bringe kin. Hja forkeare yn in Nimmenslân dêr't it gjin noflik forkearen is. Hja freegje fan de lêzers har to folgjen yn dat barbaerske Nimmenslân jenseits de biwende en komfortabele wrâld. Yn dy biwende wrâld hearsket oarder en regel, tradysje, rêst, logika, - yn it Nimmenslân, it Ultima Thulé dêrbûten hearsket desorganisaesje, chaos, ûnrêst, ûnwissens, prae-logika, as ik dat forspijde wurd noch ienkear brûke mei. Hiene de ûntdekkings-reizgers fan earder tiden foar dat Ultima Thulê toebekskrille, dan hie de wrâld noch biheind west ta in stripe lân om in stikje Middellânske Sé. It hie miskien ‘geselliger’ en smouter west yn dy lytse wrâld, mar de histoarje hat it nou ienris oars wold.
En hjir falt ek it kritearium forsteanberheit, mei safolle triomf troch Piter Wybenga út syn hege hoed to foarskyn tsjoend, oan diggels. Hwant hwat seit dy forsteanberheit by einsluten oars as: Bliuw binnen it biwende territoarium, skik yn 'e rige, jow dy del ûnder regel en oarder, mij de chaos. Dat is gjin ketterij, mar IT SUVERSTE KONFORMISME. En as Wybenga dan yn ienen forklearret: ‘Wol dit nou sizze, dat der neat hoecht to barren en alles by it âlde bliuwe moat? Alderminst’, dan wit ik it alhiel net mear. As dy geheimsinnige panasé forsteanberheit de boel birêdde moat (en ûnforsteanbere tael is ûnbisteanbere tael, seit Wybenga), dan hoecht der neat mear to barren, dan is de saek ‘roun’. De fout fan Piter Wybenga is dat hy, hwer't ik it wurd forstânlikheit brûkt haw, dêr mei iens as in bolle op ôfstoud is, mienend of suggerearjend dat ik de forstânlikens as in (negatyf) kritearium foar poëzij jilde litte woe. Mar forstânlikheit is gjin kritearium, allinne mar in feitlikheit, en mear haw ik net sizze wold en net sein. Forstânlikheit is net de iene, skiedbere helte fan in dûbellichem, allinne mar in elemint yn it wurdlichem libjend en syn mear of minder krêft ûntlienend oan de assosiative ladenens fan de kontekst.
Lit my as einbislút jitris, foar de safolleste kear sizze, dat ik it allinne hawn haw oer it prinsipe, dat ik troch dat prinsipe yn to skikken dêrmei 1ste net sizze wollen haw dat ik alle poëzij dy't eksperiminteel dócht as poëzij erkenne wol, en alles hwat op dit prinsipe yn elkoar roppe is út soarte goed achtsje, 2de net sizze wollen haw, dat ik neist dy eksperimintele poëzij gjin plak mear sjoch foar mear tradisionele foarmen - de arrogante opfetting dy't Hans van Straten yn it nijste nûmer fan ‘Podium’ sokke ûnbihearske útfallen yn 'e pinne jit. Hwat ik ál sizze wollen haw, is oantsjutte dat hjir in bisykjen oan 'e gong is, dat wierliken net allinne mei guodkeape phrazen oer ‘moadesucht’ etc. ôf to dwaen is, mar dat de muoite fan it folgjen wurdich is, net allinne om't wy hjir to dwaen hawwe mei in yn alle earnst bidreaun spul, in kunstutering fan de ‘moderne minske’, dy't men op avontûr wizer en minskliker docht to heech as to leech to earbiedigjen, - mar ek om't yn it prinsipe ekspânsjemooglikheden lizze dy't op de poëzij fan de takomst bifruchtsjend en forfrisjend ynwurkje kinne. Ik wol net sizze dat yn it Hollânsk of Frysk op dit stuit gjin tradisionele fersen fan greate wearde mear skreaun wurde of skreaun wurde kinne, - mar al dat it litteraire libben as totaliteit yn Hollân sûnder de eksperimintele kneppel yn it hinnehok frijhwat fêstsitten hie. De Hollânske poëten fan nei de oarloch, mei Achterberg as chirurch, hawwe op har poëzijkultuer de keizersneed ta-