De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 306] [p. 306] Tsjits Peanstra: Symphonij. I. Wy ha ienkear elkoarren foun Ik tink, 't is ieuwen al forlyn. Nou bin 'k foar jimmer oan dy boun Of - is it mar in dream miskyn? Ik wit, in boartlik ynstrumint In heinderbal allyk bin 'k dy, Dôch, hoe't ús libbenspaed ek rint: Ik stuitsje dy - dou stuitest my. Sa is ús leafde oars hast net As boartsjen op in smelle wei. Twa kleurde ballen, great en glêd, Spylje it spul fan dy en my. II. De wyn skuort oan it finsterrút En om ús is de tsjusternis, Dy't my en dy alhiel omslút Mei 't alderdjipste heimenis. Ik fiel de waermte fan dyn bloed, De krêft dy't yn dyn wêzen is En beevjend wachtsje ik de floed Dy't pine èn genêzen is. Nou reint it yn de njûre nacht En alle lûden gean forlern, Ik wit hoe fèl dyn leafde slacht En fiel my lokkich as in bern. III. Brek ôf! Wy steane by 't stasjon To wachtsjen. Alles nimt in ein. Wy steane op dit leech perron. Wy wachtsje op de lêste wein. [pagina 307] [p. 307] Jit trillet hiel ús symphonij Yn 't neare rhythme fan 'e trein, En wiist it floaitsjen my en dy Om ôf to brekken oan de ein. Ha wy ienkear elkoarren foun? Is it soms ieuwen al forlyn? Waerd ik foar jimmer oan dy boun Of - wie it dòchs in dream miskyn? Blau. Ien romer wyt, ien romer read. Ik drink wyt, dou drinkst neat. Ien bliuwt stean, foar dy forbean, net foar my. Ik drink wyt en read, dou drinkst neat. Vorige Volgende