De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 294] [p. 294] Laurens ten Cate: Twa gedichten. Bledside. Wite ûneinichheit swangrêd papier ûntfang de seinen dy't ik dy jaen sil joun dy't ik dy langsum biskriuw oan al dyn kanten lofts rjochts en yn dyn midden. Skrutene skoat jow dy del ûnder myn hân. Mar dyn hoeken lit ik iepen om de ûnformoede winst to boeken fan komme hwat komme wol as de oaren sliepe. * * * De tiid skout my foarút mei eltse klokketik bylâns de sirkel ik oant in geheim punt x seg'mint fan einbislút dêr't de rekkenmaster sprekûr' hâldt. Hwerby hweroan hwerhinne wurd ik âld. Vorige Volgende