De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 7]
| |
J.A. Rispens:
| |
[pagina 8]
| |
linken binne hja fan nijsgjirrige saken erkende wittenskippen wurden. En it is dochs wichtich en needsaeklik dat men jin, sagoed as fan it natûrbarren, rekkenskip jowt fan it sielsbarren; dat men ek hjir oarder stelt en siket nei wetmjittigens. En men hat it geandewei as in eask sjen leard, omtinken to jaen oan 'e bigripen dy't men hantearret, oan de draechwiidte en de assosiaesjes fan de wurden dy't men brûkt, net inkeld yn 'e omgongstael en de wittenskiplike publikaesjes, mar likefolle yn 'e poëzij en hwat mei har anneks is. Men soe dit in eask fan de minske syn ethysk wêsten neame kinne. It is grif net tafallich dat de dichter Frederik van Eeden, binammen op it lêst fan syn libben, him sa ynmoedich ta de significa jown hat. Hja wie foar him in fynst, dy't de dichter sawol as de psycholooch yn him likefolle oangyng, syn ‘Signifische Gepeinzen’ tsjûgje dêr fan. De poëzij dochs is gjin skiere dizewrâld, noch kristallinen abstraksje; hja is omline getoel en, hoewol dûnker-romantysk fan komôf, ta stal formearre ynderlike bilibbing. It is it ethyske elemint yn it dichterlik skeppen, dat de dichter de forantwurdlikens bybringt, foarst foar himsels oer, as suver fortolker fan hwat yn him libbet; en twad, fan dit foarste net los to meitsjen, ek foar syn meiminsken oer. Ik doel hjir net op morele scrupules yn 'e bikrompen sin fan it wurd, mar op de seedlike imperatyf fan 'e oprjochtens, it ynderlik gebot fan de integriteit, dêr't it wierhaftich dichterskip mei stiet of falt. ‘Die Dichter lügen zuviel’, sei Zarathustra, ‘aber’, liet hy derop folg'je, ‘auch Zarathustra ist ein Dichter’. De dichters komme der licht ta, woe Nietzsche sizze, oan 'e moaije skyn to offerjen en harren ynderlike wierheit yn aesthetyske fantasijen en selsbigûchelingen to forflechtigjen of to forfalskjen. Mar ‘auch Zarathustra ist ein Dichter’; hy koe de Circe fan 'e foarm en har forliedingen en hy wist, likegoed as Ibsen, dat dichtsjen yn lêste ynstânsje in selsg'erjocht is. Yndertiid hat immen (ik wit net mear hwa) yn 'e litteraire parse (ik wit net mear hwerre) de folgjende útspraek dien: ‘Dichters lige de wierheit’. Dúdlikerwize in paradoks en, lyk as alle paradoksen, pikant, it tinken opskerpjend, mar tagelyk nuodlik. Hwant it is sa forliedlik, mei dit soarte wakker útdaegjende spreuken to kokettearjen. Koketterij nammers is in spul dêr't ús, njirre yn it gers, in | |
[pagina 9]
| |
heimlik gefaer yn driget; en sûnt it Paradys moatte wy foar slangen op ús iepenst wêze. Hwat mei dit ‘de wierheit ligen’ miend waerd, is by effen neitinken wol dúdlik. Mar forfalt men der net licht ta, al to bot de klam to lizzen op it ‘ligen’, en de wierheit as in prozayske bykomstichheit der op ta to nimmen? Lit ús yn elk gefal fêststelle, as hearrende ta de geheimen fan 'e poëtyske fiksje, dat dichterlike wierheit net gelyk stiet mei logyske wissens en saeklike wurklikheit. Saeklike poëzij is in tsjinspraek yn himsels, in ûnding. Dit nimt net wei dat de poëzij, krekt allyk as de moanne, dêr't hja bysûnder op bitrutsen is, binammen yn it wurk fan de romantyske dichters (in oantsjutting, dy't men, soe it goed wêze, as tautology opfetsje moast) ek har skynstalten hat. Men mei út de skynbere saeklikensGa naar voetnoot*) yn foarm en sizwize fan in gedicht, sa't dat b.g'. it gefal is mei it forneamd wurden ‘Awater’ fan M. Nijhoff, dêr't folle mear in aparte, magyske ynfloed falt to fornimmen, net in naturalisme ôflêze, dat mei de moanne inkeld oerienkomt yn it ûntbrekken fan sfear. De wierheit yn poëtyske sin, om koart to gean, is in psychysk forskynsel; hja bliuwt, lyk as it leauwe, de profane eagen fan de saeklik ynstelden forhoalen, en wit har tsjin it lanset fan de rasionalistyske sneupsin to skutten, trochdat hja it formogen mist om harsels, as mei in momkape, ûnsichtber to meitsjen. Mar, as immen it sa fielt, sa sjocht, leit de forlieding dan net op 'e loer, om syn foarstelling fan 'e poëzij, as in ûnoantastber Boeddhabyld, bûten de aksjeradius fan de profane krityk to skouwen? Lit ús dit lykwols gjin forlieding neame, hwant de poëzij is yndied, hwat in technyske ieu forgetten hat: esoterysk. Dat mei gjin reden wêze der in idoal fan to meitsjen. Hwa't dat mient, hat by my gjin krekte opfetting fan de geastlike hiërarchy. De Muze is wol godlik, mar hja is net God en men kin har dus net foar God yn it plak sette. Ovidius nimt sûnder mis syn ‘deus in nobis’ inkeld yn 'e mûle by wize fan sprekken; hy biseach de ‘deus’ lyk as Plato yn it Symposion de Eros. En de Muze en de Eros binne elkoar dan ek nei bisibbe. As it nou sa stiet mei de poëzij, as hja feitlik bûten de minsklike waernimming falt, hat it dan wol doel en praet | |
[pagina 10]
| |
der fierder oer? Ik mien, wiswol. Der is in poëtica, in wittenskip fan 'e poëzij, dy't sa goed as de theology, de godleardens, rjocht fan bistean hat. De poëzij n.l. hat in twaliddich oansjoch, hja hat in godlike en in minsklike kant; hja is as de reinbôge, útspand yn 'e wolken: brêge oer it grounleaze, godlike symboal, dat himel en ierde forbynt. En hjir kom ik tobek op hwer't ik niis al mei in inkeld wurd oer spriek: de psychology en de significa. It liet op 'e wei, net fan it logysk yntellekt, mar fan de psychologyske yntuysje, gear to kommen oer it forskynsel fan 'e poëzij, foar safier it in barren is, dat him ôfspilet yn 'e minsklike siele. Mar hwat is der bard? De psychology en de significa beide binne yn 'e bisnijing rekke fan it natûrwittenskiplik tinken; hja hawwe op har wurkfjild de methoade fan 'e moderne physica oernommen en nou passe hja op 'e poëtyske forskynsels in wurkwize ta, dy't inkeld doeltreffend en talitber is foar it mjit- en weagbere. De technysk-materialistyske mentaliteit skôget, net allinne hwat yn 'e wrâld, mar ek hwat yn 'e siele omgiet, yn it ljocht fan de psychyske oarsaeklikens, hja wol har, sa't hja dat útdrukt, g'jin sânrapen foar sitroenen forkeapje litte, hwant hja ken allinne fan hearren en sizzen it mythyske lân, ‘wo die Zitronen blühn’ en hja sjocht trochstrings mei gekoanstekkerich meilijen op 'e earmen fan geast, de pylgers nei it absolute. De greate dichters hawwe nea ôfwizend foar de wittenskip oerstien, wol foar de scholastyk oer; altyd hiene hja each foar har wearde en bitsjutting, dat leart ús de skiednis fan 'e geast. Mannen as Leonardo en Goethe wiene sels wittenskiplike ûndersikers; Goethe b.g. hie syn wittenskiplike theoryën jimmer op krekte neispeuringen en ekspeariminten foundearre. Mar, hoewol hja har folslein rekkenskip joegen fan de grinzen fan it minsklik kenformogen en dus fan de wittenskip, dochs lieten hja (alteast forskate fan harren) ek binnen dy grinzen de mooglikens fan supranaturele ynwurking jilde; hja sprieken út in djipper witten, in djipper wêsten wei as dat fan 'e kentheoretyske logika. Dêroan ek hawwe wy de folle bleatlizzende útspraken fan Goethe to tankjen (û.o. yn de ‘Gespräche mit Eckermann’) oer it wêzen fan 'e poëzij en it dichterlik skeppingsproses. Hwant de poëzij is, lyk as de relig'y, yn oarsprong mystike iepenbiering. En hwat de theology en de poëtica as systemen fan wittenskip ophoud hawwe is út oarspronklike iepenbieringsfeiten ôflaet. Dat mei nou | |
