| |
| |
| |
H. Beem:
Ut de skiednis fan de Joaden yn Fryslan.
Okkerdeis stie der yn 'e kranten in birjocht, dat de doarpssynagoge fan de Gerdyk, al gâns in skoft yn forfal, sloopt wurden is. Dêrmei is it lêste gebou fordwoun dat bûten Ljouwert it oantinken oan de eartiids bloeijende Joadske mienskip yn Fryslân wekker hâldde. Bûten Ljouwert binne nou allinne de Joadske tsjerkhôven oerbleaun.
It stiet net yn 'e kiif, dat de greate hannel fan de Fryske stêdden yn de midsieuwen ek yn Fryslân fan dy gefolgen west hat, dat har hjir Joaden nei wen jen setten. Mar it ienige dat wy oant nou ta fan harren witte is, dat hja om 1350 hinne, doe't de Swarte Dea yn Europa húshâldde, lykas yn safolle oare streken, útmoarde waerden. De biskuldiging, hja hiene mei forgif, gearbroud út spinnen, ûlen, kikkerts, evertassen, basiliskefleis, Kristenherten en hostydaei it drinkwetter bidoarn en dêrtroch de goarre op har gewisse, sil hjir yn Fryslân moai wis ek wol bikend wurden wêze om ynpleats fan it drinkwetter de geasten to forgiftigjen. Allinne de Memorboeken fan inkelde Joadske gemeenten biwarje it oantinken oan dy earste Joaden yn Fryslân.
Yn de 17de ieu wurdt der fannijs skreaun oer Joaden yn ús gewest. Neffens Eekhof (1) wennen hja yn 1645 al yn Ljouwert. Dat is foar Nederlân tige ier as men bitinkt dat de Heechdútske Joaden yn Amsterdam yn 1635 foar de earste kear machtich genôch wiene om meielkoar tsjerketsjinsten hâlde to kinnen. De saneamde Portugeeske Joaden, flechtlingen út Spanje en Portugal, hiene har al in tweintich, tritich jier earder yn Nederlân festige, mar dy kamen hjir yn Fryslân komselden foar.
Op 23 Juny 1670 wurde yn in resolúsje fan de Ried fan Ljouwert ‘Jacob de Jode ende syn familie ende een neeff van Collum geconsenteert de ledig'e plaats achter de flits om tot een begraffenisse te mogen gebruiken’ (2). Dat de Joaden yn Ljouwert writen diene om in eigen tsjerkhôf, wiist der wol op dat hja fan doel wiene, har hjir nei wenjen to setten.
De Joaden, dy't har yn dizze kontreijen festigen, kamen
| |
| |
foar in great part út East-Fryslân, binammen út Emden. Koenen seit yn syn Geschiedenis der Joden in Nederland: ‘Behalven de Hoogduitsche Joden, die zich in het beschreven tijdvak te Amsterdam vestigden, vond men er ook, die zich in Friesland en Groningerland neêrzetteden. Waarschijnlijk waren deze Israëlieten afkomstig uit Oostfriesland, alwaar zij, vooral te Emden en Aurich, de aloude, vermaarde wijkplaatsen ook der Protestantsche ballingen, reeds vóór hunne aankomst in Nederland door de Regering van die gewesten geduld werden’ (3). De boarnen dêr't it archyf fan de Joadske gemeente yn Ljouwert oer biskikt wize út, dat dizze forûnderstelling fan de net-Joadske histoarikus Koenen goed is.
Njonken Ljouwert, dêr't wy aenst op weromkomme sille, ûntjoeg'en har yn de 17de en 18de ieu ûnderskate lytsere gemeenten. Mei fan de allerearsten wiene Harns, Warkum, Hynljippen, Boalsert en frjemdernôch ek Noardwâlde. De Tegenwoordige Staat van Friesland fornijt, der wiene synagogen yn Ljouwert, Harns en Noardwalde (4). It seit himsels, dat de hannelsstedtsjes by de kust lâns dizze minsken, dy't foar it meastepart fan de hannel libje moasten, oanloeken. Hwat harren nei Noardwâlde triek is net sa maklik út to meitsjen. It âlde tsjerkhôf, midden yn it fjild en al sûnt langer as in ieu forlitten, swijt. Grêfstiennen steane der net mear op dit rûch biwoechsen stik lân. Der leit allinne noch in heale stien mei it jiertal 5575 (= 1815) derop.
