| |
| |
| |
Op it harspit:
Fisioenen en nachtmerjes binne tige subjektive saken.
Oan Fedde Schurer.
Jo freegje my: moat dat wier? Moat der heroyk sitte yn in drama, yn in roman? Och, neat moat! My tinkt, de frage is mear: hwat sprekt jin al of net oan? En as Jo grypt wurde troch de persoanen út Our Town en harren libben, sil ik Jo wier net foar gek forslite, mar foar de safolste kear fêststelle, dat minsklike weardearring dochs nuver frjemd út elkoar rinne kin. En it wurdt jin foar de safolste kear klear, dat neat sa lestich is (en faeks sa ûnfruchtber) as petear oer filosofyske, literaire en religieuze problemen, hwannear't men it yn 'e groun fan de saek net iens is. Allinne yn de eksakte fakken kin men elkoarren ûndûbelsinnich fan ûngelyk oertsjûgje: fierder bliuwt alle skatten en skôgjen fan wearden in moai subjektyf kerwei en men forjit mar ál to maklik, dat hwat men ûndergiet (of nét) by it lêzen fan in fers, in roman, of by it sjen fan in toanielstik neat is, as in subjektyf en fakentiids a-logysk reagearjen fan jins persoanlikheit. Dêrfandinne ek, dat dichters en essayisten - nou just net fan origine de saeklikste lju - al gau de kant út geane, dat hja har eigen miening oer in bipaelde saek foar de goede en de tsjinstelde foar in oerwoun stânpunt of in nijljochtersidé hâlde. Ik wol graech tajaen, dat myn skôging oer O.T. ek dizze subjektive kant it neist is. Ik woe eins allinne mar ditte sizze: dit soarte fan stikken past net by myn persoanlikheit. Der binne miskien mear lju, dy't der ek sahwat sa oer tinke en dan wol ik bisykje, harren sprekbuis to wêzen. Miskien binne sokken der ek net: hawar, dan bin ik de sprekbuis fan myn eigen protestearjend ynderlik, dat dizze dingen net artistyk weardearje kin en dêrre roun foar útkomt.
Lyk as niis al sein: Pour discuter il faut être d'accord. Alteast oer inkele biskate bigripen. Alle lju, dy't in stelsel oanhingje, dat mient de oplossing jaen to kinnen foar de ierdske swierrichheden, alle lju, dy't leauwe yn de evolúsje fan de lêste tsientallen fan jierren as yn in posityf en progressyf barren, hja sille yn de eksperiminten fan de nije tiid serieuze saken sjen en de âlde foarmen forsmite en as oerwoun biskôgje. Dat kin ik skoan forstean, mar it der net mei iens wêze. Foar my is de wrâld yn wêzen deselde, dy't er tûzenen fan jierren west hat. Uterlike foarmen meije hwat foroare wêze, it wêzen bleau itselde. Evolúsje is in yndividuëel forskynsel, mear as in kollektyf. Us hyperyntellektualisme fan noutiids is in bern mei in wetterholle. It bringt follen fan ús oan de rânne fan de waensin, ytliken der miskien oerhinne.
Yn dat bliuwende troch alle tiden, Fedde Sehurer, dêr hawwe wy nou dat ivige, dat my net dwers sit, mar dat my heech leit. Kunst sil wêze in spegel fan dat ivige of hja sil net wêze. Ik bidoel hjir net in dierbere spreuk to sitearjen of in great wurd to brûken. Ik mien ek net, dat allinne de deaden God loovje moatte en de libben en net; ik mien net, dat dit diesseitige libben neat weardich is. Ik tink, dat it in spegeling is fan hwat folle machtigers, dat wy yn ús biheindens oars net as yn dizze foarm waernimme kinne.
| |
| |
In konstatearjen, dat Kristendom en houlik ienris sjoen wurde sille as oerwoune foarmen, hoeft jin net nei de kiel to gripen, as men wit, dat religy en leafde boppetydlik binne. Hja binne wol fan de ivige dingen dát, hwat ús fan tichtby biruorret: ús forhâlding ta it Geheim en ta de spegeling dêrfan yn de eagen fan in minskebern, dat ús dêrtroeh ûnforklearber nei stiet.
