| |
| |
| |
B.O. Lodewiges van Mynden:
De Sweedske kunstner Helge Zanden.
‘De sterkste man to wrâld is dy, dy't it iensumste is.’
(H. Ibsen.)
Sweden leit oan de perifery fan Europa. Dat moat men nea út it each forlieze, as men oer it algemiene byld fan de Sweedske kultuer praet. It hat lang duorre foardat it lân opnaem wie yn de rounte fan de westerske, Kristlike kultuer. Yn 1178, yn de tiid fan de Krústochten, doe't de Noarske kening Sverre yn Midsweden kaem, hearske dêr yn g'reate gebieten de barbaerske Odinstsjinst noch folslein. Om 1350 hinne waerden de wetten fan Dalekarlië skriftlik fêstlein. 200 Kilometer noardwest fan Stockholm bistie doe noch op en út de primitive sosiale organisaesje fan de Wytsingetiid, mei in slavestân, dy't alhiel gjin rjochten hie. Dy opkear yn de ûntjowing fan de Sweedske kultuer hat fansels ek fan greaten ynfloed west op de Sweedske kunst. Hwat Sweden foar de 18de ieu oplevere hat oan skilderijen en byldhouwurk, oan goud- en sulversmeiwurk, hwat der op it stik fan boukunst de muoite wurdich is, waerd troch bûtenlanners en op bûtenlânske wize útfierd. Earst nei 1700 kin men in eigenlike Sweedske kunst stadich en skruten opkommen sjen. Yn Noarwegen ûntstiet in ynlânske skilderkunst sels earst nei 1800.
As gehiel fortoant de Skandinaefske kunst inkelde trekken, dy't in distânsje skeppe mei de oare Europeeske kunst. Hja is robúst en nayf en dat bliuwt har bisûnder aksint ek as hja bisiket har raffinearre, subtyl en sofistysk foar to dwaen, en it-libben-sêd en dekadint lykje wol. De krêft fan de Sweedske en Noarske kunst leit earder yn it koloryt as yn de tekening en yn de motiven siket hja folle mear de natuer as de minsklike figuer. Yn de Sweedske kunst is it muzikael elemint tige sterk. De hichtepunten fan 'e Sweedske skilderkunst en literatuer hawwe faek in sterke natuerlyryske ynslach. Yn tsjinstelling mei Denen en Noaren, dy't yndividualistysker fan aerd binne, hâlde Sweedske kunstners derfan om artistike skoallen en groepkes to foarmjen, mei in mienskiplik programma.
Dat Sweden geografysk sjoen oan de rânne fan Europa
| |
| |
leit, forklearret mear as de lette ûntjowing fan de Sweedske kunst allinne. Foar in part kin men der ek út forklearje hwerom't de measte Sweedske kunstners har gau, maklik en folslein oan bûtenlânske ynfloeden oerjowe en ré binne le dernier cri út München, Dusseldorf en Parys út to drag'en. It is net oerdreaun to sizzen dat yn de lêste decennia yn de Sweedske kunst de tradysje opkaem is, tradysjeleas to wêzen. De kunstners, by hwa't it stribjen om ta eltse priis ‘radikael en revolúsionnair’ to lykjen blykber in soarte fan konvinsionele twang wurden is, foarmje yn Sweden in kompakte mearderheit. Dit moat hjir fêststeld wurde om it wurk en de persoan fan Helge Zandén opkomme to litten út de wiere eftergroun. Hwant hy is ien fan it lytse keppeltsje Sweedske kunstners dat de holle koel hâlden hat en net foar Picasso, Gris en Chagall troch de knibbels gien is.
Yn it bigjin fan de 19-de ieu libje Zandén syn foarâlden yn Västergotland, in gea yn Midsweden, as lytse boeren, boerearbeiders en hantwurkslju. Syn Pake fan heitekant, Johan Effraimsson, wenne tichte by de stêd Boras. Deis arbeide er dêr yn in ferverij en jouns op it lytse boerespultsje dat er hierd hie. Warber en kloek, koed er safolle oergarje, dat er op syn âlde dei it spul keapje koe.