Ien fan de âldste Joadske delsettingen wie Warkum, dêr't ek de Joaden fan Hynljippen har deaden bigroeven. De goed lêsbere Hebrieuske opskriften op it tsjerkhôf neame û.o. de j iertallen 5436 (= 1676) en 5450 (= 1690). Der moat hjir dus al ier in Joadsk gemeenteforbân west ha. It archyf fan it Frysk museum yn Ljouwert bifettet dêroer noch inkelde oantekeningen út de foarige ieu: ‘Van ouds plagt er te Workum, provincie Friesland eene talrijke Israelitische gemeente zoo van duitschen als van Portugeezen te bestaan, dewelke echter, waarschijnlijk nadat aldaar door de zee veel stukken grond en land verzwolgen zijn geworden zich naar andere plaatsen, zoals naar Amsterdam, Rotterdam, 's Hag'e, Emden enz. met ter woon hebben begeven, dat er van tijd tot tijd, indien tot de nog bestaande oude begraafplaats te Workum eenige reperatie of onderhoud vereischt wordt, door de Parnassijns te Leeu- | |
| |
warden naar bovengemelde plaatsen wordt geschreven om iets tot de kosten ten behoeve van gemelde Begraafplaats bij te dragen, vermits de voorzaten van vele aldaar wonende Israelieten op die begraafplaats begraven zijn’ (5).
It is mar in lyts hoekje groun en sa botte machtich yn tal kin de Joadske bifolking fan Warkum dus net west hawwe. Mar de kearn fan it forhael is dochs wol wier. It is in tige âlde delsetting, dy't al ier weikwynde, tagelyk mei de weikwinende séhannel fan ditsoarte stedtsjes.
De Leeuwarder Saturdagsche Courant fan 18 Augustus 1764 bifette de neikommende publikaesje: ‘Aangezien het Jooden Kerkhof tot Workum zeer vervallen is, zoo is 't dat de Ed. ag'tb. Magistraat van voornoemde stad een iegelijk adverteert, dat die regt van Eigendom aan 't zelve praetendeeren te hebben zig zal hebben te adresseeren aan haar Agtbaarheden voor den eersten November naastkomende, bij Poene dat de Graven zullen vervallen aan de Stad, om te vergoeden de reparatieonkosten’.
Blykber wist de magistraet net, hwa't hja hjirfoar oan moast, en dêrút mei men wol opmeitsje, dat der al yn 1764 gjin inkelde Joad mear wenne. De oerstreaming sil it wol net fan kommen wêze, ornaris spylje oarsoarte ekonomyske faktoaren in rol.
Der waerd yn Ljouwert lykwols wurk fan makke. It resolúsjeboek fan de Joadske gemeente yn dy stêd kin men, yn it jier 1765, in forantwurding fan ynkomsten en útjeften yn fine op rekken fan it ‘Jooden Kerkhof tot Workum’. Mei dizze wurden: ‘Ik heb ontvangen van onderstaande gemeenten voor de kas van onze gemeente ten behoeve van het in orde brengen en de reparatie van het huis der Eeuwigheid te Workum’. En dêrnei folgje dan de bydrag'en, ynkommen út de gemeenten yn Amsterdam, Emden, Harns, Den Haech en Rotterdam, en ek de útjeften fynt men dêr optekene. (Oersetting út it Jiddysk origineel.)
Hwat de útdrukking ‘Huis der Eeuwigheid’ oanbilanget mei der op wiisd wurde, dat de bineaming tsjerkhôf yn Joadske boarnen net foarkomt, hwat út de etymology fan dat wurd dúdlikernôch wêze sil. Yn pleats dêrfan keazen de Joaden symbolisearjende útdrukkingen lykas: Hûs fan de Ivichheit, Hûs fan it Libben en binammen ek it sinfolle ‘Gut Ort’.
It hoecht jin gjin nij to dwaen dat in havenstêd as Harns al tige ier Joaden oanloek. Stiennen fan it âlde tsjerkhôf
| |
| |
en opskriften op sulverark fan de synagoge wize út, dat hjir ek al lang foar 1700 in Joadske mienskip bistie. Yn 1875 wie de synagoge ûnderbrocht op de boppefordjipping fan it Huis der zeven Gevels op de súdkant fan de Oksemerk. Yn 1812 krige de gemeente in eigen g'ebou, dat noch yn 1897 alhiel fornijd waerd. Under de Dútske bisetting waerd it troch in bomynslach foar in part fornield; nei de oarloch wie it sa goed as hielendal fuort.
