| |
| |
| |
[Nummer 9]
D.A. Tamminga:
De dea fan de Greve fan Henegouwen.
It Aldfrânske gedicht út 'e 14e ieu, dêr't hjir in oersetting fan jown wurdt, biskriuwt striid en útein fan Willem IV, greve fan Hollân en Henegouwen, dy't de 26e Septimber 1345 fallen is yn 'e slach tsjin de Friezen ûnder it doarp Warns. It fers is skreaun troch in ûnbikende midsieuske dichter út Valenciennes. De oarspronklike tekst is û.o. to finen by S.A. Waller Zeper: Jan van Henegouwen, Heer van Beaumont. Dizze neidichting is ta stân kommen mei help fan in wurdlike proazafortaling fan Dr C. Kramer. Oan him is dizze forfrysking dan ek yn tankberens tawijd.
Kleije, krite en suchtsje yn rou
Moat al 't libb'ne minskesie
Hy de wurdste yn heltedie,
Dy to wrâld nin lyknis hie,
Noch as freon, noch fan statûr
En syn fijân leafst wjerstie
Yn 'e slach mei swurd en fjûr.
Striidberheit, bigear ta rom
Dreau de Greef nei 't Fryske lân, -
Foartiid hie, by Utert om
Leeg'rjend mei syn ridderstân,
Elts him bean de hear'ge hân
En him eare en trou tasein. -
Dêrnei teach, foar koart bistân,
Elts yn Fryslân stie forheard
Oer de stêd dy't om bihâld
Joech bilies en frede sleat
Friezen, boaden mannichfâld,
Hawwe wraem yn Utert dien,
Mar hja krigene foet noch hâld,
Binne wrantlich hinnegien.
| |
| |
Utert's folk, mei spyt en grau,
Hat to pearde kundskip stjûrd
Frege om help op steande foet
Tsjin de greatske en euv'le moed
Fan de Friezen dwers en steech, -
Dizze tynge bloes de gloed
Yn it greeflik hert omheech.
Ut Brabân, út gea en stêd
Rôp de Greef syn ridderhear,
Riste in float fan skippen klear.
Doe de Friezen mannich kear
Driigjende mei dea en fal,
Easke er hear' g'ens en regear,
Hwant syn folk wie great yn tal.
Jean Beaumont, in prins fan steat,
Louis fan Namen, eal en ryk,
D'Enghien, lienman ûnforfeard,
D'Agimont, Jan, Loadewyk,
En d'Antoing, fasal fan 't ryk,
Mannich ealman fan Waelcourt,
Dy fan Lingne en Valincourt.
Kin mei namme net biskreaun;
Elts foar oar wie ridderslein,
Priizge en mind by sibbe en freon. -
Mar jitte is binefter bleaun
D'Horne, kriichsman ûnbiteamd.
Ek Mortain, yn striid bidreaun,
Moat hjir jit mei namme neamd.
Ek Gérard, út prinslik bloed,
Wie fan Florainville opkaem
Mei syn swide ridderstoet.
Lisereuilles, yn kriich bikwaem,
Ealman sûnder freze en blaem. -
Doe't de Greef syn folk oerseach,
Wytge er by Gods Hillich Laem
Oer de Friezen straffe en pleach.
| |
| |
Jean Beaumont spriek foar elts oar,
Joech de Greve 't earst biskeid,
Foun by hiel de Rie gehoar
Foar syn klear en moedich pleit:
‘Eale Neef, by God de Heit,
Jow Jo net to rêd fan 't sté,
Fryslân hat gâns folk en leit
Lyk in sterke stins oer sé.
Wachtsje, mei ik rie Jo jaen,
Oant de maitiid is bigoun,
Sterker tsjinwar sill' wy dwaen
As mei dit minmachtich boun.
Skeint de Fries Jins âffaers groun,
Docht er skea Jins ryk yntiid,
Ear't dat eigenst jier forroun
Slaen wy him yn fûlder striid,’
Mar de Greve, alhiel breinroer,
Sei: ‘Eale Omke, swij, ûnthâld,
Dit myn folk kin all'man oer,
Utkard lyk as nea to wrâld.
God dy't fiert it Albiwâld
Mei my stjitte út Syn Ried,
As men ea foar lef my hâldtj
'k Sil myn lânnen wreekje yndied.
Joegen jimme yn need bilies,
'k Wik jimme ûngenede en skea.
Bleau der ien ûnsillige Fries
Dy't my gjin earbiednis bea,
Hy sil stjerre yn ûnk en wea.’
Nei dy tael teach elts oan board
Sûnder frees foar swurd of dea,
Mannich ealman, gâns in float,
Kloarkers seine it Fryslân roun
Hwat yn Hollân gyng omhear.
't Machtich Henegouske boun
Kaem om rjocht en ridderear'.
Friezen brochten lânslju gear
Hwer't it slachfjild wêze koe,
Rôpen lûd fan striid, hwannear
Aenst de Greve lânje soe.
| |
| |
Friezen, sechstichtûzen man,
Haww' har dêr yn leage lein,
Eang fan finznis, boet noch ban.
Mar elts hie, by God, foarsein
Troch to striden ta de ein.
Fryslân, flamjend op syn frij,
Waerd jit nea dit rjocht ûntsein
Troch in frjemdfolk's hearskippij.
Doe't de Fries kaem yn 't fisier
Spriek Beaumont, mei hoeden aerd:
‘Eale Neef, har folk, wiswier,
Is mear mânsk en wiid forspraet.