It is ek net alhiel wier, as Jo sizze: Ik bin op dat ivige net yngien. Yn 'e midden fan Jou stik ha Jo it der wól oer hawn, doe't Jo sprieken oer it bliuwende mids al it forgeande. As it Th. Wilder of hokker skriuwer ek slagget, ús huverje to litten foar it Geheim, hat er syn doel birikt. Dat resultaet sil net by alle harkers of lêzers gelyk wêze en ik hoopje dan ek, dat Jo my forstean sille, as ik siz, dat ik it skoan forneare kin, as immen myn miening oer Our Town net dielt. Der oer stride lit him min: hwa sil op lêst oardielje oer it gemoed fan syn meiminske?
Yn myn krityk haw ik bisocht ûnder wurden to bringen (en soks giet fakentiids moai breklik), hwat my persoanlik bistoarmet by it lêzen fan stikken as Our Town (en hiel folle moderne romans derby). Mear as Adama van Scheltema seit my in oare dichter út ús jonge jierren, P.C. Boutens:
al de verschrikking van uw schijndiep duister:
ons adem keert uit u in angstgefluister.
van licht tot lichter licht
door ondiep donker onverstoord gebleven,
daar is geen dood, maar enkel leven.
My tinkt it nuttich, dat ek de stim fan harren, dy't ‘konvinsioneel’ tinke en skriuwe, heard wurdt en ik bin bliid, dat de redaksje fan ‘De Tsjerne’ sa rom oardielet, dat hja harren oan it wurd komme lit. Miskien binne wy it au fond noch mear iens as wy tinke.
A. JOUSMA.
| |
Fuortset petear.
It nuodlike fan in diskusje lyk as dy tusken Inne de Jong en my is, dat hja maklik de greate linen út it each forliest en yn 'e omballingen opgiet. Lykwols moat ik ta fordúdliking fan myn stânpunt op in mannich détails yngean. Détails binne ntl. net allinne forsieringen, mar ek faek de founeminten dêr't in redenearring op rêst. My tinkt is De Jong mei syn founeminten net botte fortúnlik.
Sa hellet hy de Nylbifloeiing oan as parallel mei de Fryske terpen en diken. Hy forjit dan de bevers, do eamelders en de bijen. Sûnder
| |
| |
pyramiden en keningsgrêven etc. wiene de Egyptners foar ús net folle méar as in minsklik soarte fan bevers, by al har vitaliteit. De vitaliteit fan Thermopylae is ek fan in oar soarte as dy fan it Parthenon, en de 80-jierrige oarloch, treflik foarbyld fan vitaliteit, is kultureel bisjoen ek gâns negativer phenomeen as de Hollânske ‘Gouden Ieu’. En hwat de kultuer oanbilanget dy't út ús terpen en diken ‘opbloeid’ is, ik leau dat ús Friezen dêrby wol hwat biskiedenens foeget.
Ek dy Ommelânnen sizze my neat as forgelikingsmateriael. Hwat hie der bard as Fryslân ris sa'n inktfisk-fan-in-stêd as Grins om syn agrarysk lichem krigen hie yn pleats fan de ûnskuldige plattelânsstedtsjes fan nou? Hoe swak ús eabele fiskers en boeren steane en altyd stien hawwe, docht earst bliken yn ús tiden. Hwat foar de Ommelânnen eartiids Grins wie, is foar ús nou Hollân, mei syn foarpost Ljouwert, sûnt in 50 jier tobek. As wy it der nou better ôfbringe is it net om't ús plattelânsfolk better yn syn skuon stiet as dat fan 'e Ommelânnen, mar om't de Fryske yntellektuëlen (meastepart fuortkommen út 'e sosiale laech fan 'e lytse middenstân) in Fryske biweging skepen hawwe dêr't alteast hwàt karakter en styl fan útstrielet. Mar wy sille ôfwachtsje, binammen op it Drachtster front. En as De Jong witte wol hoe sterk de geastlike vitaliteit fan de Fryske boeren is, moat er op 26 Sept. net nei it Klif gean, mar ris op in merkdei by de loketten fan 'e stasions of yn in bus sitten gean. Wis, karakter en styl binne sûnder mis idéaler middels ta kultuerhanthaving as it isolemint. Mar oft hja dêrom ek reëler faktoaren west hawwe, set ik yn 'e kiif.