Foar in Joadske gemeente ‘yn de provinsje’ wie dy fan Harns ryklik great. Hja telde yn 1879 oer de trijehûndert sielen, net allinne hannelslju, mar ek ambachtslju en boatwurkers, sa't, blykber by wize fan kuriositeit, mei sin apart oanjown is (6). It âldste fan de beide tsjerkhôven wie yn de rin fan de jierren sa yn forfal rekke, dat it okkerdeis ûntromme is. De bienten binne nei it nije tsjerkhôf oerbrocht.
Boalsert hie ek al ier - ier is ek hjir bidoeld yn forhâlding ta de festiging fan de Joaden yn dizze lannen en dus bitreklik - Joadske ynwenners binnen syn poarten. Op de 21ste Desimber 1748 leine de ‘Israëlieten’ fan Boalsert de eed ôf op it ‘Reglemint van Z.D.H. den Heere Prince van Oranje en Nassau’. De eedsformule wie sa: ‘Gij zweert bij den Almagtigen en levendigen God die Hemel en Aarde geschapen heeft, en door Mozes zijne wetten gegeeven; oprecht en waarachtig te zijn, 't geene U alhier g'evraagd of voorgehouden wordt; en zoo gij int geheel of ten deele iets valschelijk of ten onregte verklaart gij U alle tijdelijke en Eeuwige vervloekingen, plaagen en straffen onderwerpt dewelke de God Israels over die van Sodoma en Gomorra ook Korah, Dathan en Abiram heeft gezonden en allen den zoodanigen gedreigt, die Zijnen Naame valschelijk ende lichtvaardiglijk aanroepen en gebruiken. Zoo waarlijk helpe of straffe mij, of U de Almagtige en Alweetende God, Schepper des Hemels en der Aarden’. In eedsformule dy't oars net origineel-Boalsertersk is. Hja wie nammers yn dit g'efal ek alhiel oerstallich, hwant de Joaden wiene mei fan de fûlste oanhingers fan it Oranjehûs.
Boalsert hie ek twa Joadske tsjerkhôven. ‘Op 25 Januari 1786 werd de Joden op hun verzoek vergund een kerkhof voor de afgestorvenen hunner natie daar te stellen’. Froedsman Reinder Loienga forkocht harren foar dat doel in stik groun oan de stêdswâl foar de Nijbuorren oer. Allinne in buordtsje mei it opskrift ‘Begraafplaats der voormalige
| |
| |
Joodse gemeente te Bolsward’ en in mennich pealtsjes dogge útwizing hwer't it tsjerkhôf eartiids to finen wie. Yn de oarloch binne hikken, beammen en stiennen fordwoun of fornield. Alle oare âldheden yn Boalsert binne sparre bleaun. Doe't it âlde tsjerkhôf op de stedswâl hielendal fol wie, is der njonken it algemiene tsjerkhôf in oaren oanlein. Lang foar't dat fol wie, waerd de Joadske gemeente yn Boalsert ûntboun. En ta bislút mei noch meidield wurde, dat dizze g'emeente op 22 Maert 1786 troch de magistraet erkend waerd en dat it by dy gelegenheit goedkard Reglement yn syn hiele hear en fear opnommen waerd yn it sechde Politieboek fan de stêd, appendix fol. 49.
By âlds wiene ek yn guon oare stêdden en doarpen fan Fryslân, lykas Dokkum, Frjentsjer, Makkum en sels yn Surhústerfean (dit doarp wurdt neamd yn in Joadske boarne fan 1761) Joadske húshâldings festige. Dy ha it lykwols lang net oeral ta gemeentefoarming bringe kinnen. Minder âlde gemeenten binne dy fan de Gerdyk, it Hearrenfean, de Lemmer en Snits.
