De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 244] [p. 244] Dam Jaarsma: Fjouwer gedichten. Forbeane frucht. Soms is my 't libben as in g'riene loane, Dy't útrint op in ieuwenâld kastiel. De groun dêr't ik op gean is dof fluwiel En oer my rûzje heech de boekekroanen. It wetter yn 'e grêft leit djip en donker, Forswijend in geheim, dat nimmen wyt. Sjoch, hoe't de ridder oer de brêge rydt Yn bont habyt mei folle stielgeflonker. Der risselt sêfte side tichteby En glimkjend stiet de ealfrou njonken my. Nou hat it teest gjin ein, it toarstich hert Wurdt ús yn lôgeljochte flamme set. Ut ien kristallen tsjelk drinke wy wyn Trochglinstere fan kleare sinneskyn. Ald lietsje. Der bloeit in blom yn 'e Maeijenacht, Mar myn leaf is hjoed forstoarn. De ierde rêst yn sulverljacht - Wankt nea de nije moarn? In goud'ne krânse lei dyn hier Om 'e keine holle woun; Dyn each spriek fan in heimnis fier, In fiver sûnder groun. De leaven trilje op 'e wyn, De geal, oanienwei, slacht - Dû wiest myn libbens sinneskyn, Myn stjirre en myn ljacht. [pagina 245] [p. 245] Der bloeit in blom yn 'e Maeijenacht. Dû leafste bist forstoarn.... Ik kom ta dy - bliuw op 'e wacht - Foar 't daegjen fan 'e moarn. It hus. Hoe hie ik 't hûs en dizze keamer leaf Mei 't bêdsket yn in kleur fan âld ivoar. Mar sont datstû fordwounst troch dizze doar Fiel ik my hosk en skouwer as in tsjeaf. Dyn each wie myld en goed en gol 't gebeart Hwannearstû 't miel foar my op tafel brochtst. Sietst' by de lampe tsjin my oer, dan tochtst Oan my wylst, ek al sei de mûle neat. Wol binne hûs en keamer 't selde bleaun, Noch is de skoarstienmantel like heech En hat de Jouster mei syn trouwe tik Hjoed wer de ûren oan inoarren reaun, Mar ien is swoun en 't hert fan d' oare is leech: Twa minsken bin hjir weitein, dû.... en ik. Foarjiersdei. Noudat de bjirkebeam fannijs Yn 't grien de tûken stekt, De narsis op har earste reis De wynsels iepenbrekt, It sinnegoud sa derten rydt Op marren en oer mieden g'lydt En wiid de wrâld to noegjen stiet, It 't dat my 't herte iepengiet. De fuotten reitsje amper groun, Hwat is de ierde blank en bloun! In jonge smyt syn pet omheech, Hwa dwaes petearet nou noch dreech? Hjoed sette wy de fjilden yn En nimme alles mei, Lit dideldeintsje sinne en wyn En ploaitsje bliid de dei! Vorige Volgende