| |
| |
| |
Hylkje Goinga:
De eed.
Forjow, Wytske, forjow my, ik sil it net wer dwaen, wier net! Ik há tocht oan ús eed: ‘Wy sille nea trouwe bûten inoar om en sûnder elkoars goedfinen’. Wy wisten it doe sa goed, hoe't wy mislearre houliken ta de wrâld úthelpe soene, dou en ik, en dêrom hiene wy elkoar sward ta to sjen op ús kar, ik op dinen, dou op minen. Twa bruorren, twa freonen of sa. Op eigen manneboet soene wy neat.
Mar, Wytske, ik hie it dy Moandeis sa drok hawn (wy moasten de gebiten fan skoalbern neisjen) en it wie sok ôfgryslik moai waer, dy jouns, en ik wie sa bliid, omdat de sinne noch skynde, al sakke er al, èn om in hiele protte oare dingen, dy't gjin namme hawwe, dat ik moast, wylst ik dy sakjende sinne, read as in sinaesapel, lyk yn syn gesicht roun, iderkear omsjen.
En wier, Wytske, ik wit it, sûnder bybidoeling's - ik groete elke fytser, weau tsjin eltse auto. It hat sa wêze moatten. Hy hâldde stil en ik stapte yn. Ik wie foreale op dy moaije slide fan in auto. It lot hie my in Amerikaenske journalist yn 'e earmen smiten, hy hiet Bill Green. Wy hiene dus sahwat deselde namme: Willy Groen. Syn Hollânsk wie bihyplik, mar safolle wurden hiene wy net nedich. Soks hie ik noch nea meimakke, Wyts, ik wie mysels net mear hielendal. Yn in sucht wiene wy op 'e Ofslútdyk. Ik seach Bolsert lizzen, in tel, doe wiene wy it foarby. It like my ta, as wiene wy yn Switserlân, - hwerom wit ik net.
Wy kuijeren op 'e sédyk. Gau, mar sûnder ek mar eat fan biwegen to sjen, foel de sinne; ik hâldde myn siken yn. Ynienen sei Bill: ‘Daliks sist er.’ Wytske, as ik der nou oan tink! Mar doe wie nou net. Ik wie blyn. Wy hawwe sitten yn in restaurant dêrre. Wy dronken sinaesapelsop en wy smookten sigaretten foar de helte op. Wy hearden nei de gramofoan (Bill hie frege, oft er ek hwat lûder koe), omdat wy der nei hearre móásten.
Dy jouns wie ik hiel let thús. Doe't ik myn tosken boarstele en yn 'e spegel seach, lake ik mysels freonlik ta: ‘Ja, Willy Groen, dou wurdst in mrs.; hy nimt dy mei nei New York!’
Wytske, ik dreamde dy nachts fan wolkekliuwers; der
| |
| |
wiene twa: boppe op 'e iene stie Bing Crosby to sjongen, op 'e oare Doris Day....
Wytske, lês troch! It hat in wike duorre. Ien wike. Ik ha sa'n reis makke geastlik: ierde, himel, hel, ierde.
De oare deis brocht Bill my yn 'e auto nei de toskedokter. Hy wie sa bileefd, sa yn-hoflik. Mar hy weau my net nei, né, hy draeide oan 'e knop fan 'e radio, socht kaugom en doe stiek er in sigaret oan. Hweròm seach er nou net om, even mar?
Myn baes wist net hwat er oan my hie. Ik hie myn lippen opferve, fjûrread. Letter hie ik reade neils, brune fingers fan 't roken, in echte platina-blondearre hiertûfe op myn foarholle en spul y n myn eagen, sadat ik mar amper mear sjen koe, ik hinke op hege hakken en hie de djûrste jurken foar deis oan.
Wy moasten wer nei skoallen ta. It wie ôfgryslike waerm, de Tiisdeis. De bern wiene sleau en hingerich. De middeis om trije ûre hearde ik in toeter: Bill, myn Bill. Ik waerd ûnhandich en wie koart tsjin de bern mei de switterige foarholtsjes. My tochte, dat se stonken. Bill soe fris wêze, nei sjippe rûke. Hy hie sokke wite tosken.
Hoekstra nammers hie ek syn nocht: moarn mar fierder. Ik kreaze my op, ferve my oan alle kanten by, tocht hwat Bill allegearre wol net sizze soe en stapte blier en senuweftich yn 'e auto. Alle bern stiene der om hinne to koekeloeren. En, Wytske, hoe't alles sá gau koe, ik wit it net: mei in auto g'rôtfol bern rieden wy nei Gaesterlân. As in Heit en Mem, tocht my, gongen wy nei in hotel dêrre; wy dronken coca-cola en de bern healwizen yn 'e boarterstún. Ik siet yn hûnderttûzen noeden. Bill, dy lake om alles hwat ik sei, frege, oft ik myn lippen byfervje woe, smiet heal opsmookte sigaretten fuort, liet de ober drave en praette en fortelde mar. Wy moasten nedich fuort, nedich. Dy bern, har Memmen, dy't ik al stean seach, sykje, roppe, freegje, it slimste tinke, polysjes....
