De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 344] [p. 344] T.A. Brattinga: Dou. Dou bist it lûd yn myn siel, de blommige frucht, it langjende diel, de barnende skurte. Ik soe dy biskriuwe mei gouden hier en it antlit fan sliepende bern. Dou bist it sinneljocht, fan kleuren in wûnder gefjocht. En stil, stil is it stoarjen fan my nei dy, nei dy, blom yn de greate tún, blom tusken roazen, útforkeazen blom. Ik kom, ik kom, ik kin my net keare, ik fleanende fûgel, út eangst to forliezen de hege flecht. Interlude: Sunich tikket de wekker, sunich tikket de klok; lûder liede de klokken, lûder slane de tuorren de brûnzen tiid. Andert: Ik bin dyn blom dy drinkt fan dy, myn bloeijen is dyn sproeijen, myn treast is dyn djoeijen myn libben is fieden troch dy. Nim myn kleuren, leaf, as helle tank. Ploaitsje my, om yn dyn blanke hannen to lizzen en de klank to wêzen fan myn ûnútsprekbere tank. Vorige Volgende