Krityk yn it koart:
Nij libben of leste wiisheit?
DE FRYSKE FJOUWERRIGEL. In stúdzje fan Prof. Dr J.H. Brouwer. Utjefte fan it Litterair-Histoarysk Wurkforbân Fryske Akademy. Drukkerij Laverman N.V. Drachten. 1953.
Nei syn stúdzje Fryske Styl - in analyse fan in stik proaza fan R.P. Sybesma - komt prof. Brouwer nou yn dit wurkje nei foaren mei in rige koarte opstellen oer it kwatryn en it plak dêrfan yn 'e moderne Fryske litteratuer. Nei in Oanrin bihannelet de skriuwer efterinoar De Skiednis fan it Kwatryn, Yntocht yn de Fryske litteratuer, De âlde Master (O. Postma), In oare Master op dit wapen (F. Schurer), In klasse apart (A. Wadman), Oare Fryske kwatrynskriuwers, om to bisluten mei De oersetter fan Omar Khayyam (I. de Jong).
Sa'n ynhâldsopjefte allinnich al is klear oan to sjen dat de analyticus Brouwer syn nocht oan meneuveljen-mei-it-lancet hjir folop útwjirre hat. Syn niget oan en biwûndering foar dizze fersfoarm, dêr't de forbining fan it epigrammatyske en it wiisgearige alle oanlieding by jowt ta ûntlidding, moat grif great west hawwe, al hat er dy foarm sèls as dichter better net to witten nea bioefene.
Mar is de fjouwerrigel yn ús skriftekennisse wol drokkernôch bioefene, om der op dit pas al in aparte stúdzje oan to spansearjen? Nimt it kwatryn yn ús dichting wol in plak yn lyk as b.g. de copla yn 'e Spaenske? Hwat komme kin wit men net, mar yn dit stadium liket it s.n. ‘Easterske’ kwatryn yn 'e Fryske dichtkunst mear op in flechtich byforskynsel as dat it karakteristyk wêze soe dêrfoar. Dichters dy't it as folsleine en iennichste uteringsfoarm brûkten, hawwe wy net. En dichters dy't it - sûnder oan wurdboarterij to dwaen - tydlik as serieuze en needsaeklike fersfoarm tapasten, binne op 'e fingers fan ien hân to tellen. Is dêrom it wiidweidich bisprek fan Inne de Jong's wurk as Omar Khayyam-fortaler (wurk dat mar foar in part publisearre is en alhiel noch net yn boekfoarm) net in symptoom fan dy foartidichheit?
Yn syn Oanrin seit de skriuwer dat it kwatryn de lêste jierren yn Fryslân gâns opgong makke hat. ‘Men kin suver prate fan in moade.... Lyk as om 1915 hinne it sonnet, sa is nou it kwatryn de foarm, dêr't jonge skriuwers har folweardigens oan biwize kinne.’
Men is yn 'e wille hjir in pear greate en tsjûke fraechtekens to setten. It nust kwatrinen dat de lêste jierren yn Fryslân skreaun is, is ommers ûngelikense folle lytser as de oerproduksje oan sonnetten yn 'e tiid fan de Jongfriezen? Doe wiene der sels dichters dy't yn it sonnet har meast folsleine uteringsmooglikheit founen (R.P. Sybesma!), mar mei it kwatryn is dat op dit stuit perfoarst by gjin ien Frysk dichter it gefal. En is it wol in foarm foar ‘jonge skriuwers’? Foarsafier gjin Spielerei, is de fjouwerrigel earder slútstien fan in dichterlike skeppingsperioade (Postma, Scholten, Schurer) as dat it in fersfoarm is, dêr't jonge poëten ornaris har entrée mei meitsje yn 'e litteratuer. Anne Wadman's fers, yn dit boekje as foarbyld opnommen, mei ironysk bidoeld wêze, mar slacht dêrom likegoed in spiker op 'e kop: