kant fan it folk soe de spjalt tusken folk en dichter dêrtroch wolris greater wurde kinne ynsté fan lytser; yn elts gefal is it spitich, dat Sierksma op dizze fraech mei gjin wurd yngiet. Foar de ienheit fan Postma's wurk oer is it yndied gjin ‘flauwe skynparadoks’ dat Postma folksdichter is en it ek tagelyk net is, mar is it net noch g'reater paradoks, dat it net ‘folksdichters’ as Tamminga en Schurer binne, dy't Postma sa goed forsteane, mar de Dokkumer essayist Fokke Sierksma, dy't dêrta gebrûk makket fan gedachten út de hjoeddeiske ethnology? De paradoks wurdt net minder great, hwannear't men bitinkt, dat Fokke Sierksma de earste wêze sil, om dizze paradoksale sitewaesje fan litteratuer en biweging ta to jaen....
Om't dizze ienheit tusken folk en dichter in dream is, krije de minsken en it folk yn dizze poëzije in hiel eigen gesicht, hwannear't hja ús sa nou en dan troch dizze dream hinne oansjogge. Sierksma wurket dit net hielendal út, om't hy yn wêzen útgiet fan de tsjinstelling tusken ierde en geast, of yn dit gefal tusken de folksdichter fan 'e sletten mienskip en de út syn mienskip weiskuorde moderne poëet. Postma fielt fakentiids sels, dat hy net de jongkeardel is, dy't de strjitte lâns floitet en ek net de boerefeint, dy't it hea ynhellet. Men kin ek sizze - en de dichter seit it, leau'k, ek -, dat hy allegearre is, dat is yn dit g'efal itselde. Hy rint dit allegearre bylâns en hy wòl der bylâns rinne, dreamend en dichtsjend en dit bringt dy typyske forhâlding ta de minsken en fral fan de minsken ta him yn syn poëzije, hwer't in apart essay oer to skriuwen wie (Fg. bygelyks ‘Hannen’, ek it gedicht ‘Freonen’.). De minsken fine de dichter mar in nuver man; sjoch, dêr rint er, dy man, dy't fersen makket....
Lykwols.... men moat sizze, dizze minsken binne der, hja libje fûleindich yn syn hiele poëzije en dêr leit Sierksma syn gelyk. Ik bigryp dizze poëzije nei dit essay better as foarhinne.
Mei sein wurde, dat dizze sa fruchtbere, foar in part netaesthetyske visy op Postma, der de oarsaek fan is, dat Sierksma gjin wurd seit oer de forhâlding fan Postma ta Rilke? Postma wurdt troch Sierksma sjoen as de dichter fan en foar it folk en dat is yndied krekt it punt hwer't hy en de iensume Dútsker útinoar geane. Dochs wie ek Rilke bern fan de ierde; ek hy wie ien fan dy dichters, dy't de dingen harren libben werom jowe, om't hja de skientme sa