[pagina 11]
| |
allegearre plausibel lykje, yn 'e praktyk blykt it dat net to wêzen: foar party hat de poëzij de mystike nimbus allang forlern, is hja net mear de ‘heavenly Muse’ fan Milton en in faken (as by Novalis) mei de Madonna lykskôge himelske forskining, mar in jit wol oannimlike, hoewol min ofte mear frivole en fierders wakker gewoane ierdbiwenster wurden. En dat hoecht ek wer net sa'n nij to dwaen, as men bitinkt, hoe 't troch de fatale rin fan de kulturele ûntjowing it wêzen fan de nei Gods byld skepen minske sels ûntglânzge is ta in yn de mealstream fan 'e omstannichheden tafallich delsmiten yndividu, al bisiket men him dan hwat op to wriuwen mei it earmoedige poetsersguod dat it dogma fan 'e minsklike weardichheit is. Hoe soe ek in generaesje, dy't alles wantrout, dy't efter it front fan elke tins in eftertins siket, ja, dy't fan it wantrouwen in sport makke hat; hwaens ûntmaskeringsdriuw in yntellektueel raffinemint, in ûnbidimbere many wurden is en dy't dat har ‘goede g'eiwsse’ neamt, noch oan de poëzij, d.w.s. de transcendinte, romantyske poëzij leauwe kinne? Ja, yn in djip forhoalen skûlherne fan it hert faeks, mar hja soene harsels leaver de sarkastyske tonge ôfbite, dizze saekliken, ekspressionnisten, abstracten, eksperimentelen en hoe't hja fierder hjitte meije, dizze spikerhurde en wisse, mar au fond dochs sa bikleilik ûntwoartele lju, dizze uterlik jimmer spande bôgen, mar ynderlik sloppe koarden, leaver as dat ta to jaen. Mar hja, dy't de knibbels jit net bûgd hawwe foar de Baäl fan it ‘soune forstân’, de efficiency, de psychologyske yntrospeksje, it geastlik ekshibitionisme en hwat der fierder is, sille faeks noch wol harkje wolle nei in pleitrede, dat hja om myn part wol as in oratio pro domo opfetsje meije, hwant ik moat forklearje dat sûnder it romantysk dichterskip de poëzij en dus ek it libben, op it lêst foar my gjin sin hawwe soe. Dit romantysk elemint hinget op it deunst gear mei it iepenbieringskarakter fan 'e poëzij; ‘romantysk’ is in oantsjutting fan it irrationele, bûten de oerlizzingen fan it forstân en de sels-observaesje omgeande, dat fan trochslaende bitsjutting is yn 'e poëzij en dêr't binammen it wurk fan de romantici (en wol yn it bysûnder fan Novalis en Hölderlin) op ôfstimd wie. Mei dat iepenbieringskarakter hâldt forbân it mystike momint of de mystike mominten, dêr't sawol yn it libben fan dichters as yn dat fan mystiken en profeten sprake fan is. Ik leau net, | |
[pagina 12]
| |
dat men hjirút mei wissichheit eat oangeande de kwaliteit, de greatens fan it dichterskip ôfliede kin; earder eat oangeande syn aerd, syn kleur. Hwant ta de skeppende aksje fan it dichterskip binne jit oare eigenskippen fan bilang' as de bysûndere ûntfanklikens fan 'e siel foar de mystike ynfloed. Wol kin men sizze, dat de affiniteit foar dy mystike ynwurking yn dit dichterlik proses nea hielendal ôfwêzich wêze kin. Mar trochstrings is hja mear in net direkt to ûnderkennen mystyk fluïde as in hommelske, forheftige, soms