Feysk en frjemd.
Nije printinge ‘De Gouden Rider’.
Ta gelegenheit fan de o.s. Fryske Boekewike, dy't op 30 Oktober iepene wurdt, sil der by Utjowerij Laverman N.V. to Drachten in twadde printinge forskine fan de fersebundel ‘De Gouden Rider’, dêr't de dichteresse Rixt de Gysbert-Japikspriis 1953 foar takend krige hat. De earste printinge, forline hjerst forskynd, wie noen in útjefte fan Kamminga to Dokkum, hwaens fûns troch de Drachtster útjowerjj oernommen is. In opmerklik sukses hat dizze útjefte, al fier foar't de priis takend waerd dus, hawn: binnen in jier wie de oplaech fan tûzen eksimplaren útforkocht. Al hat it feit, dat de bundel yn it abonnemint fan de Fryske Bibleteek opnommen wie, der sines ek oan dien fansels. - By deselde útjowerij forskynt dizze hjerst û.o. in nije (twadde) printinge fan ‘De Skarlún’ fan Reinder Brolsma.