Al dy bern krigen in grouwe ysko, en sa njonkelytsen sieten wy wer yn 'e auto. Ik hope en bidde: wy hawwe dochs net ien forgetten? Mei skuorren yn broeken en kyltsjes, mei en sûnder sokken setten wy de bern op it skoalleplein ôf. It wie doe sawn ûre. Wy ieten yn in restaurant. Togearre. Einlings togearre. Nou soed er dan myn hân beetpakke en sizze, dat ik de leafste frou op 'e ierde wie, dat wy trouwe soene, bern hawwe en in houn.... Wytske,
| |
| |
hy biseach panorama's, wrâldkroniken, Lifes, lies de Time fan A oant Z - en ik fielde my lokkich. Och, lokkich?
Doe't ik dy nachts op bêd stapte, wist ik it: in healjier, faeks in bytsje langer, dan wie ik mrs. Green. Wytske, ik dreamde dy nachts net.
As de god fan 'e leafde dy ienkear yn syn kloeren hat, Wytske, dan sil er dy gnjidzje, dan silst bûge, brutsen wurde, dan silst in bytsje deagean en silst it hearlik fine. Silst fiele, dat der neat mear yn 'e wrâld is as hy, bilibbest elts amerij in great wûnder, mei it forline hast ôfdien en it goud fan 'e takomst forblinet dy. Sá is it, Wytske, leau my.
Hwant dy Woansdeis! Ik liet my forliede om net nei Hoekstra ta to gean. Ik belle ôf. De goede siel sei: ‘Dy bern - moat ik der dan allinne op ôf?’ Ik wie dôf. Ik moast en soe mei Bill nei sé. Ik wie dôf, ja, mar yn 'e fierte hearde ik it rûzjen fan 'e weagen op it strân.
Dy dei dêrre! Underweis fiif kear in lifter. Bill liet net ien stean. Net ien. Wy wiene nea togearre; Bing Crosby en alle oare sjongstjerren, dy't Amearika út syn asphaltdiken mar opsjitte lit as poddestuollen út 'e groun, skreauden ús har leafdelieten ta. Soks moat jin, as it der op oan komt, troch ieren en sinen gean. It wie allinnich mar banael, tocht my.
Dy sé!
‘Dat is de sé’, sei Bill.
‘Ja,’ sei ik, ‘Fantastysk, net?’
Hy lake. Hy foun my grappich. En hwerom sei er doe net, dat er fan my hâldde? Wy klaeiden ús út. En Wytske, sels dóé seach er net even tomûk nei my. Ik bin earlik: ik seach wol nei him - forjow my, forjow my, mar syn rêch wie sa brún, sa moai brún. Né, ik sil it net wer dwaen. Fansels net.
Yn ús baeipakken leine wy yn 'e sinne, de noas yn 't sân. Der kamen hoe langer hoe mear minsken. Hwat woene se? Wy wiene hjir!
Ynienen stoude Bill oerein: dêr wiene freonen fan him, dat er har net earder sjoen hie! Stom, stom! Hy sei nèt, dat er iderkear nei my sjen móást, omdat er fan my hâldde, dat er it leafst my mei allinne wêze woe, né Wytske, dêr haw ik forgees to lang op wachte.
Wy derhinne: seis jonges, acht fammen, twa hounen en trije gramofoans. Dy dei ís omkommen. Wy dounsen op 't strân, wy draefden de sé yn, wy boarten mei in bal, wy
| |
| |
ieten, wy dounsen.... Bill tute in oar fanke, in oare jonge die it my. En ik? Ik sil it net wer dwaen.
Dy oare moarns waerd ik wekker op in frjemd bêd, by ien fan dy famkes, Rose-Mary.
Forjow, Wytske, forjow my!
