harkjen, Doe waerd it stil. Mar in skoftke letter hearden wy him snokken en mem dy suske mei him om.
Ik wit net oft wy doe ek sliept hawwe. It wie in hiel hoart letter, doe waerd der ynienen wakker roppen en praet en it wie allegear auto's en fytsen op 'e dyk. Ik hearde it wurd: ‘Brân’, en foar it dakfinster seach ik in read skynsel. It hert stie my stil. It wie by Binnema.
Wy der ôf en nei ûnderen. Tagelyk waerd der oan 'e doar rattele. ‘De boel fan Binnema stiet yn 'e brân, kinne wy hjir ek hwat bringe?’ Mem soe der op ta, mar doe rôp heit: ‘Der net hinne. Yn der ivichheit net, lit se dêr meiinoar forbaerne!’
Wy stiene byinoar op en doarsten neat to sizzen, mar dy't oan 'e doar stie, wie yn 'e haest al lang wer fuort.
Doe glûpten wy ek troch de efterdoar der hinne en bijoegen ús ûnder it folk. It fjûr raesde om him hinne. De brânspuit koe der net tsjin op. Ut 'e foarein waerd noch helle hwat der to heljen wie, mar op 't lêst moast dat ek ophâlde. Hoe lang't wy der stiene wit ik net, mar it wie al djip yn 'e nacht, doe hearde ik ynienen fan mûle ta mûle gean: ‘De polysje mei Hylke Plat!’
En doe't wy thús kamen wie mem fan harsels fallen.
***
Doe't de saek foar kaem, reizgen mem en ik togearre nei Ljouwert. Mem hâldde har goed, mar doe't wy yn 'e bus sieten, seach ik har hannen triljen.
Yn 'e stêd wisten wy mar amper de wei en ús mem doarst de stoepe hast net op. Mar op 'e tribune seagen wy guon út 'e buorren.
Doe g'ong der in doar en dêr wie ús heit. Hy wie wyt om 'e holle en syn gesicht wie strak forlutsen. Mar doe't er ús seach knikte er en yn syn eagen wie in ljochte gloed.
De rjochters kamen yn en de saek krige syn bislach. It gong as in film foarby. Us heit bikende daelk. Syn: ‘Ja’ klonk lûd en hurd troch de seal.
‘Hwat hat jo der ta brocht de boel yn 'e brân to stekken?’ frege de rjochter.
‘Omdat dy keardel troch de wet net straft wurde koe, haw ik sels mei him ôfweefd’, wie it antwurd doe.
De fordigener dy't him tawezen wie, hwant hy woe sels net ien hawwe, neamde Binnema syn misdiedige hâlding, jierren en jierren oanien.