| |
| |
| |
Roparz Hemon:
Samar ien.
Persoanen:
Rosenkranz, |
Van Armeck, |
In arbeider, |
In âld húsfeint. |
In great redaksjebureau, yn hokfoar lân men mar wol, let op 'e middei, tsjin skimerjoun. De keamer, de meubels, de muorren wurde hast wei yn it tsjuster, hwant der is gjin oar ljocht as in lytse bureaulampe dy't op 'e greate tafel midden yn 'e keamer stiet en in elektryske gloeilampe yn in greate, fan in mânske stander droegen kûm fan iisblom-glês. By de stander stiet in fauteuil yn it folle ljocht.
Rosenkranz, de haedredakteur, en syn freon Van Armeck, it Parlemintslid, sitte by de tafel, ticht genôch by inoar, dat in oar net hearre kin hwat hja sizze.
(nei in skoft):
Ik kin net ien fine.
(stadich en dúdlik):
Net ien.
(krijt in lyts notysjeboekje út de bûse):
Ik ha hjir de nammen opskreaun fan de lju, dy't....
(glimket):
Koest better ús âlde gewoanten oanhâlde, tinkt my.
Hwat foar âlde gewoanten?
Dou witst, it hat sa west dat it ús forbean wie de nammen fan ús freonen op to skriuwen.
Hwat jowt dat nou noch. Ik bin nou Parlemintslid.
Dat is sa: hwat jowt dat nou noch?
Kin in Parlemintslid net de nammen opskriuwe fan lju dy't him om g'unsten freegje?
(koart):
In Parlemintslid kin dwaen hwat er wol, dat haw ik dy sa faek al sein. Ik haw it oer de tiid doe't der yn ús formidden net oer Parlemintsleden praet waerd.
Mar yn dy tiid, Rosenkranz, waerd der yn ús formidden ek net oer greate kranten praet, of it moast yn ús dreamen wêze. En nou sitstou yn de redaksjekeamer fan ús krante, dêrstou haedredakteur fan bist.
Yn dy tiid hiene wy gjin greate krante
| |
| |
om leagens by it skepfol yn to printsjen, gjin rike freonen, neat.... sels gjin leden fan it Parlemint om de hiele lange dei it wurd foar ús to dwaen.
En woest nei dy tiid werom?
Dou wurdst âld en bigjinst to sangerjen. Hwerom ikkerstou jitris oer, hwat ik al sa faek heard ha?
(mei klam):
Omdat ik wit dat wy yn dy dagen ús man al foun hiene.
(tsjin de feint):
Hat der net ien nei my fornaem?
In arbeider. Ik haw tsjin him sein dat jo it net oan tiid hiene. Hy sei dat er perfoarst mei jo prate woe en om sawn ûre wer kaem.
Wy hoege ús net stil to hâlden as hy der yn komt.
Ik wit dat boaden net to fortrouwen binne, mar in âld freon moat men fortrouwe.
(sit oer hwat oars to tinken):
As wy net hwat dogge, daliks net hwat dogge, binne wy forlern.
Wachtsje ont der nije forkiezing'en komme.
Ear't it safier is, hat er ús al it hoekje om, ús allegearre. Der moat daliks hwat dien wurde. As wy him formoardzje....
Of - in bêste reis forkeapje.
As er formoarde waerd, soene wy baes wêze yn it lân.
Dat tinkt my ek.
(Hy krijt it lytse notysjeboekje, dat op 'e tafel lizzen bleaun is en lêst de nammen. Hy lûkt oan de skouders.)
En ien fan dyen woest der op útstjûre om him to formoardzjen?
Hwerom net?.... En dan, neitiid, himsels tokoart dwaen.
En dan, neitiid, himsels tokoart dwaen. Ien fan dyen?
Net ien kin witte, hwat der yn in oar omgiet.
| |
| |
(lêst de nammen):
Wilhelm van Maas!
Dy joech him der wol by yn dy dagen.
Hy is nou ryk. Hans Schuranni?
Ik haw de lêste trije jier neat fan him fornaem. Wilfrid Lagen.
(Hy lûkt wer oan de skouders en smyt it notysjeboekje op 'e tafel.)
