| |
| |
| |
Op it harspit:
Fuortset petear.
It is altyd de muoite wurdich fan Anne Wadman op 'e hoarnen nomd to wurden. Syn flitsende, prinsipiële krityk, ek al is men it der op gjin stikken nei mei iens, is foar de saek, dêr't it om giet, fan greater bilang as guodkeape meistimming of in oerflakkich skôginkje.
Wadman syn haedbiswier tsjin myn artikel yn it Maeijenûmer is, dat ik my bisûndige ha oan fraseology út de âlde doaze, dy't liedt ta selsbidroch en skiednisforfalsking. Sa'n warskôging, binammen as hja skerp motivearre mirdt, kin men tankber foar wêze: dy ferget jin op in yngeand hifkjen fan eigen oanstriid en motiven. Ik bin it daliks en folslein mei him iens, dat wy yn de biweging alle melodramatyk en falsk sentimint ûnbitinge ôfwize moatte. Wy binne gjin lytse bern mear, wy binne ek noch net senyl. Mei in ûnnoazele dweperij soene wy ússels en it folk allinne mar to fiter hawwe. Ik bin my net biwust, dat ik my yn myn skôging oan pathos fan dit soarte skuldich makke ha. Fryslân-boppe-gerop haw ik in wearze yn, om fan Oera Linda Bok-theology mar to swijen. Ik wol sels graech bilide, dat de grize my altyd oer de grouwe giet by it sjongen fan ús folksliet. Men slacht it yn de jamkste fâlde en jubelet solidair mei, mar ik freegje my al ôf, oft it gjin tiid wurdt, dat de biweging it initiatyf nimt, om ús fan dy bounzjende bloedsiederij fan it trochloftich folk to forlossen. Towille fan de hygiène.
Mar nou de oare kant fan de saek. As men alle falsk pathos ôfwiist, hoecht men noch net yn it oare uterste to forfallen en bisykje de greate mominten fan ús folksbistean yn in wiskunstige formule to smoaren. As Wadman nochteren forklearret, dat ús foarfaers allinne de terpen opsmieten en de Gouden Hoep leine, om it wetter bûten de drompels to kearen, dan is dat like wier, as dat de Egyptners it Nyldal kultivearren om iten to krijen en dat Nederlân mei itselde doel de âlde Sudersé yn in nôtfjild foroaret. Dy âlde Friezen hiene gjin pretinsjes fan bloei en gloarje en greatens, en pyramiden en Babelstuorren sprekke sterker ta de forbylding, mar as wy yn ús tiid de helt fan har vitaliteit en dissipline opbringe kinne, dan sille wy noch yn dizze ieu de namme fan Fryslân ynhâld jaen.
De boeren by Warns hawwe neffens Wadman fochten om't forset harren it gaedlikst like, foaral mei it each op buorkerij en dochters. Itselde kin men sizze fan de Griken by Marathon, fan de Nederlânners yn de tachtichjierrige oarloch, fan de striders tsjin Hitler syn sadisten, fan Israël yn 1948. It is in lakonike en simplistyske skiednisskôging, dy't ik as boutade wol wurdearje kin, mar hja stiet like fier oan dizze kant fan de wurklikheit as sentimenteel chauvinisme oan de oare. Ik tink, dat de klibers by Warns der ek wol aen fan hawn hawwe, dat har oerwinning in frjje boeremienskip rêdden hie fan in frjemd, feodael ymperialisme.
En dan dat argumint fan dy ‘ivige stoere’ fiskers, boeren en arbeiders, dy't it Frysk foar ús biwarre hawwe, dat Wadman yn it harnas jaget. Is harren fortsjinste der minder om, dat hja it
| |
| |
net as organisearre, biwuste Fryske biweging dien hawwe, mar it yntuïtyf forpoften, om har tael út to leverjen oan it Hollânske snobisme fan in karakterleaze hegerein? As 't my net mist, hat nimmen minder as prof. Geyl biweard, dat greve Albrecht om 1400 hinne, nettsjinsteande syn mislearre ynvaesjes, Fryslân de genedeslach joech, mei't de stêdden de tael fan de ynkringers oernamen. Hwat dy genedeslach oangiet, is Geyl mis, hwant de boeren hawwe dy tael biwarre, doe't de froede boargers en proletariërs fan de stêdden har omskeakelje lieten. En as Wadman dit histoaryske feit fan greate bitsjutting kâldwei forklearret út de gemaksucht en it isolemint fan dy ‘goede sielen’, dan sakket syn argumint yninoar, as er efkes oan de Ommelânnen tinkt. De ‘goede sielen’ dêrre libben yn itselde isolemint en stiene foar deselde kar. Hja hawwe de kop bûgd foar de kulturele hegemony fan Grins, mar it Fryske plattelân hat syn tael koppich hanthave oant de poarten fan de forhollânske stêdden, nettsjinsteande in ieuwenlange strategy fan skoalle, tsjerke en officium. Ik tink dat karakter en styl hjir plausibeler forklearring binne as gemaksucht.