Ien fan syn soannen, Martin Johansson, naem letter de namme Zandén oan. Dy wenne mei syn húshâlding yn in âld houten húske yn Boras, dêr't er in keamer en in koken fan hierde. Yn dy biheinde romte waerden seis bern yn earmoede, mar dochs ek yn sounens great. De skilder Helge Zandén wie de âldste. Mar it mei safolle minsken byinoarwenjen yn in pyplyts húske waerd to biswierlik op it lêst en dêrom kaem Helge Zandén al as jonkje by syn pake en dy. Dêr to Kyllängen, yn it lytse read en wyt biskildere blokhûs tusken de apelbeammen en de bjirken, brocht er harmonyske bernejierren troch, dy't fan biskiedende bitsjutting wiene foar syn lettere ûntjowing. Simmerdei en by 't hjerst swalke er wikenlang yn 'e bosken om, om framboazen en blauwe en reade blebberbeijen to sykjen, dy't er dan sels yn kuorren nei Boras droech, fiif kilometer fier en dêr op 'e merk forkocht. Yn de jongesjierren krige er in sterke leafde foar de natuer. By de jacht op eland, ré, auerhoanne en bjirkhoanne, by it fiskjen op salm en forel hied er g'elegenheit it libben fan de dieren to bistudearjen.
De âlde minsken dêr't er by wenne, wiene djip religieus en soene de tsjinst yn de tsjerke fan Brämhult, dy't fjouwer
| |
| |
kilometer fan har hûs stie, net in kear oerslaen. Helge Zandén gyng altyd mei en dy tsjerkereizen troch bosken en fjilden, de preek yn it skildereftige doarpstsjerkje, de earnstige petearen fan de âldminsken mei de oare tsjerkgongers, dat allegearre hat op it ûntfanklik moed fan de kunstner in djippe, fruchtbre yndruk makke, dy't yn syn letter libben hieltyd fan ynfloed west hat.
As jonge fan sechstsjin wurdt Helge Zandén hommels út dit formidden weihelle. Hy moat fortsjinje, arbeider wurde op in masjinefabryk yn Boras, alle dagen tsien ûren oan 'e boarmasjine stean. Al nei in pear moanne wurdt er dwers en soed er it jok fan it fabrykswurk ôfskodzje wolle. Mar syn heit twingt him om it fjouwer jier út to hâlden. Dan kin er it net langer forneare. As er tweintich jier is, skriuwt er op in adfertinsje en krijt plak op in wagonfabryk yn Falun.
Fjouwer jier lang (1906-1910) wurdt Helge Zandén hinne en wer lutsen tusken de elektryske stielboar yn it wagonfabryk en de skildersezel, dy't er de jouns nei it wurk yn de omkriten fan Falun meisleept om meanende boeren, karakteristike forwoechsen dinnebeammen of de wide romte fan it Dalekarlyske lân to skilderjen. Hy spilet heale nachten op de fioele as der dounsjen is op de doarpen en fortsjinnet sa it jild foar ferve en linnen. As er net op it fabryk is, tekenet of skilderet er yn pastel, oalje- of wetterferve. Earst noch skruten, mar dan hieltyd moediger, jowt er de roes fan de artistike kréaesje bod.
Dan grypt ûnforhoeds it tafal yn. Yn Falun hat er fjouwer skilderstikken by in ferver yn de etalage hingjen. Anshelm Schultzberg, ien fan de bikendste kunstners yn Dalekarlië, sjocht it wurk en wit de direkteur fan it wagonfabryk safier to krijen, dat er om de skilderjende metaelbiwurker bigoun to tinken, dat dy waerd oansteld op in fabryk yn Stockholm, dêr't er nei in jounsskoalle koe, om yn tekenjen en skilderjen fierder to learen.