De Lemmer wie yn de achttjinde ieu in pleisterplak foar de Joadske keaplju dy't fan Ljouwert nei Amsterdam reizgen. It hannelsforkear moat doe nochal drok west hawwe, hwant yn de forneamde herberge ‘De Wyldeman’ hinge yn it jier 1770 in buordtje dat yn Hebrieuske karakters tynge die, hja hiene dêr ‘koosjere’, d.w.s. ritueel tastiene wyn to keap (7). Tichteby de Lemmer die him ek de skipbrek foar, hwerby't in forneamd midsieusk Hebrieusk hânskrift yn de weagen fan de Sudersé forlern gie. It waerd opfiske troch in skipper, dy't it oan in Joad op 'e Lemmer oerjoech en troch dy syn tadwaen kaem it yn Amsterdam, dêr't it nou noch to finen is yn de Bibliotheca Rosenthaliana. De Joadske gemeente fan de Lemmer is ek inkeld en allinne noch mar it tsjerkhôf oan de âld sédyk by Teakesyl fan oerbleaun. Dat tsjerkôf bistiet út in heech en in leech part. It lege part wie mei wiet waer omtrint net to brûken, om't it wetter dan fuortdaliks yn de dolde grêven roun, dat de kiste wie suver net to plak to krijen. De Joadske ynwenners fan de Lemmer hear den almeast ta de mindere man en hja moasten yn sa'n gefal in birop op oaren dwaen. It tsjerkhôf yn it Oranjewâld by 't Hearrenfean koe der komme mei help fan in jefte fan ien fan de Rothschilds yn Parys, mar op 'e Lemmer hiene hja de mooglikheit om help to krijen tichter by hûs. Yn 1876 skonk Jonkhear Van Swinderen,
| |
| |
boargemaster fan Gaesterlân, oan de lytse gemeente in stik groun en dêrmei wiene de swierrichheden út 'e wei. Hy wie de goeddwaner fan hiele Gaesterlân en omkriten. In nommel ealman, dy't holp sûnder ûnderskied fan leauwe of ras (8).
Al hat hja dan net great west, bilangryk ek yn ekonomysk opsicht foar de omkriten wie de gemeente fan de Gerdyk dochs wol. Hja wie, as plattelânsgemeente noch wol, suver forneamd hiele Nederlân troch. Dat kaem foar in part troch ien fan har soannen, dy't as ‘de Gerdiker’ rounom yn it Joadske Nederlân bikend wie. Syn namme wie eins Kalf, mar dy wie njonken syn bynamme dy't syn komôf oanjoech alhiel yn 't skaed rekke. Noch hjoeddedei wit de âlde generaesje to fortellen fan de tige wurdearre prestaesjes fan dizze sjonger, dy't as chazan (likernôch itselde as: foarsjonger) lange jierren yn de synagog'en fan de haedstêd syn triomfen fierde.
De Gerdyk wie ek bikend om har eptige doarpssynagoge, in stylfol geboutsje, dêr't de greate synagoge yn Ljouwert min ofte mear as foarbyld foar tsjinne hie. It waerd yn 1807 ynwijd, it hûndertjierrich bistean waerd yn 1907 noch yn folle gloarje fierd, mar doe wie it Joadske libben dêrre al yn 't neigean. Fuort foar de oarloch wiene der mar in mennich húshâldings mear. De skoalle, yn 1856 boud, wie oerstallich wurden.
Jonger, mar net sûnder oansjen yn har bloeitiid, wie ek de gemeente fan Snits, dêr't de synagoge yn 1836 stifte waerd. It moaije ynterieur waerd yn de oarloch folslein fornield. Allinne de muorren bleauwen oerein. Op itselde sté is nou in tekstylbidriuw.
De bilangrykste yn elk opsicht wie lykwols de Joadske g'emeente yn Ljouwert, fierwei. Wy hawwe yn it bigjin fan dit artikel al de resolúsje oangeande it tastean fan in leech stik groun as ‘begraffenis’ sitearre. Sa'n tastimming wie hielendal net sa fanselssprekkend as wy, yn dizze tiid, faeks tinke soene. Yn Grins byg. duorre it in hiel skoft ear't hja it dêr safier krigen. Oant yn 1747 wie der foar de Joaden dêrre gjin oare wei op as har deaden earne oars to biierdigjen, û.o. yn Ljouwert, hwat yn dy tiid frijhwat lêst en kosten meibrocht. De magistraet fan Ljouwert tocht der oars oer. Krekt oarsom as Efron de Hetyt (Gen. XXIII) en syn fiere sibben de Hetiten fan Grins, wiene hja ré en stean it forsyk fan de Joaden sûnder folle fiven en seizen ta. En
| |
| |
al wer krektoarsom as Efron fregen hja gjin fjouwerthûndert sikkels sulver, mar hiene hja genôch oan fiif goune jiers.