Lit ús keare en, fan har skaet,
Licht dat mûklist har mislaet
Oant hja falle yn ús hân.’
Spriek de Greef: ‘Wês net oerloun;
Nou't ik iens har kliber seach,
Dylgje ik har jit foar dizz' joun.
Kearde ik, by Gods ivich each,
't Tige my ta'n ramp en pleach,
'k Wie blazoen en namme kwyt,
Gyng foar lef yn all'mans each,
Flechte ik foar dit skeamele dyt.’
Kriichsfolk dielde hy yn twaen.
Jean Beaumont teach oarrewei.
En de Greef liet, dryst yn dwaen,
Spylje op pipe en op skalmei,
Mar syn kloft, nei striid op wei,
Trof oan 'e igge ramp op ramp;
Wachtsjende oant de lette dei
Foel de Fries yn 't legerkamp.
Doe't de Greef dat stik fornaem,
Wyt fan woede waerd syn koan.
Hear d'Antoing is ta him kaem,
Sei: ‘Mesire, fal nou net oan,
Wachtsje op help, doch tiid ta moarn.’
Mar de Greef swarde eed nei eed
By syn hillige skutspatroan,
Hy soe stride of stjer byneed.
| |
| |
En hy sloech as de earste ta.
Fries nei Fries hat tsjinwar dien.
Guodden wieken, krekt oft hja
Wachtsjende op har maten wien'.
De eallju binn' bylâns har gien.
Doe omsingele har dat rút,
Hat har liep nei 't libben stien.
Nimmen koe ien wei mear út.
Hy, de Greef fan Henegou,
Mannich fijân dy't er sloech,
Mei syn twahâns-akse joech.
Wallencourt focht fûl en stjûch
Nêst de woeste Henri d'Antoing.
Wie har striid ek wyld en rûch,
Help en rêdding bleau to lang.
Hwant ûnleauber sterk en wreed
Krong de Fries yn kloften gear,
Brocht mei swurden, skerp fan sneed,
Henegou alhiel yn 't near.
Elts hie swern by God de Hear
Dat nin finzne ûntkomme moast,
Dea to dwaen nei hertsbigear
Skalk en ealman, feint en foarst.
Bloed'ge striid seach men oeral.
Mar eilaes, de dea wjerfoer
Mannich greeflik hôffasal. -
Rôp de Greef, fan grime oerstjûr,
Henegou ta kriich en fjûr,
Dy fan Hollân, dy fan 't Sticht,
Elts forkoft syn libben djûr,
Mar de wei ta help bleau ticht.
De Manni, út heech eal skaei,
Stoar de dea allyk in dier.
't Bruorrepear út Lingne wei
Foel mei Wallincourt wiswier.
Mei syn stimme lûd en swier
Rôp de Greve om Gods Bistjûr,
Mar nin ridder noch mesire
Rêdde it libben op 'en dûr.
| |
| |
Doe't de Fries syn kloft foargoed
As in ring yn 't roun omsleat,
Spriek de Greve yn greate noed:
‘Farwol, lân en hôfske steat;
Fryslân, 'k haw dy kennen leard
As de ein fan al myn rom,
Hjoed fynt hjir in iere dead
Pûk en piid fan 't Kristendom.
Farwol Omkes: Frankryks foarst,
Hear fan Inglân, fan Brabân,
Jo, Bourbon, Jo, Greef fan Blois,
Jim boppe-al haw leaf ik hawn.
Farwol, Julers en Alemant,
Wurdste Memme en leave Frouw',
'k Moat myn Henegouske lân
Hjoed forlitte yn smert en rou.’
Doe, in proai foar mannich Fries,
Waerd de Greve grousum deid.
Ek d'Antoing de amme útblies
Mei al de oaren, o planteit!
Friezen, wêrs fan skiklikheit,
Mijden neat en lyk in floed
Streamde yn dit smertlik pleit
't Kostber Henegouske bloed.
Tûzenen eallju, stom en drôf,
Hawwe yn 't fjild forsille lein. -
Jean Beaumont, de prins fan 't Hôf,
Hie earne oars syn tinten slein,
Murk de kampslach fier en hein,
Stoarme al óán ta stipe en hâld,
Mar syn skyldfeint hat him sein,
Hy moast keare om liifsbihâld.
't Friezene folk, op wraek bigien,
Liet oeral in bluodrich spoar.
Jean Beaumont, yndrôf as ien,
Gyng syn ridders elts foar oar
Wroegjende yn 'e ôftocht foar.
Op 'e float klonk lûde klacht
Oer de Greef dy't smaedlik stoar
Tsjin de Friezen, mânsk yn macht.
| |
| |
Hwa-man priizget efternei
Net Beaumont syn wiis biried,
Dat hy om syn Neef en skaei
Fan gjin Fries him húnje liet?
Ek al skriemde eltse ûndersiet
Om Mesire de Greef dy't bleau,
Nimmen dy't de reis forsmiet
Om 'e Súd nei sibbe en frou.
Bid Marije yn 't Paradiis
Foar de flechtling dy't sa njûr
Foel yn sé de dea ta priis.
Gods foarsjennich Albistjûr
Rêdde har siele út hel en fjûr,
Jane ús frede, jane ús rêst,
Dat de keaplju al wrâld oer
Nearing' dwane sûnder lêst.
|
|