(krijt it boekje):
Fritz Tevendorf.
De greate dichter Hirsel. Net ien bigrypt syn fersen! Net ien as hysels! Dy sil de iennichste dy't syn fersen bigrypt net deadwaen.
De moaije Geraldina. De swart-each. Hoe sloech har it hert foar ús, foardat it foar Kaptein Van Kampf bigoun to slaen.
Dou witst likegoed as ik, dat dy Steatspresidint wurde wol. Der is net ien, Van Armeck. It hat gjin doel en bisykje noch ien to finen. Net ien fan harren wol der oan en bring in offer foar hwat it doel en de sin fan syn libben is. Syn libben? Hoefolle fan harren soene wol hûndert frank jaen wolle, as hja mar hoopje koene der tûzen foar werom to krijen.
Wy witte noch net hwat de jongerein wurdich is, Rosenkranz.
De jongerein. Dy binne net mear lyk as wy, doe't wy jong wiene. In kliber bloarren, bidoarn troch it jild dat de âlde lju foar harren fortsjinne hawwe. Hja kinne mei stokken en pistollen boartsje en tsjin de fijân raze, as dy fier genôch fuort is. En hja witte hoe't hja ús bilekskôgje moatte.
De arbeiders. Wy binne allinne mar goed om foar harren to striden en om yn har namme it wurd to dwaen. Mar harren om hwat to freegjen nei't wy harren alles jown hawwe?
Alles - op hwat wy harren taseine nei. Wy binne harren net tafallen, Rosenkranz.
Wy binne ússels ek net tafallen, Van Armeck.
(nei in skoftke):
It is g'âns in skoft forlyn dat wy sa praet hawwe.
| |
| |
De wierheit opponearret him as it tiid is. Van Armeck, as hja ús ris fregen om it to dwaen.
Wy moatte der bliuwe. As wy net....
Wy moatte der bliuwe. Dat sizze se alleg'earre. En hwat noch minder is, elk leaut dat it sa is. Mar, as wy dea binne, draeit de ierde likegoed troch as foar de tiid.
Soestou dyn libben der foar oer ha?
Hwerom praetst dan oer ús.
Der hat in tiid west dat ik it libben der mei alle wille foar oer hie. En nou.... Né, net om myn frou, ek net om 'e bern. Net om ús, om it wurk dat wy noch forsette moatte en dat wy better dwaen kinne as hwa oars ek. Mar der hat in tiid west dat ik miende foar de wierheit to striden.
Men kin net syn libben lang gek bliuwe.
Foar de wierheit hie ik myn libben oerhawn, en mear as myn libben. Nou....
Men kin ek net jins libben lang jong bliuwe.
Jong of net jong, as der noch ien fan ús wie, dy't oan de wierheit leaude, lykas ik der ienris oan leaud haw....
Dan soestou de earste wêze, dy't der de gek mei hie.
Dat let neat. Hy soe ús man wêze.
Dou bist sa gek net as ik tocht hie.
Hark ris, Van Armeck, en laitsje net om my. Ik haw faken bidden.
Ik haw faek bidden, dat ik, hiel efkes mar, it bitrouwen werom krije koe, dat ik ienkear hawn haw.
Dan soest healwizichheden by't soad útheve.
Omdatstou net nei my harkje wolste. Ik kom hjir by dy mei in doel, sa earnstich as miskien nea tofoaren. En dou hearst net nei my en praetst net tsjin my lykas oars, mar dou seist der mar hwat hinne, krekt as hiest de gek mei my.
| |
| |
Der moat in man komme. Mar it bêste soe wêze ien dy't nimmen ken. Dan kinne se net sizze, dat wy mei de saek anneks binne. Dan sille se sizze dat it folk, it hiele folk, syn ûnderdrukkers fordylge hat. Dan kinne wy as de rêdders fan it folk nei foaren komme, net as de revolúsjemakkers, mar as de mannen dy't foar de oarder stiene.
Ik bigryp it. Dou hoechst net folle greate wurden to brûken om my oer de staech to setten. As it ús slagje soe sa'n man to finen....
Samar ien. Dy binne ornaris wol to finen as men harren mar bitelje kin.