Nei 1670 komme de Joaden hieltyd opnij yn de stêdsresolúsjes foar. Net altyd mei sokke noflike wurden of bidoelingen, faek mar frijhwat skerp, en altomets fynt men sels gunsten en minder noflike dingen suver tag'elyk. Sokke dingen, op it each tsjinstridich, binne foar in part to forklearjen as men wit, dat de gunsten bidoeld wiene foar de Joadske ynwenners, foar in part keaplju fan oansjen, dy't troch har hannel de woltier yn de stêd bifoarderen, wylst de minder noflike dingen almeast ornearre wiene foar de earme Joaden dy't fan bûtenút kamen en faek bisochten stil yn 'e stêd to kommen. Yn it foarste plak wie it stêdsbistjûr bang foar in to greate tarin; hja eangen lykas de Pharao út Exodus I, it folk fan de bern fan Israel soe talriker en machtiger wurde as it eigen folk. Al soene de stêdsbistjûrders har krektoarsom as dizze Pharao gjin soargen makke hawwe oer in úttocht.
Yn it twadde plak wiene hja bang, de Joadske gemeente soe net by machte wêze en ûnderhâld de earmen, dy't dan op 'e noed fan 'e stêd komme soene. Fan dy gefolgen gâns ‘skerpe resolúsjes’ om in greate tafloed fan Joaden tsjin to gean, al waerden dy resolúsjes dan meastal sa skerp net útfierd. It stie der min foar doe't Rebecca Isacqs foar de trije lytse bern fan har suster Feiltje (nei alle g'edachten in dame dy't net al to froed libbe) om ûnderhâld forsocht. Dat waerd wegere troch it stêdsbistjûr en doe spriek Rebecca it Provinsiael Hôf oan, dat strang oan de letter fan de wet fêsthâldde en der op út woe, de stêd hie foar dit ûnderhâld to rieden ‘omdat er vooralsnog geen wet gevonden wierde, die de Joden constringeerde om haar eigen armen te onderhouden en dat ter contrarie 't reglement nopens 't onderhoud der armen geëmaneert 't selve onderhoud legt ten laste van de dorpen en steden sonder de minste onderscheit tusschen eenige geloofsgenoten te maken’. Dit wie hwat in nuver gefal. De Joaden stiene tige op it ûnderhâlden fan de eigen earmen. Joadske boarnen út dy tiid binne der net, mar lykwols mei men wol oannimme, dat it hâlden en dragen fan juffer Feiltje reden joech foar de twifel oft har bern troch de Joadske g'emeentebistjûrders wol as bern fan it âlde folk yn de eigentlike sin fan it wurd biskôge waerden.
Hoe't it ek wêze mei, de stêd spriek mei in rekwest dat
| |
| |
op poaten stie de ‘Edelmogende Staaten’ fan Fryslân oan. Hja skilderen de rampsillige gefolgen fan dit presedint mei sterke wurden mei de klimaks ‘dat U:Ed Mog: voor de totale ruïne van der deducenten Stad sullen gelieven sorge te draegen’. De Steaten fan Fryslân sprieken op 11 Maert 1748 in soarte fan Salomo's oardiel út, hwerby't ‘de Joodse Gemeentens’ oplein waerd ‘om sorge te dragen voor het onderhoudt van de armen haarer Natie’. Dat bitsjutte gjin foroaring yn de bisteande praktyk, mar it gyng derom oft it wol ‘armen haarer Natie’ wiene.
De resolúsjes oangeande de frjemde Joaden waerden geregeldwei herhelle en op 5 Maeije 1752 waerd sels Joseph Abrahams seis dag'en op wetter en brea yn it hounegat set omdat er mear as ienris frjemde Joaden oan ûnderdak holpen hie.