Ek yn Stockholm stiet er deis op it fabryk oan de elektryske boarmasjine en leart er jouns de technyk fan it tekenjen en skilderjen. As in pear moanne letter (yn 1911) in forsiik om op de Keninklike Akademy talitten to wurden tastien wurdt, doart er it bistean en weagje de sprong fan de boargerlike eksistinsje op de kunst. Dat bislút om alles op de iene kaert fan it kunstnerskip to setten, komt him op swiere hongerjierren to stean. Doe't er ris hwat to
| |
| |
lang fan kleare groat mei wetter libje moatten hie, rekke er op in kâlde winterdei, wylst er oer de biferzen mar Brunnsviken by Stockholm rinne soe, bûten wêsten en waerd mei de ambulânse nei 't sikehûs brocht, dêr't de dokters útfounen dat er heal forhongere en forarbeide wie.
Yn 1917 slagget it him de hege ûnderskieding, de saneamde ‘Kanzlermedaille’ fan de Kunstakademy to krijen. Dan slút er de stúdzje oan de Akademy ôf. De Akademy hat foarg'oed de grounslach lein foar Zandén syn technyk op it stik fan skilderkunst en grafyk. Hwant syn styl oanbilanget hat er dêr, nei syn eigen bitinken, gjin definitive ynfloed ûndergien. De iennichste ynfloed, dy't yn dizze perioade fan syn ûntjowing oanwiisber is, dy fan François Millet, hat er troch boeken, reproduksjes en wurken yn it museum to Stockholm ûndergien. Dy ynfloed wurke lang nei, tsientallen jierren lang kin men har yn it wurk fan Zandén neikomme.
***
In jier neidat er fan de Akademy kaem wie, hâldde Zandén syn earste aparte totoanstelling yn Stockholm. It waerd in daverjend fiasko, omdat - neffens syn eigen sizzen - ‘alle minsken yn Stockholm as gekken troch de stêd fleagen en neat acht sloegen as de notearringen fan de beurs’, Dêr kin men ynkomme as men bitinkt dat doe - Novimber 1918 - de oarloch krekt ôfroun wie. Yn de beide folgjende jierren hâldt Zandén totoanstellingen yn Göteborg, Boras en nochris yn Stockholm. Dizze krije wol it omtinken fan publyk en parse en wurde goed bioardiele.
Yn 1920 makket Zandén syn earste g'reate bûtenlânske reis en bliuwt in healjier lang yn Frankryk en Itaelje. In pear wike lang bistudearret er yn Parys wurk fan Courbet, Millet, Corot, Delacroix, Géricault en bitoande him goed fan oannimmen, oertsjûge as er wie fan it masterskip fan dizze greate Frânsken. Yn de moannen fan syn forbliuw yn Pisa, Florence en San Gimignano arbeidet er oan skil derijen en kopergravueres. Hy biwûndere de fresco's fan Fra Angelico, en bidronk him oan it wielderich koloryt fan it Toskaenske lânskip. Mar Krysttiid krijt er ynienen langst nei dinnebosken yn de snie, mei jeneverbeipôllen en mei grize moassen oerdutsen blokken granyt. As er yn Maert 1921 wer nei it Noarden reizget, en de balâns fan de forroune winter opmakket, wurdt it him dúdlik dat er
| |
| |
nou Sweedske motiven skilderje wol, foaral motiven fan de Kopermyn yn Falun. Foardat er weromgiet nei Sweden, bliuwt er in pear wike yn Parys, dêr't er in totoanstelling hâldt yn de ‘Salon de Paris’. Ek yn Amsterdam hâldt er in eksposysje, dy't goed opnaem wurdt.
