har bisibbe. En dat net allinne, mar ek brocht er har yn forhef. Der kaem hwat fan glâns oer it bistean to lizzen. Troch him krigen hja treastlik aen of moedige yllúzje, dat it libben, it lijen, de striid fan it folk sin en bitsjutting hat. Sa biskikte Brolsma harren ûren fan lyts, bilangryk lok. Syn wurk koe har forsoene - of hja fornamen de strider der yn.
De strider yn Brolsma moat men net ûnderskatte. Der is wolris to folle makke fan 'e eleminten fan gemoedlikheit, birêsting, wémoedich oantinken, swiersettichheit, needlot en al soks yn syn wurk. Dat sit der allegearre sterk yn, mar net allinnich en net ûnformongen. Hwa't safolle en mei sa'n tige niget in stik maetskiplike striid biskriuwe kin, it soe al wûnder wêze, as dy sels gjin sin foar striid hie. Nei jierren mei it my noch altyd tinke, hoe finael Brolsma yn in skets yn 'e Ljouwerter Krante ris in Teade Donker ôfstraft hat, dy't in reismannich dom to kear gien wie tsjin Frysk ûnderwiis. Gauris komt men yn syn forhalen fan dy flymjende setten of agressive útfallen to mjitte, dy't de klank fan protest en forset hawwe. Dat docht er net altyd op 'e selde wize: soms yn 'e gong fan it forhael, soms yn petearen tusken hanneljende figueren, mar dan ynienen direkt en oertsjûge, dat men net hoecht to twiveljen troch hwaens mûle de skriuwer sprekt. Mar ek faek yn petear mei de lêzers (en, lûdop tinkend, mei himsels?) - dy eigenaerdige foarm dêr't Brolsma, tusken de bidriuwen troch, him yn bijaen kin, de gong fan it forhael wol steurend en út in literair each net altyd sûnder biswier, mar ta direkte kennis fan 'e man en syn skôging oer maetskiplike, kulturele of seedlike kwestjes fan bisûndere bitsjutting. En hwat Brolsma yn syn wurk binammen striidber makket, is de meilydsumheit dy't der út sprekt mei de stridenden, it manlik meilibjen mei de lytsen, de ûnmaetskipliken en de forskovelingen, dat sterke elemint en fluïdum yn dizze fortelkunst. Bistiet der wol hwat, striidberder as in ûnsentimintele barmhertichheit?
Brolsma is alris sosialist neamd. Der is gjin biswier tsjin dy namme, as hja, lostocht fan alle partijbigryp, mar yn primitive bitsjutting nommen wurdt en net brûkt ta grinssetting. It bêst soe dizze minske noch thúsheard hawwe yn 'e formiddens fan 'e Fryske folkspartij. Forsafier't men, by safolle Frysk-liberale tradysje, dochs fan sosialisme sprekke kin, is it gefoelssosialisme. It hat in ethyske, in