Krityk yn it koart:
‘Just, jawol!’ fan P. Akkerman. Piper en Sâlt út Frysk en Frij. Laverman, Drachten, 1953.
Men soe freegje kinne oft Laverman der goed oan dien hat om in kar út de stikjes fan P. Akkerman, dy't rigelmiettich yn Frysk en Frij steane, nochris wer út to jaen. En dan ek noch sa kreas. Nou kin men it al of net iens wêze mei it foarwurd (‘foar-de-wyntsje’ neamd) fan âld-kommissaris Voordewind, dy't it oanpriizget as remedy tsjin in min sin, as in middel tsjin de swiersettigens dy't it krantenijs bringt. Dêr sil it ek wol ta tsjinje kinne fansels, mar hwerom soe it net goed wêze om ek ris hwat fleuriger kost to nimmen en hwat lichter spul as al dit djipsinnige en swiere, mar ek swiersettige dat as moderne literatuer oanpriizge wurdt? Yn elts gefal hat dit boekje my tige noflike ûren jown, it mei dan ta de ‘hegere’ literatuer hearre of net.
It hat daelk al dit foar dat it gjin inkelde pretinsje hat. Boppedat fortilt de skriuwer him net, bisiket hy net djipsinnich to wêzen noch ekstra geastich. Ta it genus fan de erflike ‘kemikelingen’ dêr't men op brulloften en doarpsfeesten sa faken argewaesje fan hat heart Akkerman lokkich net. En hy kin skriuwe, flot, yn goed folksfrysk, mei libbene petearen en gefoel foar sitewaesjes.
Der wurdt faken ûnderskie makke tusken foto's en tekeningen. De lêste jowe dan tagelyk mear de visy fan de tekener op it gefal, hy kin weilitte en it ien of oare punt ekstra nei foaren helje. Sa sjoen binne dit foto's, mar dan dochs tige knappe foto's, en dat is op himsels in kunst. Hwa't it nea bisocht hat kin it him net yntinke hwat it bitsjut alle wiken alweroan in stikje yn itselde genre te skriuwen. As kollega(koarstekoeke)-bakker, dy't ek fan sok daei tiden lang lytsguod bakte, nim ik myn pet foar de skriuwer ôf. Alle wiken alweroan, en it mei net to kliemsk wêze, net to brún bakt, net to dit en net to dat, gean der mar oan stean.
Dit is streksum baksel, as men der mar om tinkt dat men it net by it kuorfol nimme moat. Krekt as alle medisyn: om 'e ûre in leppel. Oars lêst men oer it bêste hinne en liket it to igael. Inkelde kippe der har út, in klasse apart. Dan wurdt it ta hege humor, mei in tragyske ynslach. En dat is net forsearre, hwant Akkerman hat hert foar de skeamelen en de skurven, de lytsen en de ûnwizen. Sa jowt dit boekje út en troch aparte forrassingen, net mear in gewoan plaetsje, mar skerpe en fine kunstfoto's.
Kollega, hâld der mei oan! Hwa't in set ophâldt kin de aparte trant foar sok wurk net mear fine, leau dat in rêstend bakker mar.
W. KOK.