De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 6]
| |
II. Ut ‘Tiid en Ivichheit’
Ik haw it de tún noch net forteld,
- 't Die my tofolle oan;
Ek haw ik noch net de krêft opbrocht
En siz it de bijen oan.
Ik sil it net bringe de strjitte lâns:
Hja kamen net út 'e rie,
Hoe't ik, sa skou en ûnbileard,
Moed om to stjerren hie.
It moat ek net nei de heuvelkant,
- Dêr hie ik myn útflecht sa;
En it bosk, dat leave, moat ek net
Fan myn fuortgean witten ha.
By de tafel it net to lústerjen,
Net in wink to jaen op 'e wei
Dat ik by it Riedsel komme sil
Noch dizze selde dei.
|
|