dêr gjin spyt fan hat, it hjoed-de-dei wèr dwaen soe, mar dy't nei de oarloch biwust distânsje nimt fan hwat er neamt it ‘Wilhelmusgevoel’, Safolle distânsje, dat er earne forklearret, ‘dat zich onder de KP-ers mensen bevonden hebben met de persoonlijkheidsstructuur van de SS-er, en omgekeerd’. In man, dy't nei de oarloch lintsjes en rangen ôfwiisd hat en in iensume ychelstelling bitriek yn in Nimmenslân tusken de kollektiviteiten Ruslân en Amerika yn. Of leaver, net der tusken yn, mar der tsjin yn.
De skriuwer J.B. Charles moat in fûleindich libjend en tinkend minske wêze. Mei in fanatisme, syn gereformeard komôf net wanlyk, bisiket er yn syn stelling' ta klearrichheit to kommen oer it lot fan it minskdom op dizze planeet. Dat er dy klearrichheit net woun hat, bikent er earlik oan de ein fan dit boek. Ek bikent er earlik dat er gjin humanist is, om't er net yn de Minske leaut en as er gâns wrok en âld sear fan him ôfskreaun hat, ornearret er, dat der gjin oplossingen binne bûten dy tusken de minske en syn God. ‘Anders dan de optimisten onder de socialisten, die van de Mens uiteindelijk wel een Heilstaat verwachten, ben ik alleen socialist op aandrang van mijn actuele verantwoordelijkheidsgevoel,’
‘Volg het spoor terug’ is gjin roman, mar it bifettet bledsiden forheljend proaza binammen oer de forsetsstriid, dy't fan greate suggestive krêft binne; it is gjin pamflet, mar it racht en skelt der bytiden studintikoazer op los as it skerpste skotskrift; it is likemin in kultuer-histoaryske forhanneling, mar it makket opmerkings bygelyks oer de bitreklikheit fan ús normative skiedskriuwing, dy't jin lang by bliuwe; it is gjin reportaezje, mar it jowt earne in ironyske biskriuwing fan de iepening fan de Steaten-Generael, dêr't gjin wurd frânsk by is.
It soe in lytse kunst wêze de skriuwer fan dit chaotyske boek oan-ien-wei op tsjinstridichheden to trappearjen. De hyper-yndividualist Charles wiist kollektiviteiten as ras, folk en naesje biret ôf. Hy hat gjin goed wurd oer foar nasionalisten as Gerretson, hy is like anti-sionistysk as er pro-semyt is, hy grapjaget - net ûnfortsjinstlik - in haedstik lang oer de Friezen en har biweg'ing (dy't er net ken, docht bliken), - mar ynienen ropt er mei in macht fan houtsnijende arguminten it meilijen fan syn lêzers op foar it forhûddûke folk fan de Armeniërs.
Dat binne frappante tsjinstridichheden, mar hy wit dat