Yn de twadde helte fan de achttjinde ieu bigoun de wyn hwat mylder to waeijen en waerden de Joaden yn forskate opsichten oan oaren lyksteld. Sa waerd, om noch ris op it sjapiter fan de earmen werom to kommen, op 18 Novimber 1766 troch Deputearre Steaten goedfoun, dat ‘in Conformite hetgeene aan andere gezindheeden is toegestaan mede aan de Joodsche Natie alhier’ frijstelling fan bilesting foar ûnder de earmen to forparten turf forliend waerd. Oare útdielingen foelen der ek al ridlik gau ûnder. De folsleine lykstelling kaem pas yn 1798.
Dat de swierrichheden dy't wy hjirboppe neamden foar in part ek fuortkamen út de eangst foar konkurrinsje troch de nij-ynkommelingen, docht hieltyd op nij bliken en kin elk fierder fan tinken wol ha.
Fan folle mear bilang as al dizze uterlikheden is de inerlike ûntjowing fan de Joadske gemeente Ljouwert, dy't har njonkenlytsen ûntjoech ta ien fan de wichtichste Joadske kultuersintra yn Nederlân. Lange jierren stie hja yn kultureel opsicht en ek yn tal yn it Noarden boppeoan. Noch yn 1812, doe't troch it regear fan Napoleon in organisaesje foar it Nederlânske Joadendom ta stân brocht waerd, stie der yn it bislút fan de Prefect datoangeande it kêst, dat de Grand rabbin en it Consistoire fan de trije Noardlike provinsjes yn Ljouwert festig'e wêze soe, omt hja dêrre it machtichst wiene, wylst út de bineaming fan de leden bliken docht, dat dêr ek de kar fan gaedlike minsken greatst wie (8).
De âldste synagoge (fan foar 1700) moat yn in tún efter
| |
| |
in hûs op de Foarstreek west hawwe. De iene ein fan it geboutsje wie dan synagoge, de oare de Roomsk-Katholike Staesje, ‘bien étonnés de se trouver ensemble’. Yn 1755 waerd de 18de-ieuske Fryske synagoge yn de Sakramint-strjitte boud, dy't om 1800 hinne to lyts wurden wie. Yn 1805 kaem de tsjintwurdige synagoge der foar yn 't plak. Dy waerd om deselde reden yn 1855 forgreate, mar de pittoreske gevel waerd dêrby jammerdearlik skeind (9).
Yn de tiid fan har greatste bloei telde de gemeente trettjin- oant fjirtjinhûndert sielen. Hja wennen meastepart yn in frijwillich ghetto, in eigen wyk om de Greate Synagoge hinne. De gemeente hie boppedien noch in skoalle, in bistjûrsgebou, de s.n. Dusmus-skoalle, in namme dy't it oantinken oan ien fan de bikendste opperrabbinen fan Fryslân biwarret. En dan stie der yn 'e Speelmanstrjitte it s.n. Bethamiedrasj, dêr't oant 1940 alle jounen gâns minsken binammen út 'e legere stân har nei it deistich wurk setten ta bibelstúdzje en oare Joadske wittenskippen.
It wie in gemeente mei in tige eigen karakter, dy't ûnder har geastlike lieders forneamde rabbinen kend hat, mear as ien fan harren hie in ynternasionale namme. Hja hat û.o. greate ynfloed útoefene op de ûntjowing fan de synagogale muzyk yn Nederlân. It s.n. Ljouwerter chazanoet wie en is sels nou noch it hiele lân oer bikend.
De Fryske Joaden rounen der út troch har greate oanhinklikens en sterke oanpassing oan har bertegroun dêr't hja de tael en gâns in stikhinne ek de seden en brûkmen fan oannamen, sadat byg'. it Frysk earizer ûnder de froulju hiel gewoan wie. Dat hja dêrby eigen karakter net forsaken en greatsk bleauwen op har Joad-wêzen moat hjir likegoed neamd wurde.
