De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 289] [p. 289] Fedde Schurer: Jozefs dream. foar Rixt. En ik dreamde, wy wiene op it lân Mei it lêst fan 'e risping dwaende Wylst it goud fan 'e sinnebrân Yn it westen al sêft toraende. En ik dreamde, ik bûgde my del Om de bân om myn skeaf to draeijen En dreamende waerd ik kjel Om dy stikmannich simpele raeijen. En ik dreamde, ik kaem forheard En skruten op 'e ikker nei foaren, Hwant myn eangst en myn freze wie great Foar it rjochtelik oardiel fan de oaren. Ik dreamde, de straf soe swier Oer myn skuldige holle stoarte, Hwant elk wie hjir bannich yn 't spier En ik hie myn dei forboarte. Dêr stiene hja njonken elkoar Us skeaven yn rjochte rigen, Doe forweegden hja ien foar oar Om dimmen foar mines to nigen. En ik dreamde dat út myn skeaf Rju bloeijende roazen sprongen En dat yn it simmerleaf In klyster bigoun to sjongen, Oer it lân as in dreamesé Stige de jountiidsdampen, Mar de seal foar it feest is al ré En dêr binnen barne de lampen. En in stimme seit helder en tear: ‘De leafde is mear as robinen’ - En in hân set it feestmiel klear En in hân slút hoeden de blinen. Vorige Volgende