Yn de jierren dy't nou komme, oan 1929 ta, is er tige aktyf, hy hâldt gjin lins, en komt ta syn persoanlike styl. It is him dúdlik wurden dat ‘l'art pour l'art’, it devys, dat de kunst fan syn tydgenoaten en binammen fan syn Sweedske kollega's sa sterk biynfloede, foar him it wiere net is. Cézanne hat ris skreaun, yn 1866 yn in briefoan Zola: ‘Ik bin nou wiis wurden dat l'art pour l'art neat oars is as in platte grap’. Dat wie Zandén út it hert grypt. Foar de religieus-fielende, moreel earnstige Zandén hat de kunst in pedagogysk doel. Mei hieltyd greater nocht konsintrearret er him op foarstellingen fan boeren, mynwurkers, stienhakkers en boskarbeiders yn har wurk. Dizze motiven hat er fêsthâlden oant hjoed de dei. Yn dit genre hat er in bydrage fan bliuwende wearde ta de Sweedske kunst levere. Frijhwat fan dizze ‘wurkbylden’ binne yn iepenbiere samlingen; ek hawwe sosiale organisaesjes en mienskipshuzen se oankocht, omdat it wurken fan greate aesthetyske wearde binne, ekspressyf fan styl en krêftich fan rhythme. It stik dat er sels it bêste lije mocht, en faker as ien kear omarbeide hat, stelt in mynarbeider mei in houwe foar, dy't oan it lânoanmeitsjen is. Hy hat it ‘Nyodlaren’ (De pionier) neamd. It is yn de jierren 1922/23 ûntstien.
Yn 1925/26 hat er gâns in skoft arbeide oan in skulptuer dy't in mynwurker foarstelt. De bidoeling wie dat hja in plak krije soe op in plein yn Falun as monumint foar de tûzenen mynwurkers dy't yn dy kontrijen ieuwen lang mei swier bodzjen kopererts dold hawwe. Mar it model, dat grif tige slagge is, en dat Zandén nou yn syn atelier stean hat, waerd nea yn brûns getten, omdat der g'jin ynteresse genôch foar wie yn Falun. Dy saek hat nou 27 jier lang hieltyd wer in punt fan bisprek útmakke yn de Rie fan Falun, de kranten hawwe der oer skreaun, mar noch altyd kin men, ta greate spyt fan Zandén en hiel hwat freonen fan de kunst, net ta in útdragen saek komme. Zandén syn biwûndering foar Meunier wurdt jin dúdlik by it sjen fan it model fan syn mynwurker.
Yn de maityd fan it jier 1929 reizget Helge Zandén nei Yslân en it lânskipsbyld fan de syklopyske basaltblokken,
| |
| |
fulkanen, skomjende rivieren en wide gêrzige heechflakten, grypt him sterk oan. Gâns in skoft hat er mei it útarbeidzjen fan syn Yslânske sketsen dwaende west en de tige bisûndere kopergravuere ‘Silfra’, dy't fan kenners as in hichtepunt fan de Sweedske grafyk biskôge wurdt, kaem pas yn 1931 klear. Foardat er nei Sweden weromreizge, eksposearre Zandén noch fan syn wurk yn Reykjavik. It folgjende decennium, oan de oarloch fan 1939 ta, hat Zandén mear as sechstich totoanstellingen hâlden, yn Sweden en de oare Skandinaefske lânnen en yn de Baltyske steaten. Nije reizen nei België, Frankryk en Itaelje fordjippen en suveren de yndrukken, dy't er dêr foarhinne opdien hie. Yn de stjalprein stied er yn Brussel ûrenlang foar ‘Le travail’ fan Meunier, dat er net genôch priizgje kin. Wikenlang bistudearret er wurken fan Ghirlandajo, Fra Angelico en Lorenzetti; de ‘Krúsôfname’ fan de lêste yn Assisi, grypt him sterk oan. Yn dizze snuorje giet er nei Falun werom, dêr't er in stik groun keapet, heech op in berchhelling, mei in twahûndertjier âld blokhûs derop, dêr't er mei syn húshâlding komt to wenjen.
Yn de oarloch is Zandén yntensyfoan it wurk yn syn atelier. De stúdzje fan de midsieuske fresko's yn Itaelje trune him oan, it probleem fan de muorreskildering neijer to bisjen. Doe't er yn it bigjin fan de oarloch de opdracht krige foar de dekoraesje fan in muorre fan 6 by 10 meter yn it evangelyske mienskipshûs ‘Caroli Församlingshem’ yn syn berteplak Boras, gyng er iverich oan it wurk. Hy hat der tsien jier lang mei toset west; de sketsen en kartons dy't er der foar makke hat binne hast net to tellen, en waerden hieltyd foroare, oant lang om let yn 1949 it wurk, dat de namme ‘Hearlik is de ierde’ krijt, klear is. Ek yn de lêste jierren hat Zandén it monumintale skilderjen fierder bioefene en yn 1951 komt in wurk klear ‘De Berchrede’ yn de tsjerke fan Toarp, net fier fan Boras ôf. Dizze muorreskildering yn oaljetempera-technyk mei religieuze motiven, yn in krêftige, kante styl skildere, slút qua technyk by syn ‘wurkbylden’ oan.