sels suver Paulinyske ‘ynslach’. Yn de ynlieding ta syn Zarathustra-fortaling, sprekkend oer Nietzsche as dichter, woe Marsman der op út, dat de ynspiraesje foar de poëtyske útkomst net biskiedend is: ‘Spitigernôch seit de tastân, dêr't in wurk yn ûntfongen wurdt, oer de wearde derfan op himsels noch neat’; folslein mei rjocht, hwant it technysk foarmformogen is by de dichterlike skepping in foarname faktor (Stefan George seit yn ‘Tage und Taten’ mei oare wurden itselde); oan 'e oare kant lykwols moat der mei klam op wiisd wurde dat, as de ynspiraesje ûntbrekt, of om it platonysk út to drukken: ‘de dwylsin fan 'e Muzen’, in gedicht as poëzij sûnder bitsjutting is. Nietzsche sels hat yn 'e forneamde passaezje oer de ynspiraesje (yn ‘Ecce Homo’) it neije kontakt oantsjutten, dat der bistiet tusken de ynspiraesje en de paratens fan de taelskeppende funksje by in dichter. As ik hjir nou in foarfal forhelje út myn eigen libben, dan hoopje ik net dat ik fan persoanlike idelens fortochl wurde sil. Sa net, nearne is idelens sa bispotlik as dêr't it om 'e poëzij giet; ommers foar de foarnaemste helte is hja klearebare genede, foar de oare, wol minder wichtige, mar likegoed ûnmisbere: arbeid, ynspanning', tucht, of, lyk as Verwey it sa prachtich formulearre hat ‘dream en tucht’. Ik weagje it der dus op, jim it foarfal to fortellen dêr't ik op doelde, dat yn my barde op in neisimmermiddei yn myn sawntsjinde libbensjier. Al fan myn trettsjinde jier ôf hie ik by riten gedichten skreaun, mar as immen my frege hie oft ik fan myn, ik wol net sizze dichterlik talint, mar dichterlike oanliz of foarornearre dichterskip oertsjûge wie, soe ik him gjin frijmoedich andert jaen doarst hawwe, frij fan twivel oan mysels. Allikemin soe ik, op myn herculysk krúspunt fan dy dagen, in oare wei ynslaen wollen hawwe as it stikelige paed fan 'e dichtkunst. Dyselde middei dan hie ik in loop makke troch it prachtige, doe jit folslein | |
[pagina 13]
| |
ienlike, mei stikken bosk en beamtroppen dûnker trochkleure Twentske lânskip. Ik wie op 'e weromreis by de flau bochtsjende Regge lâns. Ik tochte net mei sin oan fersen en poëzij, al hie ik my, ik doelde der al op, fan to foaren mannich kear ôffrege, oft myn driuw ta de poëzij einliks mear wie as in platonyske tagedienens, mear ek as in jeugdopstiging, mar yndied út djippere grounen fuortkaem. Doe, ynienen en sûnder ien merkbere oanlieding, krige ik in wûnderbaerlike g'ewaerwurding, men soe it in antwurd neame kinne, ik fielde my op in stuit, om it ris modern to sizzen, net liker as elektrifisearre; in ûnttein biwustwêzen forfolle my fan to kinnen, hwat ik sa ynlik bigearde, in biskaet bisef fan macht (ik kin it net better sizze) en tagelyk wâlle in fers yn my op en skreau ik (yn myn holle tonearsten) sûnder drigen of stûkjen it folgjende sonnet:
De schilder herfst kleurt alle blaadren geel
En kleurt de bomen in een goudgewaad;
Nu is zo stil de avond, 't windje gaat
Over het blaadrengoud met zacht gestreel.
O, weemoed is 't te weten, dat straks heel
Die stoet van bomen naakt en zwijgend staat
En droevig stemmend peinzen achterlaat
Aan 't door hun takken zingend windgespeel.
Het is zo innig in de herfst, zo zacht
Vloeit herfstmuziek rondom me in loverklacht
Om zomerbloei en zonneweelde en blijde dingen;
De zomerdagen wuiven uit de vert',
Als mensen die gaan scheiden - langzaam werd 't
Weer herfst, en 'k schrei om vreugden die vergingen.
