De Tsjerne. Jaargang 8
(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 290]
| |
Jo Smit:
| |
[pagina 291]
| |
It forjitten dat it boartsjen is, dat alles ôfhinget fan de regels dy't men frij en souverein meitsje kin en it dêrtroch humorleas trochdraven, fynt men wier folle minder by âlderlingen as by sportspesialisten. En soms fynt men it ek net by kunstners, omt dy yn de steat fan genede wêze kinne. Freark Dam hat in boartlik stik skreaun. Dat bistjut dat it him mear om de foarm to dwaen west hat as om de ynhâld (dit lêste bileaven net op to fetsjen as it forhaeltsje dat as in soarte fan drank yn it g'lês fan de foarm getten wurde kin). De oarspronklike ‘Reynaert’, dêr't ‘Rjochtdei’ in fier neibern fan is, is ek boartlik. Mar Willem en Arnout (of twa oaren) hiene yn 't foarste plak hwat mei to dielen en dêrtroch hâldden hja har oan oare spulregels as Freark Dam dien hat. Efter Dam syn stik sit net it ien of oare boadskip dat er perfoarst kwyt moast, mar hy hat in biwurking meitsje wollen fan in aerdich forhael. Omt er net yn 'e hûd fan ‘Willem di Madoc makede’ krûpe koe, en ek net woe, moast er wol komme ta in ‘boartlike’ biwurking. Hy hat de kâns him ûntkomme litten der in skerpe, moderne satyre fan to meitsjen, sille guon sizze. Ja.... mar is dat wol sa? Wie dy mûglikheit der winliken? In satyre op hwat? Wis, as it ûnder de bisetting west hie, dan hie it faeks kinnen.Ga naar voetnoot*) Ik bin bang dat as Freark Dam it mei syn ‘Rjochtdei’ al de kant fan de aktuéle satyre út socht hawwe soe, it in forsearre en dêrom mislearre stik wurden hie. Dat kin yn gjin gefal fan ‘Rjochtdei’ sein wurde. Krekt oarsom, it is in tige libben en ek spylber toanielstik wurden. Dat Dam de toanielfoarm keazen hat - nei in Hollânsk mal - is leau ik in goed ding. Hwa't it lêze wol, kin dat sa like goed dwaen en boppedat is der altyd noch in kâns, dat hwat greater rounte der eat fan meikriget troch ris in opfiering. ‘Rjochtdei’ is skreaun yn rimende fersen en dat is Freark Dam mar tige goed ôfg'ien. Net allinne dat dy fersen nearne in dreun wurde, mar troch knappe enjambeminten en gelokkige trochbrekkingen fan it metrum sa libben binne as | |
[pagina 292]
| |
in hert, it rym hat ek syn funksje hjiryn en hat boppedat gauris in komyske wurking. Stikken glêdde poëzije wurde hieltyd wer, en sûnder dat men der op fortocht is, ûnderbrutsen troch sokke grappichoandwaende rymwurden of aerdige dûbelrimen. As in boartsjend bern dat mei de iene hân tuorren en poarten bout om se ynienen mei de oare hân om to smiten, sa giet Dam to wurk yn syn ‘Rjochtdei’. Hy skrillet der ek net foar werom yn de biwurking fan in sa âld forhael staf-en-af aktuéle dingen del to setten. Ek dat wurket grappich, mar it hat dochs ek in gefaer: it aktuéle is net sa lang aktuëel. Dam hat syn stik al skreaun foar in opfiering op de kulturele dei fan Opsterlân fan 1951 en fan ‘in kaptein dy't nou yn Warts sit’ witte wy nou amper de namme mear en in nije generaesje sil dêr - soene men hoopje - alhielendal gjin weet mear fan hawwe. De psycholog'y fan de ûnderskate dieren, mei har habsucht en har al-to-minsklike oare ûndeugden, is tige. Fansels it patroan dêrfoar is oanjown yn de oarspronklike Reynaert, mar dy karakters krije dochs earst winliken stal yn de petearen - yn dy lytse eigenaerdichheden yn wurdkar en wize fan sprekken - en dan kin men net oars sizze as dat Freark Dam dat op treflike wize dien hat. Hear hoe't Reintsje de Foks pleitet: Wy hiene in tige swier húshâlden, Keninginne:
Heit yn 'e steun - ik moast lâns merken rinne
En dan dêrby: ik kriich forkearde maten:
Trijekleur, de boarre, en Brún - dy beide laetten
My op de brede wei fan bloed en liken,
En wie 't by bloed mar bleaun..... mar nei net folle wiken
Learde ik it stellen ek fan har.....
‘RjochtdeilsRjochtdei’ is in knap stael fan fakmanskip, in stik wurk dat mei syn boartlike opset, mei it moai gauris komyske en mei de humor hjir en dêr, in geniet is yn in tiid dy't forgetten skynt to wêzen dat it net om de knikkerts mar om it spul giet. In tiid dy't party lju ek de knikkerts ûnthellet, omt hja har earnstich ôffreegje oft it miskien wier is dat it libben sûnder sin is. Dan soe der neat oerbliuwe; dan wie it libben net inkeld sinleas - hwat alteast noch alluere hat - mar deadsk.
Wy binne Dam dus tankber foar hwat er jown hat en oer syn holle hinne hieltyd ek noch de âlde Willem, dy't | |
[pagina 293]
| |
it by Madoc net litten hat. As it bistean fan ‘Rjochtdei’ der ta liede mocht dat nochris in stikmannich minsken mear nei de âlde Reynaert gripe soenen (dy't dochs yn de biwurking fan Dam wol hwat kastrearre is - mar bisjoch Dam syn wurk leaver op himsels!) dan is dizze ‘Rjochtdei’ jit mear rjochtfeardige. As it nedich is dat de krityk ek hwat oan to merken hat, dan soe dat wêze op de figuer fan Haechje, de deftige en dus Hollânsk-pratende houn. Dy Haechje, dy't satiryk bidoeld is, hat to min eigen karakter om hwat mear as in hwat guodkeap effekt to hawwen. Mar oars alle lof. Ien ding noch, dat ik ek foarop setten hawwe koe: de boartlike biwurking fan Freark Dam hat allinne mûglik west troch de firtuoaze taelbihearsking fan de dichter. Krekt foar dit ‘ûnserieuze’ soarte fan wurk is it masterskip oer it idioom ûnmisber. Dêrtroch ek dat dit bisprek sa folle minder boartlik útfallen is as ‘Rjochtdei’ rjocht op hat. Om noch efkes op dat masterskip werom to kommen, dat is ek de grounslach foar oar, yn mear as ien stik greater wurk. Dêr wachtsje wy nou mar op. |
|