fan Eysinga ûnder, dy't hja letter jierren skreau en apart útjoech. It hie my dêrom leaver west, dat de gearstallers in neutrale namme - Samle Fersen of soksahwat - oan dit ‘komplete’ wurk jown hiene. De âlde titel sels hie ommers lykwols biwarre bleaun boppe it fers dat nou op bleds. 42 foarkomt. De bundel fan 1932 hie sels twa fersen mei dy typysk lyryske titel, fersen, dy't wol farianten fan inoar wiene, mar inoar dochs wol safolle ûntrounen, dat it jin nij docht it iene yn dizze neilittenskip net fine to kinnen. De gearstallers sille foar dit weilitten har reden hawn hawwe. Hwer't hja nèt foar koene, is it yn dizze bundel pynlik ûntbrekken fan de fersen, dy't Simke Kloosterman just foar har dea - o skande, o erchtink, o boeregreatskens! - forneatigje litten hat en dêr't jin nou efter yn dit boek inkeld de 53 titels mûltergjend en sfinx-eftich fan oangnize. En krekt yn dát wurk hie faeks it suverste en djipste fan har wêzen foar ús nei foaren kommen. In bigreatlik forlies dus foar ús litteratuer, dat de skriuwster noedzje doarst hat, om't hja de iepenbierens dêrfan, ek nei har dea, gram wie. De Ynlieding forhimmelet dizze taktyk fan de forskroeide ierde hwat, al wurdt de died net alhiel goedpraet, mei dizze wurden: ‘Hja hie folle fan in striidster, in Brünhilde, mar lyk as Brünhilde wie hja tige wounber yn har froulike tearens èn yn har greatskens. It djûrste fan jinsels út to dragen oer dy
merke fan
idelens en wanbigryp dy't de wrâld nou ienris is, dêr koe hja har hiele libben lang min ta komme’. Men tinkt hjir effen oan dy oare Fryske lyrica, Rixt, gjin Brün-