Jitris: Wadman syn kommentaer op dizze fasetten en mominten fan de Fryske skiednis kin ik as boutade wurdearje en as réaksje op domme selsforhearliking bigripe, mar sels foar yntern gebrûk laet dizze synyske skôging likegoed ta skiednisforfalsking as oerdwealske romantyk. It is ek in soarte romantyk: dy fan de ratio, dy't mei in relativearjend yntellekt de histoarje yn in trochsichtige formule biflappe wol en dan mei de forklearring klear mient to wêzen. Mar de djippere driuw efter de forskynsels, dy't hjir eliminearre wurdt, is krekt biskiedend foar de dynamyk fan de skiednis en har bitsjutting foar hjoed. Alle schwärmerei ôfwizend, hâld ik it dochs mei de âtlderwetske romantyk, dy't mei in mathematyske formule net tofreden is, dy't it greate fan it forline great neame doar, en mei dêrom oan de takomst fan Fryslân leaut. De histoarje fan Fryslân hat ek aspekten, dy't hwat mear glâns hawwe as de forklearring fan in stomwei-kiezen-foar-it-gaedlikst ús wysmeitsje wol.
Ut dizze skiednisskôging fan Wadman folget ek needsaeklik syn ynterpretaesje fan de Fryske biweging. Dy striidt langer net om it Fryske folk, amper mear foar it Fryske folk, mar foar harsels. Hja sjocht dit formidden as in gaedlike rounte foar selsforwêzentliking, skept hjir har eigen (romantysk) bistean en docht foar de kontinuaesje dêrfan in birop op it folk mei frazen út de âlde doaze.
In oratio pro domo is altyd nuodlik, mar dochs wol ik biweare, dat der ek noch hwat oars en hwat mear efter ús biweging sit. Né, wy binne gjin profeten en apostels, gjin minskerêdders en altruïsten, dy't fortarre yn it fjûr fan har ropping. Hwa't dat mient, hat forlet fan in kâlde douche. En as Wadman biskate aksjes en uteringen fan de biweging ûnder de loupe nimt, wolle wy graech nei syn krityk harkje en der ús winst mei dwaen. As hy lykwols syn skôging: de biweging striidt net foar it folk, mar eksploitearret it folk foar har eigen fuortbistean, net as krityk op, mar as rjochtfeardiging fan de biweging sjocht, dan stean ik fjouwerkant foar him oer. Dizze dialektyk, hoe nijsgjirrich en yntelligint ek, bigjint nei sofisme to rûken.
Men hoecht de romantyk fan de biweging, dy't yndied ús libben
| |
| |
follet en forriket, net to ûntstriden, om tagelyk oertsjûge to wêzen fan in djippere driuw as klearebare charmante en foar ús selsbifestiging needsaeklike boarterij. Wy hawwe in kar dien foar Fryslân yn de krisis fan syn bistean, net stomwei en kâldwei, mar biret en optein. Ik ha wrychtich net opsnijd oer it ‘alles opofferjende altruïsme, dat de bodders bisielet’ en sil it ek net dwaen. Ik hâld allinne út, dat de biweging berne is út de noed fan ús folksbistean en dat har stribjen, om dit folk yn dizze tiid fan forflokte frjemdsin en konfeksjegeast wer styl en karakter to jaen, har essensiële en lêste rjochtfeardiging is. Dit folk, dat wy forheftich op 'e hûd sitte, is uzes. Wy hâlde der fan en leauwe der oan. Anne Wadman ek, en net in bytsje, en hy hoecht him foar dizze leafde net to skamjen, ek net foar de rjochtbank fan syn krityske geast. En hwa't syn folk bidrige sjocht, giet faeks yn in dichterlike rite in amerij op 'e groun lizzen, om stomwei fan dy leafde to genietsjen, mar hy bliuwt net lizzen. As er de ierde tute hat, giet er oerein en sutelt mei boeken, jowt les oan leargongen, leart lytse bern muoisum har eigen tael, studearret foar diploma A of B, fordigenet it rjocht fan syn folk tsjin stomme amtners, skriuwt gedichten, forhalen, boeken, of in prachtige Fryske fersleare. En as er dan ek noch ûnderfynt, dat it wurk foar Fryslân gjin martlerskip bitsjut, mar syn selsforwêzentliking bifoarderet en syn libben kompleter makket, lit him dat as in blide tajefte oannimme. En dan kinne wy it der enthousiast oer iens wêze, dat wy gjin preesters of profeten binne, mar sljochtwei oertsjûge Friezen, dy't fjochtsje om in plak foar har folk ûnder de sinne.
