Earst Dr Postma. Dy makket it noch al skaplik mei my. Hy is de âldste fan myn trije opponenten en hat it measte bigryp foar de moart. Hy bisiket konkreetwei en sûnder greate wurden of theory efter de moart to kommen. Nou moat ik earlik sizze: Dr Postma syn analyse fan it gedicht fan Lodeizen foldocht my net. Dy is my to earm en net totalitair genôch. Der is mear nedich om to biwizen dat myn formule ‘ynkringende charme’ der neist is. It is wol aerdich, fêst to stellen: moai byld, aerdich sein, libben byld ensafh., mar dêrmei hat men it gedicht net yn in totaliteit fongen, it allinne mar útinoar roppe. It giet net om de wearde fan alle bylden en notysjes op harsels, it giet om har plak yn it gehiel, om har bydrage oan de atmosfear fan it gehiel. Dr P. rint dan ek fêst mei de ein fan it fers, dêr't er gjin logysk forbân mear fynt. It is hjir ek gjin logysk forbân, mar in assosiatyf forbân. Net alhiel sûnder charme, seit Dr P. As hy nou mar bigrepen hie dat myn tafoeging ‘ynkringend’ net bitsjutte: charme yn it kwadraet of bûtengewoane charme, mar ienfâldich in neijer karakterisearring fan it wurd charme wêze woe, ta ûnderskieding fan oare foarmen fan charme, b.g. dy dy't yn it muzikale flak leit, lyk as yn it type ‘Ambrosia wat vloeit mij aan’ etc. Ynkringend, om't ‘Langzaam’ fan in skerpe, suver etste plastyk is, in kleare, heldere evokaesje fan winter-atmosfear, sûnder de wenstige attributen fan snie-oerdutsen boerepleatskes en krystmantsjes. Hwerom't dy winter in ‘slechtaard’ is? Ik wit it net, miskien om't ik mei rheumatyk op bêd liz. Yn alle getallen is it in tige maklik to bilibjen metafoar. Hwerom't it gedicht ‘Langzaam’ hjit, wit ik ek net. Miskien is it in printflater, mar dan ien dy't my net steurt. Miskien is it om oare reden, b.g. om't de winter sa
stadich eint, of omdat ús bloed, nei't men seit, winters sa stadich rint. Ik wit it net, en it ynteressearret my gjin spoen.
Hwat my al ynteressearret is, hwerom't ús jonge dichters Lodeizen en Gorter net lêze, alteast net neifolgje meije, en Leopold wol. Ik soe sizze: se meije se alle trije lêze (wy binne net yn it lân fan de Idil), mar net ien fan trijen neifolgje. Ik joech Lodeizen net ta foarbyld, mar as foarbyld.
Dat it gedicht fan Lodeizen (ik hie ek Freark Dam syn ‘Nachts as it donker is en njûr’ nimme kinnen) ‘mear hwat foar bern’ is, bin ik wol hwat mei Dr P. iens. Mar it is in opmerking dêr't fiergeande konsekwinsjes efter sitte. Hoe komt it dat bern ornaris suverder en ûnbifongener op poëzij réagearje as greate minsken? Omdat de tael by bern noch net yn tsjinst stiet fan de itige tradysje, mar fan de libbene fantasij. Omdat by bern de tael noch ‘alle kanten út kin’. Mar dêr komme wy yn 'e rin fan dizze kronyk faeks noch wol op werom.
Hwat de hear Jousma oanbilanget, dy komt mei swier geskut. Hy bringt it Hillige yn it fjûr en ‘dat hwat net fan dizze ierde is’, de ‘wrâlden, heger en better as dizze’. Sjoch, ik wol it bistean fan dy wrâlden net ûntstride, mar guon lju prate der my wolris to folle oer op in toan fan ik-ha-der-sels-west. Miskien wit Jousma yn it religieuze mear as ik, mar ik miende, wy hiene it oer poëzij. Dat is nammers hwer't de hiele saek op fêstsit. Jousma sjocht wol twa mooglikheden fan kunstappresiaesje, mar hy lûkt dat forskil mei in tragyske sucht yn it fjild fan de libbensskôging. O hwat binne dy jongelju fier mis. Hja wolle it Geheim, it Jenseitige hjir op ierde