Prizenrein, sûnder ein...
De litteratuerprizen fan de (Haechske) Jan Campert-Stifting binne takend oan: Martinus Nijhoff (posthúm), Albert Helman, Simon Vestdijk, Albert Besnard, Simon Carmiggelt en J.B. Charles. - It jild fan de priis foar Nijhoff is troch de famylje oan de Stifting weromjown; hja hat dêrfoar oan de dichter Guillaume van der Graft (ds W. Barnard) opdracht jown, in stúdzje oer Nijhoff to skriuwen. - De Amsterdamske poëzijpriis wie foar Lucebert; dy foar novellen foar A. Alberts. Adriaan Morriën syn novellen waerden earfol neamd, mar de skriuwer stelde dêr gjin priis op en hat foar de eare bitanke. - De Reina Prinsen Geerligspriis moast dield wurde troch Remco Campert (soan fan Jan Campert) en de debutante Ellen Warmond, dy't okkerdeis har earste fersen yn Maatstaf publisearre. - De nije Stifting It Frysk Amateur Toaniel hat in priisfraech útskreaun foar toanielstikken foar lytse selskippen; prizen f 200, - en f 100,-.