Frysk en frjemd.
Sweedske lof foar ‘Noarderljocht’.
Yn de ‘Falu-Kuriren’, it bilangrykste deiblêd fan Dalekarlië, hat de Sweedske kritikus B.O. Lodewiges van Mynden, foar de Tsjernelêzers gjin ûnbikende, in tige priizgjende resinsje skreaun oer de Fryske oersettingen fan moderne Sweedske lyryk, dy't Marten Sikkema yn ‘Noarderljocht’ (Reiddomprige) bundele bat. Der wie út de kontemporaine Sweedske poëzij gjin lokkiger kar mooglik as dy't de oersetter dien bat, sa skriuwt er, en Marten Sikkema levere neffens him mei dizze bundel it biwiis fan syn greate kennis fan de Sweedske tael net allinne, mar ek fan syn ‘briljante technyk’, syn artistyk formogen en syn poëtysk ynlibjen yn de oarspronklike fersen.