| |
| |
| |
Fedde Schurer:
Forballe kening.
It hommels forstjerren fan Douwe Kalma is ús allegearre oer it mad kommen. Op it tiidrek yn syn libben dat him biweegde tusken de twa poalen ‘Lyts-Frisia’ en Shakespeare hiene wy jit in forfolch forwachte, in forfolch dat men net skatte koe, dêr't inkeld mar nei to rieden wie. Dat rieden hat nou syn doel forlern. Douwe Kalma is der net mear. Ik sil hjir net bisykje, him syn plak oan to wizen yn it lyts pantheon fan 'e Fryske skiednis noch fan 'e litteratuer-histoarje. Dat soe immen dwaen moatte dy't mear ôfstân nimme kin as ik
Ta myn forbazing is it my nou dúdlik wurden, dat wy mar twa jier skeelden; foar myn fielen wie dat forskeel altyd folle greater. Winlik wie hy my in generaesje yn it foar; mei syn ierryp talint, syn jonge wysheit en syn greater selsstannigens.
It wie tidens de foarste wrâldoarloch, dat ik mei syn wurk yn 'e kunde kaem. Net rjochtstreeks, hwant wy liezen thús de Ljouwerter Krante net, mar troch middeling fan J.J. Hof, dy't mei syn opstelrige ‘De nije rjochting yn 'e dichtkunst’, de oandacht op Kalma sette, troch him yn ien koer to smiten mei de Hollânske tachtigers. Wis wiene der punten fan oerienkomst, mar dochs net sa't Hof it bidoelde. Ik haw syn artikels nou net wer oerlêzen, mar de yndruk dy't ik der fan oerhold, wie dochs wol dat èn de tachtig'ers èn dizze Kalma, troch in iensidich trochdriuwen fan it bigjinsel ‘tael is klank’ de dichtkunst ta spot makken.
Fansels docht men dan war om mear fan sa'n swier bistriden skriuwer to witten to kommen. Inkelde fersen yn ‘Sljucht en Rjucht’ wiene it bigjin, ridlik gau folge troch de brosjuere ‘Fryslân en de Wrâld’. En dy twa aspekten wiene foldwaende om my oan Kalma syn kant to setten.
Hwat my yn dizze poëzij loek, dat wie de ûnfolksaerdige kleur fan 'e tael, de hiel oare oanslach fan it liet. En dy brosjuere hie de toan fan in keninklike proklamaesje. Hjir spriek ien fan ús, mar ien dy't gjin war die om ús op 'e lije side oan to kommen: hy stie in trime heger, krekt dy trime dy't yn Fryslân ûntbriek.
Hwant de leafde foar it Frysk, dy't ik yn myn tolfte jier
| |
| |
skipe hie troch it ‘Frysk Lieteboekje foar eltsenien’, wie ik op myn fyftsjinde jier al wer kwyt. Men wist der g'jin ried mei, men koe der gjin kant mei út, en alles hwat de muoite wurdich wie, waerd yn it Hollânsk oanbean. Mei Douwe Kalma foroare dat allegearre prinsipieel. De jongerein fan hjoed de dei, dy't dat âlde Fryslân net kennen hat, liket dat faeks nuver ta.
Hja is yn in hiel oar klimaet opwoechsen. Foar ús bitsjutte de namme fan Kalma in program, de stjit nei it universalisme.
Dat is net út de tiid allinne to forklearjen; dêr komt dat ûnforklearbere illemint by, dat nou ienris yn in skeppende persoanlikheit lein is.
De Jongfryske biweging wie der, omdat Kalma har rôp; de litteratuerfornijing wie in feit, omdat hy it konstatearre en wêzene.
Wrâldwize lju, dy't alle dingen troch hawwe, miene dat dit inkeld in kwesje fan bretalens en birettens is. Dat is net wier. It is folle mear in saek fan dreaun wurden as fan driuwen. En Kalma syn skôging op de Fryske striid sawol as op 'e litteratuer mocht yn gâns opsichten ûnkrekt en sels ûnrjochtfeardich wêze, hja wie stikken greater as dy fan it laech dat him foargong. Dêrom woun hy.
Hwant hy hat woun, al forlear hy ek op alle fronten. De nasionale ropping fan Fryslân, de artistike forantwurdlikheit fan 'e kunstner, dêr hat hy de profeet fan west.
Dy jierren fuort nei de foarste wrâldoarloch hiene in bysûnder geastlik stal. It wie de tiid fan it ‘idealisme’, foar in great part jit bihearske fan Tolstoï, fan Romain Rolland en fan dy wize út it easten, Rabindranath Tag'ore. Walt Whitman hearde ta de meast foreare dichters. En dat stie allegearre wol tige fier ôf fan de geast fan it Frysk Selskip en syn kriten, dêr't it moaralisme en de kleare reedlikheit fan Waling Dykstra foar master opsloech.
