De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 312] [p. 312] Freark Dam: De joadebern. Omt hja swart hier hie en in krûme noas Mocht Roos Cohen net by har poppen bliuwe. Se ha har mei de swipe fan de driuwer Hieltyd wer swypke as in beest. Net oars Is lytse David Turksma, amper tolve, Brûkt woarn as sjitskiif foar revolvers. En Isy Leefsma ha se op in moarn Deagewoan deaskopt, deagewoan. Fierwei de measten lykwols ha mar even gappe nei de siken Doe wiene it deagewoane berneliken. Astou nou nachts in bern soms eangstich skriemen hearst, Dan is 't dyn eigen; wês net ûngerêst. Mar wegerje heechhertich, wegerje bislist: Forjow de moardners nea, forjow nea de fascist. Joadesoan Jezus, wol ús bidden hearre, Lit nea in Joadebeul yn frede stjerre, Nim wraek foar juster en foar hjoed en moarn. Joadesoan Jezus, sjoch ús net sa oan. Vorige Volgende