Wylst ik dit fers, al geande by de beek lâns, troch it aloan yn mysels herheljen fan 'e rigels, yn myn ûnthâld fêstlei (jim sjogge, ik hie gjin notysjeboekje mei potlead yn 'e binnebûs, om de demon fan 'e poëzij op to roppen) streamde ûnwitten fielen fan blydskip troch my hinne: it wie my dy middeis, as hie ik de ridderslach fan 'e Muze ûntfongen. Nou koe my, om it populair to sizzen, neat mear oerkomme, of leaver, hwat my ek oerkomme mocht, ik bisiet nou foar | |
[pagina 14]
| |
mysels de ûnwrigbere oertsjûging, dat ik n'en déplaise de hiele wrâld, ek in forkarden wie, dat, lit it my ris bibelsk sizze, ek Saul ûnder 'e profeten wie. Faeks sille de lêzers fan bitinken wêze, dat boppesteand sonnet net lykweardich is oan dat greatske biwustwêzen. Dat is best mooglik, ik sil it net tsjinsprekke en dochs: it wie fan bigjin oant ein ynspirearre, it wie my as genedejefte jown; ik hie it sels net makke en dochs ek wer wol, en it soe my bisterkje as der, hwat sûnder mis barre soe, wer ris twivel opkomme soe yn myn hert. Sa fol wie ik fan dit alles, dat ik mei immen prate moast oer dit op sa'n wûndere wize ta stân kommen fers; ik hie der forlet fan to sjen hoe't oaren derop reägearje soene, oft it yn in oare siel wjerklank fine soe, Lit my hjir fansiden opmerke dat de poëzij ek in forskynsel fan wjerkearig'ens is, nammers yn djipste wêzen troch de Eros bisiele, erotysk (men soe as aphorisme skriuwe kinne, dat winliken alle poëzij erotyske poëzij is) dat hja yn stan holden wurdt troch de wikselwurking fan jaen en ûntfangen en fieden troch it langstme en it bigryp fan 'e neiste.Ga naar voetnoot*) Mar oan hwa soe ik it foarlêze? Myn doarpsfreonen hiene gjin niget oan dizze dingen, stiene der frjemd ûnder, op ien nei, dy't ik doe noch net yntym koe. Myn húsgenoaten dan? Us heit (hwant myn forhâlding ta ús mem wie hiel oars)? Mar ik hearde him, de biwûnderder fan rhetoaren en theologen, fan Kuyper binammen, al sizzen, sa't er al sa mannich kear dien hie: ‘och, dat dichtsjen, jow der dochs mei oer, it bringt dy út de koerts, it hat gjin doel!’, itselde, dat ik letter (ik koe him doe jit net) op dichterlike wize yn Tegnèr lêze soe. Myn broer en myn susters achte ik ek net it gaedlike auditorium, ik wit net mear út hokker bitinken en koe my der faeks ek gjin rekkenskip fan jaen. Mar ynienen foel it my yn: de ‘master’, him soe ik syn oardiel freegje. Hy wie in swijsum, skerpsinnich man, in kromke spotsk, mar minsklik, tige sympathyk. Mear as ienkear hie ik petearen mei him sa flechtich wei; hy seach my, sûnt ik op it gymnasium wie, leau ik min ofte mear as folwoechsen. Op in geleg'enheit wachtsje koe ik net; ik socht him deselde joune op. Mei in ynlieding oer ditten en datten kaem ik foar it ljocht mei hwat my op it herte barnde. Ik frege him, myn fers foarlêze to meijen. Hy harke mei ynmoed, woe it jitris | |
[pagina 15]
| |
hearre, stiek doe as fansels de hân út om it ek sels to lêzen, en nei in tiid fan stilswijen (foar my in ivichheit) frege er, wylst er my oanseach: ‘Siz my nou ris earlik, Jan, hast dat hielendal sels makke?’ mei in toan fan ‘it falt my swier dat to leauwen’. It wie, neffens modern ynsjoch, faeks net paedagogysk dat hy sa bidutsen utering joech oan in biskate twivel, mar it wie sa minsklik. Ik fielde my oan de iene kant in bytsje rekke oer hwat men jeugdige dichterlike ynfierenheit neame koe, mar oan 'e oare kant wie ik forgulde: hy foun it fers dochs blykber sa goed, dat hy syn jonge freon út de buorren, dy't er altyd op it skoalplein mei syn maten fuotbaljen seach, net ta it meitsjen derfan yn steat achte hie. Ik makke der út op, dat ik yndied hwat prestearre hie, dat ik boppe mysels útkommen wie. Net alle kritici, yn 'e rin fan 'e jierren, wiene sa harkré, sa nayf-oprjocht, yn lek jen sawol as yn priizgjen, lyk as dizze boppemaster fan ús doarp. Och, de litteraire krityk is, útsûnderingen net tonei sprutsen, stadichwei in funksje fan ûnpartidige, fan har forantwurdlikens oertsjûge arbiters, in besogne wurden fan foar in part great-ynkwisiteurs fan profesje, foar in oar part fan de clique hânlang'jende pleitbisoargers. En dêrmei bin ik werom by hwat ik niis neamde it minst wichtige, mar ûnmisbere diel fan de poëtyske wurksumens: de technyske biarbeiding fan de poëtyske fynsten, de foarmjowing fan hwat yn it earstoan ynspiratyf ta de dichter kommen is. Dizze technyk, hoewol hja yn oanliz as in spesiale, hereditair formogen oanmurken wurde moat, stiet dochs funksjoneel net los fan 'e ynspiraesje. In fers wurdt net makke as in hoefizer of in segarekistke. Kunst, ek yn har technyske perfeksionearring is hwat oars as kunstfeardigens. De technyske hân, de byldzjende aktiviteit fan de kunstner moat earst binnen it strielingsfjild fan de oarspronklike kearn komme, wol hja har wurk ôfmeitsje kinne: foarmjowing is foarmdriuw. Fan Leopardi is bikend, dat it technysk procédé foar him in soarte herhelle ynspiraesje, eat lyk as in twadde bloei wie en min ofte mear, yn forskate fariaesjes, is dat mei alle kunstners allyksa. Novalis, en yn syn fuotleast letter Van Deyssel, hat de mooglikheit openearre fan in biwust dirigearjen fan 'e ynspiraesje, in soarte foredele dressuer fan 'e poëzij sa to sizzen (anneks mei Van Eedens theory oer it stjûren fan 'e dreamen troch de wil) en ta in hichte komt it dwaen | |
[pagina 16]
| |
fan 'e foarmskeppende kunstner dêrmei oerien. As, oan 'e oare kant, Perk skriuwt dat hy tinzen siket foar syn rimen, dan is dat net, lyk as ûnkundigen trochstrings tinke, in ‘Spielerei’, mar it lit krekt it min ofte mear somnabulistysk karakter útkomme fan alle dichtsjen, dêr't dochs ek de dichter aktyf oan it barren mandélich is: Perk syn rimen binne sa to sizzen de antennen, dy't de wjerljocht fan 'e ynspiraesje oanlûke; men kin se ek forlykje mei de inkelde, ûnwis en taestend op 'e piano oansleine toanen, dy't de folle melodij út har ynderlike slom frijmeitsje. Mar net altyd lit de ynspiraesje har oproppe út it dûnkere nirwana fan 'e siel, of lit my leaver sizze: har deltroaije fan de hichten, dêr't de himelwolken as in wale foar hingje: soms sjocht it langstme as ‘zuster Anna’ om 'e nocht út oer de fiere heuvels. Dêrom is b.g. it forneamde gedicht ‘Kubla Khan’ fan Coleridge ûnfoltôg'e bleaun, en it is net it iennichste. Inkelde opmerkings jit yn forbân mei de ‘tinzen’ dêr't Perk oer skreau, en it boartlik elemint yn 'e poëzij, dêr't ik effen op doelde. Hwat, foarst, dy tinzen oangiet, dy moat men, dêr't der praet is fan poëzij, net yn de logyske sin nimme. Dat wol net sizze dat hja dêrom ûnlogysk wêze moatte soene, mar dat hja net troch tinkend oerliz foarme binne, lans yntuïtive wei ûntstien, meitsje hja in gehiel út mei de