Doe't Zandén yn de simmer fan 1943 mei syn frou nei Bohuslän yn Westsweden reizge, om dêr hwat to bikommen fan it drege wurk dat er mei de kartons foar ‘Hearlik is de ierde’ hawn hie, naem er in doaze mei tuben wetterferve mei, om hwat op it gebiet fan de akwarel to eksperimentearjen. Tsjin de bidoeling yn, joech er der him sa
| |
| |
by, dat er der moannen lang mei dwaende bleau. It slagge him it yn dizze slimme kunst sa fier to bringen, dat er yn 1946 in totoanstelling fan akwarellen hâlde koe, dy't yn Sweden tige it omtinken krige.
Oan grafysk wurk is Zandén yn de lêste jierren hast net takaem, en oan skilderjen mei oaljeferve al likemin. Hy bigoun wer mei byldhouwurk en makke yn 1949 in portretrelief fan Axel Danielsson en yn 1952/53 ien fan Rickard Lindström, beide foarmannen fan de Sweedske arbeidersbiweging.
Yn syn artistike wurksumheden is Zandén methoadysk en docht er g'jin heal wurk. Foardat er it pinsiel of de grafearnuddel yn de hân krijt, makket er in soad détailsketsen en tekenet en modellearret hieltyd wer op 'e nij, krekt sa lang oant alle ûnderdielen fan it wurk dat er fan doel is to meitsjen, him, yn it ramt fan it hiele konsept, klear foar de geast steane. De komposysje weaget er altyd mei greate soarch ôf, om it lykwicht yn it byld net to forsteuren. Yn de lânskippen fan Zandén merkbyt men al gau in architektonysk elemint. Hja binne breed en mei greate streken skildere, yn détails goed trocharbeide. Elk punt is foar de skilder fan like greate bitsjutting. Yn de figuerstikken likegoed as yn de lânskippen leit de krêft tige dúdlik yn de tekening. De krityk hat dat al by de jonge Zandén konstatearre en dat oardiel giet ek nou noch op. It kleuregamma dat yn de earste jierren tsjuster en near wie, hage mar inkelden. Nei de earste reis nei Frankryk en Itaelje wurdt it ljochter, floeijender ek en krijt mear ‘verve’. Ek de styl fan skilderjen, dy't foar de reis swier en akademysk wie, wurdt lichter en frijer. As men in pak tariedende stúdzjes foar in great wurk trochblêddet, hat men jins niget oan de spontane charme en de naive frissens. Dizze frissens siket men yn it skilderij om 'e nocht, fordreaun as hja dêrre is troch it swier gewicht fan al to biwuste ynspanning.
Hokker kunstrjochting en hokker skoalle moat men Zandén syn skilderwurk by yndiele?
De kunstkrityk hat him op forskate tiden en yn forskate lânnen impressionist, ekspressionist, sels kubist neamd. Zandén sels laket om al dizze klassifikaesjes, dy't him ‘malentendu’ lykje to wêzen. As men dan dochs in etiketsje op syn kunst plakke wol, dan soe men sizze kinne dat er fan ‘stimmingsnaturalisme’ (oer Millet) mei sterke
| |
| |
1
2
| |
| |
3
| |
| |
4
| |
| |
5
| |
| |
6
| |
| |
7
REPRODUKSJES NEI WURKEN FAN H. ZANDEN.