De Jong seit, hy is him net biwust him skuldich makke to hawwen oan pathos. Wel, as er fan de Fryske skriuwer/strider seit: hy ‘fielt him better thús op 26 Septimber njonken de âld boer fan it Klif, in Himmelommer arbeider, in Gaesterlânske faem, by it liet fan wyn en weagen, as yn it selskip fan swellesturten en wite boarsten yn de Amsterdamske Stedsskouboarch’, dan kin ik yn sa'n utering, biwust of net dien, net oars sjen as pathos en ûnwierhaftigens. Dy boer en dy arbeider en dy faem binne, as hja op 26 Sept. op it Klif forsilje, ornaris fordwaelde nijsgjirrigen mids de ‘kloft fan striders’: idéalisten, bureaukraten en meirinders fan de Fryske biweging. It mei moai wêze it sa to sjen as De Jong, en passe yn 'e trant fan ‘dit myn folk’ en ‘Mem Fryslân’, mar it is net wier. Lyk as in domeny út in Frysk doarp mear geastlike mienskip hat mei in stúdzjefreon-domeny út Gelderlân as mei de skearbaes fan syn eigen parochy, hat de Fryske skriuwer mear mienskip mei in Hollânske skriuwer as mei in Fryske molksutelder. It is miskien biroerd, mar it is sa. It skriuwer- en yntellektuëel-wêzen is nou ienris in geastlike status dy't men net willemoeds om hals bringe kin sûnder jinsels forried oan to dwaen en rankuneus to wurden tsjinoer de swellesturten en wite boarsten, dy't men nammers yn Bolswert ek oantreffe kin, en dy't op 't lêst ek mar symboalen binne.
It giet by my net yn 't earste plak om de Fryske skriuwer, mar om de Fryske skriuwer. As ik it foar in kear ris hwatte pathetysk sizze mei: Ik soe it findel fan de litteratuer heechhâlde wolle tsjin de nivellearjende tendinzen yn dy't de striid foar geastlike forheffing fan ‘dit, myn folk’ nou ienris oanklibje. De striid foar it folk is likegoed needsaeklik. En it sil sels yn earsten ek wol
| |
| |
needsaeklik bliuwe dat de Fryske dichters dêr likegoed oan meidogge as de leargongjowers en de ponghâlders. Mar lit ús dat bileaven net sjen as in foarrjocht of in idéale tastân, mar as in stik ûngeriif dat ús skeppingsformogen ûnderstek docht, al wie it allinne mar om de kostbere tiid dy't it opfret. Lit ús it Frysk-nasionale koely-wurk sjen as hwat it is: in hurde needsaek, dêr't wy to ûnrjochte somstiden ek noch nocht oan hawwe, mar dêr't wy ús op tiid en ûre oan ûntwine moatte om wêze to kinnen dy't wy winliken binne.
Dat Inne de Jong myn skôging wurdearret as in boutade, is my bêst. Ik wol it wol oannimme as mear as in bileefdheitsphraze. It wie yndied in boutade. Mar tagelyk ek mear. De Jong hat dat sels ek wol field as er it hat oer ‘dizze synyske skôging’. Ik bin wol hwat wend en sil my dus oan dit wurd út de mûle fan in hoflik man net stjitte. Yn in biskate situaesje kin men sok in wurd sels as in earewurd opfetsje. De Jong bigiet hjir de oerflakkichheit fan safolle goe-friezen dy't alles hwat yn 'e pleit giet tsjin de dierberheit en foar geastlike hygiène koartwei synysk neame. It is in goedkeap middeltsje om immen in prip to forkeapjen en hat by in biskaet soarte fan supporters altyd sukses. Mar it rekket de kearn fan de saek net.
Dy kearn fan de saek liet by my nammers noch net ienris yn myn konstruksje fan de biweging-om-de-biweging, al is dat foar my mear as in konstruksje: in feitlikheit dêr't wy mei rekkenje moatte. Mar ik wol dy feitlikheit: it folk is der foar de biweging en net oarsom, net sjen as har úteinlike rjochtfeardiging. Ik haw nea sein dat ik dy tastân sjoch as in idéalen-ien. Ik sjoch it as in hurde, biroerde feitlikheit, dy't wy ûnder it each sjen moatte, mar dy't, sa haw ik yn myn réaksje útienset, dêrom dochs noch net alle sin oan dy biweging ûntnimt. Nimmen hopet mear as ik dat it in tydlike tastân is. En dat kin, as de biweging-as-politike-organisaesje de wei ta it folk fynt. Dat docht hja net. Kin Inne de Jong biwize fan al? Syn hiele stik is der om to biwizen dat it net bart. En it is, en dêrmei komme wy oan 'e kearn fan 'e saek, net de taek fan de Fryske skriuwer, foarsafier't er gjin ‘folksskriuwer’ is, en sels miskien dan noch net, om dy tastân to foroarjen. De earste taek fan de skriuwer is to skriuwen, en to skriuwen neffens syn eigen oanliz en persoanlikheit.