Yn Hebrieuske transkripsjes fan Fryske plaknammen moetet men gauris de Fryske foarm, lykas byg. yn Boalsert, wylst ‘Gerdiek’, mei de Fryske útspraek fan de g en allegear, sels yn offisiële Hebrieuske akten foarkomt. De oanpassing docht ek wol bliken út de nammen dy't hja yn 1811 en 1812 oannamen: Turksma, Drielsma (dêrfoar: Drielst), Leefsma, Feitsma, Oostra, Hoornstra, Vriesema, Dwingersma, Haaxma e.o. Eigenaerdich is hjirby de namme De Vries, dy't ek faek yn Grinslân foarkomt. It hat gjin doel, jin yn Ljouwert De Vries to neamen en foar 't neiste waerd dy namme dan ek al oannommen, foar't hja har yn Fryslân nei wenjen setten, troch Joaden út Eastfryslân
| |
| |
dy't it iene of oare tuskenstasion lâns hjir bilânne wiene. Soms sit der yn dy op 't each folslein Fryske nammen dochs in Joadsk elemint, lykas byg. Feitsma, dat yn dit gefal net fan it Fryske Feitse, mar fan de Jiddyske foarnamme Feis komt. Yn 1811 waerd dy namme dan ek Veisma skreaun. Sokssahwat hat men ek mei de namme Leefsma. Winkler, yn syn Friesche Naamlijst, skriuwt datoangeande: ‘Leefsma, deze geslachtsnaam, eigen aan eene Joodsche maagschap in Friesland, is g'evormd van den Hebreeuwschen mansnaam Levi met onredelijke en eigenmachtige achtervoeging van den Fr. geslachtsnaamuitgang sma’ (10).
Unreedlik? As in groep har mei opsetsin isolearret is de wrâld om har hinne gau klear en nim har soks kwea ôf. Oarsom is it faek ek al net goed. Winkler is oer dizze forfrysking mar min to sprekken. Mar typearjend bliuwt sa'n oanstriid ta forfrysking dêrom likegoed.
Oant om ende by 1880 is de Joadske bifolking yn Fryslân noch hieltyd evenredich oanwoun. Dêrnei roun it allike evenredich tobek. Foar in part hat men hjir to krijen mei it algemien forskynsel fan de sûging fan de greate stêd, foar in part binne der bysûndere oarsaken. Binammen yn Ljouwert hearde in g'reat part fan de Joadske bifolking ta de lytse lju.
Men sjocht raer op as men de lange listen fan de troch it Ned. Isr. Earmbistjûr yn dy dagen bidielden neigiet. Bygelyks: yn 1840 wiene der 1150 Joaden, 350 dêrfan waerden bidield. Der wiene wol in mennich kleanmakkers, skuonmakkers, fervers ensfh. ûnder, mar fierwei it meastepart moast it brochje dochs by de streek fortsjinje. En de rêdde groei fan de gemeente gyngen de mooglikheden om op dy wize oan de kost to kommen net lykop mei. Krekt oarsom. Doe't it forkear makliker en al njonkenlytsen útwreide waerd, kamen de reizgjende keaplju en bakjerinders der min foar to stean. De bining en de oanhinklikens oan it âlde biwende formidden en de stêd dêr't men wennet, kin men lykwols net fan bistean en sadwaende bigoun sa likernôch yn de tiid dy't wy hjirboppe neamden, de úttocht fan de bern fan Israel út Fryslân wei, binammen nei Amsterdam dêr't de diamantsliperij doe in bloeitiid bilibbe en alderlei oare mooglikheden wiene. Om in inkeld foarbyld to neamen: yn 1907 by it fieren fan it hûndertjierrich bistean fan de Gerdykster synagoge hawwe 41 Joadske âld-ynwenners har âlde ‘kille’ meielkoar in geskink oanbean (hja bisloegen
| |
| |
fansels mar in lyts part fan al dyjingen dy't fuorttein wiene). Der wennen 23 fan yn Amsterdam en achttjin yn oare plakken fan Nederlân. Dizze sifers, op harsels lyts, meitsje dochs meielkoar in great persintaezje út fan de net mear g'reate gemeente.
Yn 1940 wie der yn Ljouwert, dêr't hja har navenant noch it bêste hanthave hiene mei't hja in part fan de bifolking fan de lytsere gemeenten oantrieken, noch mar likernôch de helte fan it tal yn de bloeitiid, meielkoar sa tusken de 700 en 800 sielen.
Yn de lêste jierren hat Fryslân fannijs in rol spile yn de skiednis fan de Joaden. Foar de oarloch arbeiden hjir gâns chaloetziem (Palestina-pioniers) en learden by de Fryske boer de lânbou en soms ek de féhâlderij en it soe jin oerkomme kinne dat men by in bisite oan ien fan dy âldere kiboetsiem (koöperative kolonys) yn de Emek Jizraeel of yn de Noardlike Jordaendelling yn it Frysk to wurd stien waerd. En binammen yn de oarlochsjierren stiene hjir gâns wenten iepen foar de troch de nazis opjage Joaden.
