òf don mienst der neat fan, en dan moatst it net as argumint brûke, of dou mienst it àl, en dan moatst alhielendal dyn bekje ticht hâlde. Dou kaemst der mei yn 'e kunde troch ‘Oteboe’ (dat ik spitigernôch net ken, mar ik haw wol foar it forstân dat it wol it alderslimste is, dat men op dit gebiet bitinke kin). Bigripe noch forstean koest it. Dat is, mien ik, yn dit forbân itselde, mar miskien dat dyn breintsje ûnderskiedingen ken, dêr't wy, greate-minsken, net oan takomme. En dan, Piterke, giest fierder: Mar dou bist in ketter (in ketterke, bidoelst fansels) en dus skriuwst oer datjinge hwerst neffens dyn sizzen net folle fan witst. In ketter is dus per definitionem immen dy't skriuwt oer dingen dêr't er gjin weet fan hat. Of bigryp ik dy net al to goed, Piterke-ketterke?
Fierderop neamst dysels brutael. Fuoi, Piterke, hoe ha wy it nou? Dyn mes is ommers sa stomp! En Wadman is in ‘skermmaster’. Dou stekst him ek net tusken de ribben, dou swaeist allinne mar mei dyn stomp knyft ‘myn kant út’. Dat neamst ‘weagjen’. Is 't net oandwaenlik, sa'n biskiedenheit fan immen dy't himsels brutael neamt? Mar it is in lytse, smjunterige biskiedenheit, Piterke, dou mienst der neat fan. Hwant dyn toan is fierderop sa weetlik en sa fol selsbibagen, dat. It is de biskiedenheit fan it mantsje dat longeret op sukses en dêrom syn eigen fakulteiten sa bilytset dat er great liket.
Ik gean fierder, Piterke. Ik lês, dou wolst de striid fiere op koart front en op in foar dy fortroud plak. Dat lêste bigryp ik net, mar hawar. De reden ta dyn koart front is, as ik goed lês, Piterke, datstou de lêste tiid om brea en húshâlding dyn kost fortsjinneste mei tael. Ik tocht earst, dou soest dan grif de earste Fryske dichter wêze dy't wiif en bern út syn ferswurk fuorje kin. Mar letter haw ik it better foar 't forstân krigen: dou stiest yn tsjinst fan it ‘Fries Dagblad’ dat, en dat leau ik grif, minder driuwt op rjochtsinnichgodstsjinstige prinsipes as op útsûnderlike taelkwaliteiten.
Nou Piterke, ast dan genôch oer dysels orakele haste, dan giest op my los. Mar earst forklearrest noch, dou silst mar op eigen bistek koertse, oars soest licht ek ris fordwale kinne. Ik hie tocht datstou sterker yn 'e skuon stiest en net sa maklik troch tizekoppen út dyn koerts dreaun wurde soest, mar it kin de skermmaster misse.
Nou, en dan, Piterke, wurd ik formjeld, finael formjeld yn dyn roppige tsjeaken. Hwant net allinne nou, mar altyd, as lytsbern dus al, haw ik mei ien grouwélich tokoart sitten: ik haw in dimensy minder, net allinne as dou, Piterke, en dyn soarte, mar koartwei as ‘oar soarte lju’. Dat is slim, tige slim, binammen as jin sa presiiis útlein wurdt hokker dimensy as dat is. Dy tokoarten haw ik net allinne yn 'e taelskôging, mar ek yn myn oardiel oer kunst, rjocht, morael ‘om mar net mear to neamen’. Dat koarte front fan dy, Piterke, is ûnder de hân wol efkes forbrede, mar dat is dy fansels ûntkommen. En dat ik by dy ûndertusken ek al as in (min-dimensionale) rjochtsgelearde to boek stean, sil grif in ensyklopediael forsin wêze, omdat it diel W fan de Winkler Prins noch net út is.
En sa, al kâltsjende- en rjochtsjende- en ynsinuearjende- en smeulendeweis komst dan, Piterke - en nou wurd ik efkes earnstich, né, bliuw mar stean, ik sil dy neat dwaen - op dyn eigen prinsypkes fan taelskôging, dy't koartwei hjir op delkomme: de dichterlike tael hat ta bigrinzgjende faktor: de forsteanberens. Ei nou, dêr haw ik