Dat brocht fuort mei, dat men yn dizze rounten mei erchtinken foar Kalma oer stie. Men bigriep him net; hwat woe er? Lit it him rjochtút sizze. Mar rjochtút sizzen yn de primitive sin fan it wurd lei net yn Kalma syn aerd. Hy drapearre graech syn idéën op in wize, dy't wol mei de tiid strykte, mar dy tiid wie yn Fryslân jit net trochkrongen. Men hie dêr syn eigen opfettings oer sljocht en rjocht, en Kalma syn projektilen gounzen earst yn tûzen spiralen om
| |
| |
it doel hinne ear't hja ynsloegen. Dat wie ûnfrysk, dat wie ûnearlik tocht men. ‘Ik bin net ûnearlik’, sei Kalma ris in kear tsjin my, ‘ik bin inkeld hwat mear komplisearre as myn measte lânslju, en dat kin ik ek net helpe.’
Krekt troch dizze drapearring, dizze hast liturgyske plechtigens fan syn styl, koene syn oardielen nammersto skerper en persoanliker treffe. Men kin maklik sizze dat J.J. Hof lange teannen hie, mar dy't nou de kritiken yn 'e ‘Ljouwerter’ en yn ‘Frisia’ en de polemiken yn ûnderskate brosjueres jitris neilêst, sil tajaen moatte dat Hof troch Kalma mear nytge is as in minske forneare kin.
Hwat mysels oangiet, ik wist fan Hof to min ôf om útmeitsje to kinnen yn hoefier dizze oanfallen forantwurde wiene, mar ik seach natuerlikerwize yn him it symboal fan 'e fijân. Letter leart men dy dingen wol yn har bitreklikens en minsklikens to skatten; yn dy tiid seach ik se inkeld yn it mytholog'yske.
Ien en oar naem net wei, dat ik de greatst mooglike reserves tsjin Kalma yn acht naem, binammen tsjin syn filosofyske en religieuze formulearringen, dêr't ik as Grifformearde in skalk each op hie, sûnder nou krekt sizze to kinnen hwer't de oast siet. Kalma hat dy distânsje sels forgreate en foargoed biwitten makke mei syn artikelrige ‘Nei Klearder Kimen’ yn it ‘Heitelân’, dêr't er spriek oer de kristlike leare fan sûnde en genede as oer in dogmatyk ‘mei skombekjende sûndefal en extatyske skuldforjowing’. Ik en guon fan myn freonen hawwe doe foar de Mienskip bitanke. Kalma woe tofolle; in nasionale bigjinsel yn polityk en litteratuer wie him net genôch, en hy bisocht op 'e grounslach fan it ‘histoarysk idealisme’ to kommen ta in Jongfryske libbensskôging. Dat hat it Kristlik Selskip gjin wynaeijen lein, hwant de refugié's út de Mienskip sochten dêr har oanhâld.
Dit naem net wei, dat Kalma yn 'e litteratuer jit lang' ús lieder en foarbyld bleau, en dat elk bisykjen ta konsintraesje en taneijering fan syn kant by ús oanklang foun, omdat wy him net misse koene. Inkeld E.B. Folkertsma bleau, ienkear losmakke, syn libben lang foar him oerstean.
Yn it litteraire moasten wy elkoar dochs wer fine. Kalma wist it tydskrift ‘Frisia’ sa yn to rjochtsjen dat hy, Jelle Brouwer en ik mei ús trijen de redaksje foarmen. Ik haw yn dy tiid alle oanlieding hawn om syn ûnbrekbere trou en syn
| |
| |
geduld to biwûnderjen. Gjin wurk wie him to folle, hy klage en forwiet net, mar it nûmer wie op 'e tiid klear. De man, dy't yn syn dreamen in nij Hellas seach, hwaens geast brêgen boude oer de Noardsé nei Ingelân en Skandinavië, wie it net to min om wurk, dêr't ek mar eat goeds yn siet, om to wurkjen en der einleas oer to korrespondearjen. It gong ris oer in gedicht, dat hy opnimme woe, wylst ik útstelde it to wegerjen. ‘Ik ken dyn noarmen wol’, sei Kalma, ‘en ik bin it der faeks wol mear mei iens as dû. Mar as ik dêrneffens to wurk gean, dan hâld ik oars net oer as de Bibel en Shakespeare.’