Fan de sawn- à achthûndert Joadske ynwenners fan Ljouwert is mar in hûnderttal yn libben bleaun. Mear as hûnderttûzen Nederlânske Joaden kamen net werom. Ek yn Fryslân binne der dy't skuldich steane oan dizze grouwel. God sil rjochtsje tusken har en tusken ús.
Mar yn dit âlde lân fan de frijheit wiene de tsjinkrêften tige sterk. Foar ús leit it boek fan it Frysk forset: ‘Friesland Annis Domini 1940-'45’ troch drs Y.N. Ypma. Wy bigripe folslein, dat allinne dyjinge dy't sels aktyf meidie, dy't sels de yn dit boek biskreaune spanningen mei trochlibbe, in oardiel takomt. Mar dat nimt net wei, dat gjin Joad dit boek sûnder ûntroering lêze sil. Om al datjinge dat der dien is, troch minsken mei en sûnder namme yn de striid foar frijheit, rjocht en minskeleafde, om de offers dy't yn 'e striid brocht wurde moasten. Mar ek om de objektiviteit foar harren oer, dy't yn dy striid fierwei meastepart inkeld mar objekten wiene en wêze koene.
It komt spitigernôch net komselden foar, dat de slachtoffers noch in traep efternei krije. De skriuwer doelt dêr ek op. Is is yndied sa't hy it seit: ‘hier moest een gehele bevolkingsgroep onder water gaan, met zijn zelfkant van debielen en a-socialen, die men onder de g'ewone onderduikers niet aantrof’. Wy soene de lêsten wêze om út to
| |
| |
hâlden, dat alle Joaden har forstannich, reedlik en ta deugd oansteld hawwe. Wy witte ek hwer't nerveuze spanningen ta liede kinne. Mar ién ding witte wy better. Der wiene guont dy't Joaden rêdden út leafde ta de neiste, mar der wiene ek guont dy't slij wiene nei it jild fan de neiste. En dyselden hawwe it greatste wurd. It is mei har krekt as mei de helten dy't yn it forset nearne to finen wiene mar doe't de bifrijing der goed en wol wie, harsels ta forsetshelten proklamearren en lûd bearden fan eigen rom.
It is Fryslân ta in eare, dat de twadde kategory fan rêdders, dêr't in oare namme tapasliker foar wêze soe, dêr net folle foarkaem. Sjoch, dat witte wy better as hokker skriuwer mei noch sokke bêste ynljochtingen dan ek.
Mar dat nimt net wei, de skriuwer fan it boek oer it Frysk forset hat de objektiviteit net út it each forlern, of leaver sein: it boek is der namsto mear om to wurdearjen.
Fan de Fryske Joaden is mar in lyts espeltsje sparre bleaun. Doe't de forsetsorganisaesje op gong kaem, wie it needlot al oer de measten fan harren hinnegien.
Yn it wide Fryske lân lizze de grêven fan eardere generaesjes. Dizze generaesje hat net ienris in grêf foun.
1. | Eekhof: Geschiedk. beschrijving van Leeuwarden, s. 198. |
2. | Yn de Bûterhoeke efter it Prinsentún; yn de bisetting troch de Dútskers fornield. Inkelde stiennen en bonken binne okkerdeis nei it Joadske tsjerkhôf oan de Spanjertsleane oerbrocht. |
3. | Geschiedenis der Joden in Nederland, door Mr H.J. Koenen, s. 199. |
4. | Tegenwoordige Staat van Friesland (1789), s. 564. |
5. | Oantekeningen fan H.M. Duparc, med. doct. to Ljouwert, datearre 15 Febr. 1843. Yn archyf Frysk museum. |
6. | E. van Hinte: Sociale en economische geografie van Harlingen. |
7. | Jacobus Bosch: Het ligt ten tijde daags. 1770. Voorrede. |
8. | Dr. G.A. Wumkes: Stads- en Dorpskroniek |
9. | Brugmans en Frank: Geschiedenis der Joden in Nederland, s. 425 ensfh. |
10. | J. Winkler: Lijst van Friesche eigennamen, s. 228/229. |
|
|