Hwat bidoelt De Jong as er in solidair forbân skeppe wol tusken de Fryske skriuwer en ‘syn folk’? It liket sa ûnskuldich: ‘Hy hoecht ek net spesiael oer ús bollen en ús redens to skriuwen.’ Ja, ja, dat klinkt moai en royael, mar hwat is de praktyk? En hwat is de letterlike konsekwinsje? Dat de Fryske skriuwer útsoarte en fansèls al Frysk strider is, allinne troch it feit dat er de Fryske tael brûkt. Mar sa bidoelt De Jong it net. In Hollânsk skriuwer is ek noch gjin Hollânsk strider, al brûkt er de Hollânske tael. De aep fan De Jong syn takomstidéael komt út de mouwe, as er it hat oer it forlet fan striidlieten en in weardich opfolger fan Fedde Schurer siket. Noch ôfsjoen hjirfan, dat Schurer noch lang net forsliten is en, as er dat wol, syn striidlietepaed sels wol skjinfeije kin - hwat soe in moderne jongerein foar artistike en geastlike bifrediging fine kinne yn in striidliet dêr't gjin striid is? De striid is gjin gefolch fan striidlieten, mar striidlieten komme fansels as der striid is. Striidlieten sûnder striid binne allinne mar bispotlik,
| |
| |
net om't hja ta de kunst mei in lytse ‘k’ hearre, mar om't hja yn
dizze situaesje gjin oanklang fine yn ‘it folk.’
Inne de Jong forklearret it manko fan de jongere litteratner út to min nasionael pathos. Us jongerein soe to folle fan de beam fan it yntellektualisme fretten hawwe om noch in soune mythyske skôging to hawwen. Ik leau dat net. Der is genôch nasionael pathos, dat net itselde is as nasionale striid. Ik bliuw der by, dat nasionael pathos earder in stan-yn-'e-wei is foar de opbloei fan in nije litteratuer. De jonge dichters fiele dat hja Fryslân kwyt moatte as probleem. Hja wolle Fryslân akseptearje as in feitlikheit dêr't net fierder oer praet wurdt, lyk as in Hollânner Hollân akseptearret. Hja wolle net langer oan 'e founeminten fan folksopbou omwouterje en analphabeten bikeare. Mar fan alle kanten gnysket de needsaek ta Frysk-nasionale opbou harren oan. Hja moatte de pathetyk fan ‘it folk’ bidriuwe en bilibje, hja moatte in oar wêze as dy't hja binne. Hja wolle Fryske skriuwers wêze, mar hja wurde twongen om Fryske skriuwers, dus striders to wêzen, en dêr tankber foar to wêzen ek noch. Wis, it kin goed wêze foar de solidariteit, en it kin soun wêze ris neist de Klifster boer oan 'e lodde to stean, mar it is de pest foar de litteratuer as men it lodzjen oan it skriuwen fêstknôtsje wol. It makket minne striders, ûnhandige politisi en frustrearre dichters.
Ik ûntwyk dy solidariteit mei it Fryske folk net. Mar ik pas derfoar har to sjen as de kompleetmakker en de sin fan myn libben. De Jong syn eask om foar Fryslân to kiezen akseptearje ik, mar ûnder protest. Dy kar doch ik as Fries (as ‘strider’ byneed), mar net as skriuwer.
‘De Tsjerne’ is yndertiid yn sé gien ûnder it motto: ‘De bining forbrutsen’. Dat bitsjutte net allinne in ôfskied fan de breukbannen en de V.S.-pipermint, mar ek it opstekken fan it findel fan de Fryske litteratuer, los fan it domein fan de ingenieur- en de bureaukraet-yn-funksje. It bitsjutte de kar fan in eigen domein. De gong fan saken hat ús fan dit paed gauris ôfbrocht. Dat nimt net wei, dat it motto suver bliuwt en dat wy fuortfarre moatte mei der nei to stribjen, sa folle en sa faek as it taeije ûngeriif dat Fryske biweging hjit, ús gjin dwerse kneppels smyt.
ANNE WADMAN.
|
|