De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 321] [p. 321] [Nummer 11] Lokke Steenstra: Fiif gedichten. It is sa nutteleas. It is sa nutteleas: in wurd is mar in wurd en nimmen wit hwat it foar dy't it sei bitsjut. It is sa nutteleas: in hert is sa ûnwis en hwa soe witte hwat syn djipste reden is? It is sa nutteleas. En dochs sjong ik foar dy, al wit de hiele wrâld dat ik nea andert krij. Freonskip. foar E. 't H. Fan wearde is net it petear en net ús mienskip en net mear hwat ik dy siz. En dou silst let- ter witte dat it ek it wurd net west hat en dyn wurden net. Mar, dat, hwat stie boppe de tiid- it wer allinne wêzen neidatstou fuortgongst-wie. [pagina 322] [p. 322] Oan Fryslan. Rjochtfeardiging fan myn bistean: ta skom to slaen op it bazalt fan dyn ôfskerming. Yn tûzenen atomen opstige en forgean. Ut millioenen drippen kin de greate sinne mûlk in brêge tsjoene oer dyn lytsens hinne. Hjerst. Wês mar stil en lit my nou allinne. Wy sille elkoar net mear birikke kinne. Hark- it reint wémoedich op 'e blêdden. Fan it feest is dochs neat mear to rêdden. Siz nou neat. Hwat jowt in lyts forwar? De skied is al to great lit my nou mar. De winst? Elts hâldt hwat lytse wurden, dy't men by einbislút oan nimmen mear kwyt kin. [pagina 323] [p. 323] Arabesken. Altyd wolste triuwe oer de grins fan it biwuste de dreamen dy't driuwe as fûgels op 'e kusten. En dy't yn 'e stille keamer sa wêzentlik libje kinne dat hja teller en neamer fan dizze ûre binne. Altyd komt it momint dat hja stean op 'e grins fan 'e died. It stille sjongen bigjint fan it nea song'ene liet. Dan g'lide hja werom - weagen by eb op it strân - en foar wetter en wyn stean stom har printen yn it sân. Vorige Volgende