Harren bitelje foar selsmoard.
Dêr ha ik net om tocht. Van Armeck, dou giest hinne en sjochst om sa'n man. Ik wol net. Ik wol it net op my nimme in man de dea yn to stjûren foar dingen dy't faeks noch goed noch wier binne. Goejoun, Van Armack. As wy it winne, sille wy it winne sûnder g'ewelt to brûken, of wy sille it net winne. En as wy it net winne, dan is dat omdat wy mis binne. Oars neat. Joun. Ik moat noch oan 't wurk.
Ik forwachtsje net ien of it moast dy knaep wêze, dy't hjir krektlyn kaem is en my to wurd woe.
Wel, wel. As ik dy wie, soe ik elk dy't nei my frege, der samar net ynlitte. Dou kinst der op oan, datst dêr op de ien of oare dei mei weirekkest.
Hark ris. Ik ha in frou, bern, in goede baen, jild, namme, alles hwat men mar winskje kin. Ik kin noch mar op ien manier sjen litte, dat ik net binaud bin. Dy hâld ik yn eare.
(giet rjochts ôf. Efkes letter docht de âld húsfeint de doar rjochts op).
(giet fuort en) DE ARBEIDER (komt der yn. Hy komt in pear trêdden nei foaren en bliuwt dan stean).
(wiist mei de hân nei de greate stoel):
Gean sitten.
(giet sitten, tige skruten en seit net in wurd).
| |
| |
Jo woene my hwat fortelle?
Fortel it dan mar. In bytsje gau as it kin.
Ik bin mynhear Rosenkranz.
Ik ha net folle to sizzen.
(Hy hellet in krante út de bûse.)
Ik ha jou artikel lêzen.
(fielt him net hielendal noflik):
Myn artikel?
(foarkommend)
Soe ik effen sjen meije hwàt artikel?
(jowt him de krante oer):
‘De mannen, dêr't wy forlet fan ha’.
(sjocht hastich it artikel troch):
Wier.... o ja.... wy diene in birop....
(Hy sjocht tomûk, koart en skerp nei de arbeider).
(strykt mei de hân troch it hier):
Ik bin hjir kommen, omdat ik jo hwat sizze woe, mynhear Rosenkranz.
(wylst syn lûd fêster wurdt):
Mynhear Rosenkranz.... Juster noch wie ik forlern.... juster wist ik net hwat ik dwaen soe, hwat ik dwaen soe mei myn krêft. hwat ik dwaen soe mei myn libben. Ik kocht in krante en lies jou artikel. Ik hoegde net lang to lêzen. Daliks seach ik ljocht.
(bûcht de holle foardel).
(noch fêster):
En ik bin by jo kommen, om jo to sizzen dat ik oan jou kant stean.
Forskate lju steane oan myn kant, jongkeardel.
Ik kin it min ûnder wurden bringe.... Juster doe't ik jou artikel lies, doe foun ik....
(stadich, mei in sêft lûd, dêr't dat fan de arbeider skerp tsjin útkomt):
Wy forsinne ús faek.
(koart):
Né, jo forsinne jo net, ik forsin my net, net ien fan ús forsint him. It gelyk is oan ús kant, en it ûngelyk oan de oare kant.
(tige foarkommend):
Dêr is gjin mis op - it gelyk is oan ús kant.
(foars):
Tinkt jo soms fan net?
Né. Oars, bêste freon, soe ik hjir net
| |
| |
sitte. Oars soene wy, myn maten en ik, net striden hawwe, lykas wy dat dien hawwe. Oars soene wy net ré wêze, wy allegearre, om ús libben to jaen, foar.... lyk as jo sizze, foar de wierheit.
Ik tankje jo, mynhear Rosenkranz.
(forheard en hoflik):
Ik tankje jo.
Jo fregen om mannen. Dêrom bin ik hjir kommen. Hawwe jo hwat foar my to dwaen?
Neat, myn freon. Op dit stuit tominsten neat.
(It is de arbeider oan to sjen, dat dit him ôffalt.)
Kom foar ús op, sprek foar ús, sjoch dat wy stimmen krije.