1. | De kopermyn fan Falun, Kopergravuere, 1928. |
2. | De swiere fracht, Tekening. |
3. | Op wei nei it ivige libben, Tempera, 1949. |
4. | It ljocht fan de himelske krêftboarne, Tempera, 1949. |
5. | Us deistich brea, Tempera, 1949. |
6. | Dame yn 't swart, Ets, 1919. |
7. | Kastellarklippen, Yslân, Litho, 1929. |
3, 4 en 5 binne details en sintrael motyf fan in muorre-skildering yn aei-oalje-temperatechnyk yn Boras.
| |
| |
ynfloeden fan de kant fan it neo-impressionisme, oer in perioade dêr't men dúdlike ekspressionistyske ynfloeden yn fornimt, ta in soarte fan subjektyf réalisme kaem is. It is net dat soarte fan réalisme dat ‘un coin de la nature’ direkt yn byld bringt, mar in réalisme, dat troch in biskate stilearring modifisearre wurdt. Dizze tendins om to stilearjen kin men yn syn wurk neigean oan de tiid fan de earste reis nei Itaelje ta. Yn de jierren om 1930 hinne is der minder fan to fornimmen, bitiden alhiel neat mear, mar yn de greate muorreskilderingen fan de lêste tsien jier komt dy tendins wer mear oan it ljocht. It is syn oertsjûging dat er op dit gebiet noch mar oan it bigjin fan syn ûntjowing stiet, men kin dat opmeitsje út hwat er koartlyn tsjin my loslitten hat yn forbân mei it wurk yn de tsjerke fan Toarp ‘De Berchrede’, dat yn 1951 klearkaem: ‘Doe't ik mei dy skildering oan 't wurk wie, haw ik in soad leard. Mar as ik har nou meitsje moast, soe ik it hiel oars dwaen. Mei folle waermere, folle sprekkender kleuren’.
As akwarellist lit Zandén bisûndere dúdlik sjen, hoe muzikael er syn kunst opfettet. Dy't út de stúdzjes en sketsen fan Zandén wit, hoe't er de frissens fan it eagenblik fêst wit to lizzen, sjocht net forheard dat er by sa'n robúste kunstner in lichte hân en in gefoelige oanslach fynt. Syn akwarellen litte sjen hoe'n gefoel foar nuance en valeur dizze skilder opbringe kin. Inkelde fan syn akwarellen hat men mei wurk fan de 17de ieuske Hollânners en fan de bêste Ingelsken lykas Turner en Constable forgelike. Lykwols komt yn dizze akwarellen, mear noch as yn syn grafyk, ja sels sterker as yn syn skilderijen great ûnderskied yn kwaliteit oan it ljocht.
De tekeningen fan Zandén (mei poatlead, Eastyndyske inket, houtskoal, en kryt), foar in part lânskippen en fabryksynterieurs, foar in oar part figuerkomposysjes en portretten, litte sjen dat er de dingen skerp observearret, in wis gefoel foar foarmen hat en it essinsiële nei foaren wit to bringen. Dyselde eigenskippen karakterisearje ek de g'rafikus. By it gravearjen yn koper en by it etsen hat er geriif fan de krektens en it noedstean foar syn wurk, dy't er mei de goede hantwurksman gemien hat en dy't yn syn aerd lizze. Zandén hat him op de Kunstakademy de technyk fan etsen en gravearjen sa goed eigenmakke dat er net yn manierisme fêstrinne koe, omdat de tech- | |
| |
nyske bihearsking it him mûglik makke frij en souverein to arbeidzjen.
