‘Kerk en kunst’.
It moanneblêd ‘Wending’ (maandblad voor Evangelie en Cultuur) hat in dûbeldnûmer wijd oan ‘Kerk en Kunst’. De útjefte is fuortkommen út it kongres oer religieuze en tsjerklike kunst, forline Maitiid yn Amsterdam hâlden. It meastepart fan de artikels yn it nûmer is ûntstien út lêzingen dy't op dat kongres hâlden waerden. Fan de meiwurkers neame wy: prof. dr H. van Oyen (‘De verhouding tussen Christendom en Kunst’), prof. dr W.J. Kooiman, Guillaume van der Graft (‘Functionele Poëzie’), en Ben Albach (‘Kerk, Toneel, Versdrama’).