sjocht tomûk nei him, hy hantearret mes en foarke as hie er it yn syn memme skurte al wend west. Skielk, tinkt hja, en nou glimket hja stil foar har hinne, as ik fiifentweintich jier mei him troud west haw, sit ik ek sa rjocht as in planke op 'e stoel en haw ik de kunst ôfsjoen. Hja sjocht mei niget nei him, hoe't hy de bôlle yn ûnnoazele stikjes snijt en oan 'e foarke pikt. Hwat soene ús jonges my de gek oanstekke, as ik my thús sa ris oanstelde, dêr hawwe hja gjin tiid foar en nocht oan sa'n omhael, tinkt hja. Hja sjocht har Helt syn foars postuer foar har en heart him wer sizzen: As dat mar in man foar dy is, troch al dy omballingen ken hy it skoandere libben net! Hja is sa yn prakkesaesje, dat hja forjit to iten sa as de wet it har hjir foarskreaun hat, hja set har geve, wite tosken yn 'e bôlle. Mar dat giet net op.
Learst dat nea ôf? seit hy. Syn lûd is igael, en dochs fielt hja djip syn minachting en hja wit hoe hy har leechleit, har en har hiele skaei. Hja sjocht him oan mei krityske eagen, kriget in tsjinsin yn him. Skriklik is 't! seit hja spotsk. Hja docht dan as bistie hy net en giet har eig'en gong. As syn leafde hjir mei stiet of falt, dan mar falle, dat hat hja tûzen kear leaver as dat hja har blynsjocht op 'e skyn.
Mar hja wit dat hy har nou hifket, harsels, har manearen, har dwaen en litten en dat hja fier ûnder de mjitte bliuwt en ta weismiten keard wurdt. En dat rekket har djip, de haet slûpt har yn it hert. De útdrukking fan har antlit wurdt kâld:
Dou woest wol datst my nea sjoen hiest, seit hja. Hy anderet net en bliuwt tergjend kalm.
Mar, seit hja, ik haw my ek yn dy forsind. Dou, dy't noch folle better witst as ik, dat de wrâld op springen stiet, sjochst dy blyn op dingen dy't neat mei fatsoen en aerd en karakter to meitsjen hawwe.
Hy giet net yn op har wurden. Hja wit dat it him de muoite net wurdich is.
Lit dou in oar hwat mear yn syn wêzen, seit hja hertstochtlik, dêr hat elk dochs rjocht op. Hwat binne foarmen? Elke tiid en elk folk en elk oar formidden en slach folk sjocht it wer oars. Lit der forskil wêze, oars is it libben dea! Bigrypst dat net! Dan brekt hja ôf, it seit him dochs neat.
Hy sit har oan to sjen mei in antlit dêr't neat fan út giet en dat riedseleftiger is as de dea. Is dit de man dy't har