Ik koe dy deis wer net nei Hoekstra, dy siel, dy goede man, sa'n leave baes foar my. Se hawwe him opskille, dat ik siik wie. En it bigreate my sa om him. Ik wie de hiele dei gjin mins. Ik hie oeral de sinne yn, bihalve yn myn efterst, sadat ik tominsten noch sitte koe. Se bistrielen my mei. Amerikaenske wûnderlampen, reade, griene en gewoane. Ja, dy jouns wie ik better en kofjebrún. Bill soe sizze tsjin my, dat ik forbarnd en brún en hearlik wie.... Mar Wytske, hy sei it net, hy seach it net iens. Hweróm fielde ik my oan him boun? Nearne net om, ommers! Mar, as ik him seach, him, syn auto, syn eagen, syn hannen oan 't stjûr, sa as hy lake, tsjin eltsenien, en tsjin my, dan raende der hwat yn my, sa nuver as soks is, Wytske.
It hiele stel gong mei nei ús stêd. Hja brochten my it earst thús, hwant ik wie wurch. Yn it portykje fan buorfrou Douma frijden wy even. As in grape-fruit siet de moanne yn 'e loft....
Freed haw ik wer nei Hoekstra west. Oant de jouns njoggen ûre ta, om de kaerten by to wurkjen. Om tsien ûre siet ik op it Paviljoen. Wy hawwe de nachts syld. Bill sylt bêst, sa ôfgryslike pûrbêst, dat wy nea kant of wâl rekken. Fóár ûnderyn songen wit-ik-hwa; ik fielde my ûnwennich en ik wie bang.... En wy sylden mar: krústen de mar op hûndert en ien manearen en wy jeuzelen oer auto's, strieljagers, iiskasten, scooters, lippestift en everglaze, nylon en films.
Om acht ûre, de Sneontomoarns fansels, stie ik sadwaende al by myn toskedokter op 'e stoepe. Hy lake, ik seach tosken. En doe, Wytske, wist ik net mear, hâldde ik nou fan him of fan Bill? Of fan gjin ien fan beiden? Mar ik fielde my hjir sa thús.
Sneontomoarns binne der allinne mar ôfspraken. It wie drok, en wy soene fuort, nei Brussel. Ik hie haest. Doe moast Hoekstra fuort, foar in spoedgefal. Ik bin fuortgien.
Wy hiene wer in auto fol; soldaten en forpleechsters. Wy hawwe dus nea togearre autoriden, bihalve dan dy alderearste kear. En, rieden wy krekt even togearre, fansels, in hûndert meter fierder in soldaet. Ik koe se wol sjitte.
| |
| |
Wytske, ik ha neat fan Brussel sjoen. Mar dan ek hielendal neat. Brussel is foar my in keale keamer, in great bêd, in wasktafel, in nachtkastke, mei flessen en glêzen, sinaesapelsop en tabletten. In man, in frjemde man, dy't Bill Green hiet, ynienen in snor hie, en út Amearika kaem, yn in ljocht pak, mei it bûsgroentsje, folprinte mei laitsjende koppen fan mânlju en froulju, boppe de broek. In stim:
‘Hoe g'iet it? Noch mislik? Sil ik in plaet foar dy draeije? Nou ja, dan net; ik hie better Rose-Mary meinimme kind.’ Doe wist ik, Wytske, hy hâldde net fan my, en hy hie nea fan my hâlden.
‘Donderje op, rot-Amerikaen, dystou biste!!’ skreaude ik. Hy gong fuort.
Ik hie wold, dat ik fan 't bêd koe, mar dat bistie net. Ik tocht, ik soe deagean. Mar dat gyng oer. Bill kaem werom, mei in freon fan him, in dokter. Dy kôge op kaugom en dy ûndersocht my en praette mei Bill oer ‘ús lân’ (dat wie Amearika, Wytske!), oer Ike, Korea, Syngman Rhee, oer East-Dútsklân, mar net oer my.... Se gyngen fuort, by de doar sei Bill, dat ik der de oare middeis wer ôf mocht, en dan helle er my op. Ja Wytske, ik bín al straft foar myn falske eed, wier, wier!
In keamerfanke brocht my sa nou en dan hwat to drinken. Hja praette Frânsk en dat forstie ik net. Jierren duorre dy dei. De Sneins om fiif ûre kaem Bill wer. Hy hie blommen. Foar my. Ik keilde se him om 'e earen, en ik ha se fortrape, dy reade roazen. Ik glied út en foel my hast in breuk. It koe my neat, neat skele.
De auto siet fol frjemde lju. God tank. Wy raceden, stieken nearne net oan. Omdat ik neat to spuijen hie, hoegde ik net.
't Wie nacht, doe't ik op 'e stoepe stie, neare nacht.
Wytske, forjow my, alles, - ik sil it net wer dwaen, ik doch it net wer. As ik kuijerje, sil ik myn hannen yn 'e bûse hâlde - né Wytske, ik kuijerje net wer. Ik swar dy, ik bliuw ús eed trou, oant yn 'e ivichheit!
En wy seine ‘Bye-bye’.
|
|