Doe't hja op bêd soe, hie hja har net wosken en harsels yn 'e sliep widze mei de mânljus-rook oan har hannen.
It like al wer sa'n skoft lyn. Hja hie net útmeitsje kinnen oft de mânljus-rook fan Stein oars wie as dy fan him.
Hja soe wer trouwe kinne, bern krije miskien. Lange hja wol nei in bern? De bern op skoalle....
Yn 'e stúdzje wei geat se harsels thé yn. Ynienen barnde hja har troch de rôk hinne, hja houd it pantsje skean.... nuver, de pine die har goed.
Stein houd net fan thé, útsein mei rum der yn. Hy wie sljocht op thé, thé mei in protte sûker. Hja net, hja houd it mei kofje, sterke kofje....
- Lysbeth, dû hast dyn thé wer stean litten.... drink dat kâlde flut yn 'e goedichheit net mear op, smyt it yn 'e goatstien!
Hja klokte it handich troch 't kielsgat, hwant hy stie foar har mei de treppot en soe har fannijs ynjitte.
- Dû moatst dat wite keatling by dizze jûpe drage, Lysbeth.
- Dat wite? Fynst dat moai?
- Ja, binammen hjir by.
It die har goed dat er niget oan har klean hie. Hja soe dy griene strik dochs mar foar him keapje; hy wie krekt in bern, altyd bliid as hja hwat foar him meinaem....
Dêr rattele ynienen de telefoan. Stein?
Ja, it wie Stein. Oft er joun komme koe? Fansels koe er joun komme, hja rekkene der op. Wurch? Né, hja wie net wurch. Hy al? Soa.... nou, hy mocht him deljaen, hja soe hwat foar him rémeitsje.... oant salang!
Tonacht soe hja wer de mânljus-rook oan har hawwe, joun, joun.... Doe draeide hja de advokaet syn nûmer.
- Jo hoege gjin war mear to dwaen foar in skieding', né, liz de saek mar oan 'e kant. Hy is it sa wend alle jierren oer to kommen, enne...., né, ik wol net mear skiede.
Hui, dêr hie hja har omtrint forpraet, omtrint Stein der by helle. - Stein is der ek noch.
Mar stel dat Stein der wer mei ophoud, né stel, dat hy trouwe woe. Dan soe hja mei de eagen ticht, dan soe hja.... né, dêr wie 't net goed mei, it oantinken soe har hieltyd op mear fergje, hieltyd dy iene kant útdriuwe, hieltyd....
- Ik haw dy leaf!
Hja waerd wer kjel fan har eigen lûd. Doe liet hja har sinke, en sleat yn alles oerhearskjende langst de eagen.