De Tsjerne. Jaargang 8
(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 225]
| |
2.Lantearne foar 't hûs, in sinneblom,
forsutere op swartekers joun.
De hjerst leit al giel oer dyn praet
mar it blau dat dy klaeit is noch simmerblau.
Dy't de simmer forsitten ha,
as wy, op toarre terrassen,
mei oare skimen, drinkendwei, pratendewei,
om de toarst fan mage en brein to forslaen,
wachtsje skrousk op de tram fan de hjerst.
It praet en it drinken lieten ús kâld.
Wy hearre hwat kommen, de bosken troch,
foarby de kiosk mei it reade lint
en de frou mei de karre mei apels,
dy seit fan mefrou, mar bidoelt fan tra-la,
- Dank u, mevrouw, foar de foai.
De keapfrou is ryk mei har karkefol beammen
en slachten keaplju yn 't bloed.
It giel fan de hjerst baernt sa fûl as bloed,
wy bliuwe fan 't kâldste alloai,
| |
[pagina 226]
| |
3.Roazen skûltsjeboartsje mei de tiid,
forkrûpe har, forrize
en binne wer in blink to sjen
by de fiver, dêr't de bern
mei skipkes boartsje
dy't wy lizze lieten
sa juster-krekt.
En nou ús bern
en wer in blink
fan roazen.
| |
4.It giel fan de rotan
en 't blauwe dekor
fan in faes
en oer it dressoir
it ljocht fan de sédjippe moarn,
it griene skerm fan de moarnsbioskoop,
dêr't it lêste byld op forgiet
en fordreaun is
as dit fers-gjin-fers
wer skreaun is.
|
|