rhytmyske, metryske en melodyske eleminten fan it fers en binne dêr net út wei to tillen (in tins, út it fers helle, is net mear de tins fan 'e dichter). As, sa soe men sizze kinne, de logyske tins in stien is, dan is de poëtyske tins in weach; de earste kin men yn 'e hân krije en bitaeste, de twadde torint ûnder ús gryp. En nou it boartlik elemint. It is grif net tafallich, dat de dichtkunst faek by in douns forlike is, hwant hja jowt, oerienkomstich de douns, de yllúzje fan in swevend los fan de ierde wêzen; dêrom libbet in gedicht op de ynderlike spanning, dy't it yn swevend lykwicht hâldt. Lyk as douns en muzyk, de oer-biweging en oer-tael fan ús wêzen, is alle dichtsjen in yllúzje en in boartsjen, mar ik foegje der oan ta: in boartsjen mei earnst as ynset. Sa ryk is de scala fan 'e poëtyske forbylding, dat ik sprekke koe fan de poëzij as in selsgerjocht en de poëzij as in muzyske douns; en dy eleminten slute oaninoar, as de keaten fan in keatling, de krânsen fan in blommeslinger. Lit ús de poëzij as libbensforskynsel earbiedigje; yn- | |
[pagina 17]
| |
kwisitive g'easten meije it hoeden binei komme, mar litte hja net bisykje, it mei kostje hwat it wol, it by middel fan har technysk-wittenskiplike methoade to ûntlidzjen, as gou it in akademyske seks je, en sûnder skrutenens yn syn geheimen troch to kringen. It is goed, en ynsafier is de titel fan dit opstel mear in oantsjutting en in warskôging as in ûnthjit, dat geheimen geheimen bliuwe, útsein faeks yn 'e bycht, en útsein de geheimen fan 'e diplomaty. Om it koart gear to fetsjen: dizze útiensetting birêst op 'e tsjinstelling fan, lit my it sa sizze: de mythologyske en de psychologyske opfetting fan 'e poëzij. De lêste is, globael sprutsen, dy fan dizze tiid, dy't it as in mearke biskôget dat de poëzij út 'e himel delkomme soe, en boppedat alle mearkes hâldt foar maskeraden fan it ûnderwêsten, om de psychiaters foar de kroade to riden. Oan de foarste leaut langer mar in inkeldenien. Der hawwe altyd knypeagjende auguren west, mar dit biwiist neat tsjin de wierhaftigens fan 'e vates. Der is in fers fan Hölderlin, út syn lêste tiid, mei dizze rigels:
An das göttliche glauben
Die allein, die es selber sind.
Men moat dit net forstean, to'n ûnrjochte, as idele selsforheffing, hwant it jin ôfhinklik witten fan in hegere macht hat krekt ta gefolch, dat men nammersto djipper eigen lytsens fielt (‘Ik ben maar een jongetje, door God geholpen’, sa drukte de dichter Kloos it út). Dêr komt by, dat yn 'e mythologyske skôging it godlike alderminst in deus ex machina is, mar op in ynliksten mei it minsklike forfrissele en forweve (‘die göttliche Einslag in die reinmenschliche Existenz’, nei in wurd fan Kierkegaard) dat it him wol tobeklûkt yn 'e tsjusternis fan syn heimenis, mar foar it ljocht komt yn it minsklik al to minsklike karakter fan 'e dichters. Hjirmei bin ik oan 'e ein kommen fan myn skôging; der soe noch wol mear to sizzen wêze, mar neffens in âlde wiisheit moat men jins krûd net yn ienkear forsjitte en boppedat: oan dizze stoffe ûntdekt men aloan nije kanten. It is faeks, strikend mei syn titel, mear in losse causery wurden as in strang'e slútrede. Mar it is de Muze tige tsjin it sin, dat men oer har geheimen to swierwichtich, as fan in kânsel, redendielt; dat is, foar hwa't eat ken fan har spot en har graesje, gjin geheim. |
|