Hy wie as minske net maklik bynei to kommen en hy kaem in oar net maklik bynei, al hoe'n maklike prater hy wie. Der stie altyd hwat om him hinne, dat wy gjin namme jaen koene, mar dat him isolearre. Soms op 'e redaksjegearkomsten yn it Mienskipshûs (Nije Skrâns 11) barde it dat Kalma nei de koken gong om théwetter to heljen. Wy sieten salang yn 'e kopij fordjippe. En as hy der wer ynkaem, hie men it gefoel op ien of oare wize bitrape to wêzen. Hwat is soks, hwerom kin men de oansluting op elkoar jierren misse? Hy wie in troch en troch earnstige natûr, fan in hast liturgyske plechtigens bytiden. Hwa't Mienskipskampen mei bywenne hawwe, witte hwat ik mien. Wis hy hie wol fielen foar humor, mar yn in hiel oar flak as dat fan 'e Fryske koartswiligens; ek miste er de boartlike sportiviteit fan party Hollânske kunstners. Freonskip, ek de gewoane, freonskiplike oanhâld by elkoar, bitsjutte tige folle foar him, en dochs koe hy der einliks net mei oer de wei. As hy by ús kaem, hwat èn op 'e Lemmer èn yn Amsterdam mannich kear barde, dan kaem er net sa mar in nacht oer, mar altyd makke er syn bisyk produktyf foar de litteratuer of de biweging. Mei de fraech: ‘Hwat woe Douwe?’ woe myn frou dan ek net forwûndering útdrukke oer syn kommen, mar inkeld fornimme nei it doel, dat de reis fanselssprekkend hie.
Yn de jierren om en nei '25 wie Kalma syn polityk dy fan 'e konsintraesje. De Upstalbeam wie it fierst geande stribjen yn dizze rjochting. Wy hawwe yn dy tiid nijsgjirrige diskusjes hawn oer de taktyk, dêr't ik al folle de radikale wâl yn ophâlde moast, en Kalma jimmer nei it compromis socht. Itselde doel as yn '15 stie him foar eagen, inkeld de wei wie oars wurden en fortoande in greate bocht. De needsaek fan syn liederskip stie fêst by him; yn dy
| |
| |
jierren woe er in sintrumpartij liede, mei E.B. Folkertsma as de needsaeklike opdriuwende loftse opposysje. Dizze strategy twong him iderkear wer ta it ynnimmen fan skynstelling's, hwat efterôf noch himsels, noch de biweging goed blykte to dwaen. Fan it naturalisme en de dêrop boude wrâldskôging en polityk fan Jan Melles van der Goot, dy't útroun yn it nasionaelsoasialisme, moast er yn it earstoan neat hawwe. It mei dûbeld tragysk hjitte dat dizze Anglophyl nei geast en hâlding letter dochs troch in forkeard skatten fan 'e sitewaesje torjochte kaem oan 'e Dútsk oriëntearre kant, dêr't er net hearde en dêr't er net wêze woe.
De Fryske biweging hat him op al dizze wegen net folgje kinnen. Forset tsjin syn liederskip wie al yn 'e jierren om '30 hinne opstien, âlderearst yn 'e rounten fan 'e studintebiweging, dêr't Jan Biuwes van der Meulen destiids de kommende man wie. In fûle oanfal ûnder de titel ‘Hora est’, yn prae-fascistyske styl skreaun, laette dit forset yn, dat greate oanklang foun. Men ûndergie Kalma syn lieding dêrre as binearjende autoritair, sûnder der lykwols in lykweardige figuer foaroer sette to kinnen. Filosofysk hie men it op it idealisme, litterair op it klassisisme net mear bigrepen, en dat bitsjutte de ein fan de hast magyske ynfloed, dy't Kalma op in diel fan syn eigen generaesje hawn hie.
Hwant as dichter wie Douwe Kalma klassisist. Hy hat alle mooglike dichtfoarmen brûkt en in forbjusterjende technyk yn ûnderskate genres ûntwikkele, mar nea hat er him forliede litten ta dy direkte útstâlling en útstoarting, dy't faek biskiedend is foar de moderne dichtkunst. Hy hat him ek nea modern neamd. Doe't ik him ris fortelde, yn 1928, dat ik it oer him hawn hie yn in lêzing oer ‘Nije Fryske dichtkunst’, sei er: ‘Mar dêr rekkenst my dochs hoopje ik net by?’ Dat wie it soarte fan humor, dat him tige hiem wie; de foarm fan de irony en binammen fan de selsirony, dy't jimmer in ûnderstream hat fan tragysk bisef. Op dy, neffens in útdrukking fan himsels, ‘mear paradoksale as fjouwerkante wize’ wist er ek faek fragen fan syn meiwurkers nei syn oardiel oer harren wurk to parearjen. Hy naem op of hy naem net op, mar liet him net fergje op oardielen, dy't er net winske to publisearjen.