***
Op forskate útienrinnende gebieten hat Zandén artistike prestaesjes levere, dy't boppe de midsmjitte útgeane foar in part safier, dat men se ‘great’ neame kin. Men kin dêr út opmeitsje dat er fan trochsetten wit, dat syn talint djip, en ryk oan fasetten is en dat syn karakter deselde bûtengewoane polariteit hat: dreech mar tagelyk fyn fan struktuer. Dit aerd is de basis, dêr't in raffinearre masterskip oer de technyk en in frije ynstelling foar it djip-oanfielde motyf oer, tagelyk op rêste kinne. Sa'n natuer koe út soarte net de slaef wurde fan in iensidige kunstrjochting' of in flechtige moade, of him deljaen ûnder de foarskriften fan in biheinde clique. Zandén hat syn wei allinne socht en hy is allinne bleaun. Men kin sels sizze dat er de lêste tweintich jier, neidat de oerstreaming fan Sweedske totoanstellingen en muséa mei de flauwe oanstellerij en smakeleazens fan ultra-moderne manieristen bigoun is, hieltyd mear allinne kaem to stean. Syn wurk hat ek fan gjin ynfloed west op de styl fan jongere kunstners. Dat is al bisûnder, omdat er ien fan de bikendste skilders, grafici, akwarellisten en muorreskilders yn Sweden is. Dochs mei men de ynfloed, dy't er troch it greate tal fan syn totoanstellingen op de minsken hawn hat, net to leech oanslaen. Syn samling fan krante-kritiken en interviews bislacht mear as 1400 nûmers yn forskate talen. Ien dêr't pro en contra safolle oer skreaun is, hat grif sines wol bydroegen ta de artistike opfieding fan greate rounten.
Zandén is in man, dy't mei beide fuotten op 'e groun stiet en der, neist syn artistike wurksumheden, ek forlet fan hat oan it praktyske libben mei to dwaen. It ynderlik hâldfêst, dat syn leafde foar de natuer en syn religioziteit him jowe, hat him faker as ienkear as in fûle foarstanner fan it fêsthâlden oan ethyske noarmen yn aksje brocht en dizze ynstelling, dy't by syn Sweedske artistike tydgenoaten net folle foarkomt, hat der gâns ta bydroegen dat er apart kaem to stean.
***
De lêste tsien jier hat Zandén meiarbeide oan it sterker meitsjen fan de Kristlike ynfloed en nimt er aktyf diel yn
| |
| |
it wurk foar de ‘Kristlike Foriening foar Jonge Manlju’. Yn de striid tsjin de drank, tsjin de forrêdding fan de morael, tsjin eltse foarm fan fordoarnens stiet Zandén al mear as fjirtich jier mei foaroan yn Dalekarlië. Hy bliuwt op dat stik in strider foar alles hwat soune groei en echte humaniteit to'n goeden komt. It is de tragyske noat yn syn libben dat Sweden, dêr't er mei hiel syn hert oan hinget, sûnt it bigjin fan dizze ieu troch de yn Amerikaensk tempo fierdergeande yndustrialisaesje ynderlik en uterlik foroare is, en dat dy foroaring net in kultureel ripingsproses mar in kultureel rottingsproses wie. Zandén seach yn de stêdden en dêrbûten, dat aloan greater formiddens it slachtoffer waerden fan de massifikaesje. Hy fielt it oan as in biskamsum forskynsel, dat Sweden yn Skandinavië foaroangiet hwat drankmisbrûk, promiskuïteit, homo-seksualiteit en kriminaliteit ûnder de jongerein oangiet. It sil wol net tafallich wêze dat Sweden, neffens bûtenlanners, binammen ek persoanlikheden út it Amerikaenske kulturele libben, ien fan de westlike lânnen is, dêr't it Kristendom it meast oan ynfloed forlern hat. De bilangrykste oarsaek fan dizze gefaerlike ûntjowing waerd al oan it bigjin fan dit opstel oantsjut: de Kristlike, nasionale kultuer yn Sweden, in lân oan de perifery fan Europa, wie in to jonge, to teare plant, en stie noch net fêst g'enôch yn 'e groun, om de stoarm fan de materialistyske geast fan ús tiid forneare to kinnen.
***
Hwerom is de wurkkrêft fan Helge Zanden net al lang yn elkoar sakke en hat er noch gjin bilies jown foar de mennichte fan syn tsjinstanners? Omdat er wit dat er op it rjochte paed is en leaut dat it goede it winne sil. Omdat er hâldt fan syn lân, syn folk, en syn kunst. Omdat er de natuer en God leafhat. En, last but not least, omdat er fan de striid hâldt.
(Oersetting Jan Wybenga.)
|
|