Jo hawwe gjin forlet fan minsken as ik.
Wy hawwe forlet fan elkenien, wy stegerje net ien ôf.
Leard of net leard, hwat let dat. Hark ris, freon.
(giet oerein):
Joun, mynhear Rosenkranz!
Gean sitten, en harkje nei hwat ik sizze wol.
Né, mynhear Rosenkranz, joun!
Gean sitten, siz ik.
(Syn lûd is nou sa skerp en oars as foartiid, dat de arbeider forheard sitten giet.)
Hwat binne jo fan jou fak?
Kinne jo mei in revolver sjitte?
Ik ha altyd ien yn 'e bûse.
Jo hawwe it libben net botte heech?
Ik ha de wierheit heger as it libben.
(Dat hat er moai wis yn in skiednisboekje lêzen.)
Jo geane nei it theater, wachtsje by de doar, de lytse doar op de rjochterkant. Kenne jo generael Hirn?
(De arbeider knikt.)
As er nei bûten komt, sjitte jo him dea.
En dan sjitte jo josels dea.
| |
| |
En dan sjit ik mysels dea.
(giet ek oerein en rint, forheard, nei de doar, dy't Rosenkranz foar him iepenhâldt. Foardat er der útgiet, bliuwt de arbeider stean).
De arbeider krijt Rosenkranz by de earm, hy slút de hannen der fêst om ta en giet der dan út. Rosenkranz giet by de tafel sitten en it gerdyn falt hastich.
***
As is gerdyn wer omheech giet, falt it earste moarnsljocht yn 'e keamer. De lytse lampe op 'e tafel is noch oan. Rosenkranz sit op itselde sté, mei in boek iepen foar him. Hy lêst lûdop, en sjocht net op fan de tekst, dy't foar him leit.
Dêr't de sinne delgiet en wrâlds wjerlûd stjert
Sjogge it hôf fan it wûnder net.
Fan moarntiid ont jountiid
Fan moarntiid ont jountiid
Fan langst en birou, om't it hôf fan it wûnder
Lit ús sjonge, lit ús skrieme
In lytse tornado glydt út 'e ich fan 'e kym de blinkende sé oer,
In huvering giet sêft oer de flank fan de hichte,
En stil glydt de wjerljocht de delling troch,
En hy sil ek komme; jim sjogge him net.
| |
| |
Jim sjogge him net kommen op 'e wein fan 'e tiid,
Jim reitsje net forheard fan syn tongerjend lûd,
Jim skôgje net forheard yn syn fjurkjend each,
Hy giet roun ûnder jimme.
Om't wy de freugde fornamen
Djip yn it herte forstiene,
Mei súvre bea en lofsang,
Ta in man sûnder greatskens,
Fan it Wurd dat Flesk waerd
En yn ús delgyng en bleau.
Der kloppet ien oan 'e linker syddoar en Van Armeck komt deryn.
(opset en efter 'e siken):
Dou hast it al heard, hoopje ik?
Hie 'k it net tocht. Dy krantelju binne altiten de lêsten, dy't it nijs hearre.
De telefoanforbiningen binne forbrutsen. Ik kaem hjir op in draef hinne. Ik koe net daliks komme. Hy is formoarde! Troch in man dêr't net ien fan heard hie, en dy't himsels neitiid deasketten hat. Wy binne rêdden, Rosenkranz!
| |
| |
(tige sêft):
It wol noch net goed yn my del.
It wurdt nou fierder ôfbreide. Foar de middei is it wol dien. It leger stiet oan ús kant. Der is net in soldaet yn 'e stêd dy't net op fuotten is. Hark.
Bûten, op 'e dyk, fornimt men it lûd fan in artilleryregimint, dat foarby jaget.
Dou witst hwatstou dwaen moatst?
(forheard en nijsgjirrich oer Rosenkranz syn wize fan dwaen swijt effen. Dan freget er):
Sietst mei ien to praten?
O né! Ik siet allinne mar in fers fan dy healwize Hirsel to lêzen.
Hja swije wer.
Hwat man wie dat, dy't justerjoun by dy kaem?
(lûkt oan de skouders):
Samar ien.
|
|