Dochs sil, hwa't him as dichter kenne wol, net folstean kinne mei in útiensetting oer syn alsidige aktiviteit en syn wikseljende strategy yn de biweging, mar gean moatte ta
| |
| |
syn fersen. Dit dichtwurk is net maklik tag'onklik en net sa direkt oansprekkend. Ek hjir is, as yn syn proza, de drapery in wêzentlik illemint fan syn styl. Yn lang útmetten strofen is hjir in forsideboartsjen efter skema's, rimen en wurden; in wale efter in wale en dêrefter wer in wale. En soms komt ynienen ûnder it boartsjen fan dit earnstich spul efter dy wale it smertlik oantlit to sjen fan in minske, forballe yn in apart reservaet fan it libben, dêr't de leafde oan 'e oare kant fan it stikeltried is. In oantlit dat freget om bigryp, om romte en bifrijing, in stimme, dy't sjongende de symboalen fan dit langstme bineamt en herhellet: it dúnlânskip, de sé, de sé alweroan, en it skip dat útsylt nei ûnwitten eilânnen. Men fynt dit minder yn syn earste wurk as wol yn de bondel ‘Sangen’, dêr't b.g. fersen as ‘De Hjerremyt’ en ‘De Swalker’ ta ûntroerjende bilidenissen út de swieromhongen strofen opklinke.
‘In ûnforstiene Keningsboade yn read’, sa hat er syn eigen forskining field, en yn it gedicht, dêr't it net nedich is prestige op to hâlden foar leden of ôffurdigen, klaget er dizze ienlikheit oan God en minsken.
Under de folle ‘In Memoriams’ yn 'e deiblêdden foun ik ien, dêr't de skriuwer op groun fan in útpikt gedicht effen floatwei fêststelde dat Kalma de wiere treast, dy't inkeld by Kristus to finen is, net kennen hat. Dizze skriuwer hat him persoanlik net kennen; wy wol. En wy witte noch folle mear fan syn ketterijen en syn pantheïstyske filosofy ôf as dizze nierepriuwer. Mar soe men net leaver hwat hoedender wêze mei sok sizzen?
Kalma wie ek hjiryn in bern fan syn tiid, dat er bang wie fan dog'matyske formulearringen. It liturgysk symboal sei him mear, folslein yn oerienstimming mei syn wêzen en mei it aerd fan syn poëzij. It wie dêrom neat nuver, dat er him bysûnder lutsen fielde troch de Anglikaenske ritus; wy gongen yn Amsterdam wolris nei de Ingelske tsjerke, en ik foun noch in brief fan him, dêr't er my om it adres yn freget fan de Anglikaenske geastlike, omdat er him by dy tsjerke foegje woe. Oft er dat ek dien hat, is fan minder bilang, en ik leau net dat er dêr nou op ferge wurde sil. Mar syn lêste oanhâld lei yn dizze oanrop:
‘O Dû, fan hwa 't dizz' nacht in ôfglâns is,
Dy't mei Dyn leafde sûnde en dea forslachst
En yn Hwaens hannen ik my hoopjend jow!’
| |
| |
Tsjin syn ierdske rjochter soe ik sizze wolle: ‘Vrees niet zo gij hem hierboven ontmoet.’
Yn syn lêste bondel is de koperen toer forlitten, de keningsmantel ôflein, de liedersstêf fallen, en keart it hert ta syn ierdske oarsprong yn in rige fersen mei ynlik, stil en bisonken lûd: ‘De lytse mienskip’. De lytse mienskip fan de alderneisten: Heit en Mem en dy iene, dy't sa ûnwitten folle yn syn libben bitsjut hat: Simke Kloosterman. Oan har is dat lêste fers wijd, dat ek op himsels fan tapassing is:
Klei net, dû hearste it liet,
Krekt dêrom klonk sa swiet
Oer 't lichem wint me macht,
Sa bliuwt it oant de nacht:
Ien stjert, en is ûntstoarn.
Untgien - en dochs forboun;
Forboun - en dochs ûntgien;
Sa, riigjend stoune oan stoun',
Mar hast it liet goed heard?
Bliuw tankber, jimmeroan;
It brocht hwat nea forstjert
Forballe kening, ienris findeldrager fan syn folk, faek misforstien en faek misforsteande, wie hy, Douwe Kalma, ien fan ús - ien fan de greatsten ûnder ús.
|
|