De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 1] [p. 1] E.B. Folkertsma: Koartom. God, it geny en de trou! Farizéër is dy't himsels forbyldt gjin Farizéër to wêzen. Heil in great man, mar wé de mem fan in great man. Yn 'e leafde binne twa oerwóúnen. De boarger is de biskermer fan de dichter tsjin it folk en de massa. Hwat lytser leauwe, hwat makliker deugd. Foar de leafde is de nacht ljochter as de dei. Dy't net flokke kin, kin ek net bidde. Frije is frijmeitsje. Ek de heechste en greatste fan 'e minsken kin net oer syn skaed hinne springe. Yn de natûr forfeelt de minske him. Forfeling is de oarsprong fan alle kultuer. Jei mar ta, fiterje it tempo mar op, jim sille de tiid dochs net ynhelje. O, dy greate einleaze romten - hoe sille wy har folje, wy lytse herten? Vorige Volgende