en oerstadich omheechtrêdden. Earne boppe wei skreaude hwat.
- Hwat wie dat, Mem?, frege it lytse spoek en trille oan syn Memme hân.
- Neat foar ús om der bang fan to wêzen. Spoeken hoege nea bang to wêzen, hja hawwe neat to forliezen, dat hja net graech kwyt wolle.
- Mem, ik woe wol tekkens ha en ik soe earne wenje wolle.
- Dû silst in hiel hûs ha en dû silst wenje yn in frouljushert.
- Mem, is dit dat hûs? En hwer is it hert? En is it ljocht yn dat hert?
- Ljocht? frege de Mem, - woestû ljocht ha? Ljocht is net goed foar ús.
- Mar ik hoech der ek net bang fan to wêzen.
- Dû hoechst der ek net bang fan to wêzen.
Doe gyngen hja, rjocht út, rjocht oan, nei in sliepkeamer ta.
It jonge pear, dat dêr op bêd lei, die efkes de eagen op, mar sliepte daliks wer.
De spoeken gyngen by it bêd stean.
- Mem, hwat leit der foar moais op har lippen?
- Leafde, sei de Mem tige koart. Har eagen waerden noch holder en de gnyskjende mûle waerd sa breed.
- Hwat moatte wy hjir dwaen, Mem?
- Stil, sei de Mem Hja sette it berntsje op it fuottenein fan de frou en gyng sels by it fuottenein fan de man stean.
- Mar hwat moatte wy hjir nou dwaen, Mem?
Hja lei in lange bientige finger op har toskemûle en bitsjutte him stil to wêzen. Mar hy koe hast net stil wêze.
- Mem bliuwt by my, nou Mem? lústere er.
De Mem knikte.
Mei kaem de fûlste skoat fan it waer en staette mei tûzen lûden troch it greate hûs.
De frou op bêd waerd wekker en seach kjel nei it bern op har fuottenein.
- Jan, Jan! skreaude hja.
De man wie ek wekker wurden.
- Hwat is der oan? frege er en sloech de earm om har hinne.
- Dêr is in berntsje. Der sit in berntsje op myn fuottenein.