De biweging is neffens Wadman in stik lúkse en hwat hja it folk oanrikkemedearret is ek lúkse. Nou is lúkse in tige bitreklik bigryp, biskaet fan tiid en plak en persoanlike opfetting. Ik haw in âld minske kend, dy't fuotwaskjen as in oerstallige lúkse biskôge. Bigjin der net mei, advisearre hja, hwant dan moat men it altyd dwaen. Foar party Eskimo's en nomaden út Saoedji Arabië binne in tafel en in stoel, in leppel en in foarke ûnwittene lúkse, mar as in mienskip yn West-Europa dizze dingen miste, soe de hiele wrâld skandael skreauwe. Bihalven dy primitive ynventaris rekkent men hjir ek inkele oare dingen ta de needsaeklike bihoeften, lyk as in fyts, in krante, in boek, in postsegel, in bôge skriuwpapier, in potlead of in pinne. Foar safier wy fan bitinken binne, dat in minske mear is as in komposysje fan hormonen en slokterm, heart yn dizze oarde fan de wrâld ek in foech fûns fan geastlik bisit by de ûnmisbere libbensbitingsten. It Fryske folk sil by stamboekbollen, traktoaren en toulûken allinne net libje. Sil it de namme fan folk wurdich bliuwe, dan moat it út in oanboazjend bargedútsk wei syn tael rêdde en hanthave, dan moat it út de deadsdize fan in grize nivellearring wei in eigen styl en antlit winne. Dizze dingen binne it, dy't de biweging it folk foarhâldt, om't it dermei stiet of falt.
Dêrta is de biweging roppen. It folk hat ús net roppen, wy hawwe ússels roppen, seit Wadman. Né, it folk ropt ús net, wy roppe it folk. Hwannear en hwerearne hat ea in folk syn beweging of syn lieders roppen? Binne it net altyd de inkelen of in lytse ploech, dy't it folk de spegel en it idéael foarhâlde, dy't it wekker meitsje en opdriuwe? Net it folk, mar de need ropt, en de dream en de ta- | |
| |
komst. En earst de libjende neiteam komt ta de konklúzje, dat dy roppers en driuwers, hokker nuvere kwasten hja ek west hawwe meije, de skiednis rjochting en dynamyk jown hawwe.
Hwer't Fryslân forlet fan hat yn dit kritike stadium, is in biweging, ien en solidair, fan de dimmenste ponghâlder oant de bitûftste roman-skriuwer, dy't har dizze ropping biwust is. De skiednis rekkent allinne mei minsken en folken, dy't witte hwat hja wolle, de oaren wurde útskeakele. In Fryske biweging, dy't mei artistike swier om eigen as draeit, sûnder sterke bining mei forline, hjoed en takomst fan it folk, sûnder dreamen en sûnder ropping, is foarút al ornearre ta mislearring. De romantyk fan it lúksebistean is forliedlik, mar gefaerlik, om't de destruktive machten fan ús tiid to great binne. It is pompe of forsûpe.
Wadman fielt it dûbelbistean fan kunstner en strider as in binearjend en forswakjend dualisme, ik net. Ik leau likemin as hy yn de dichter-sinteklaes, dy't yn altruïstyske oandwaningen it folk op syn winken bitsjinnet, mar al yn de dichter, dy't yn de striid om it bistean fan syn folk forheftich partij kiest. Dat is gjin selskastraesje, gjin biwiis fan artistike ûnmacht, wol fan yntegere minsklike solidariteit. Dat syn kunst der ûnder lije soe, liket my tige twivelich. Hwa soe him to uzes net fleurich en royael de kâns jaen wolle ta de greatst mooglike selsforwêzentliking? Hy hoecht ek net spesiael oer ús bollen en ús redens to skriuwen, de hiele wide wrâld stiet ta biskikking fan syn fantasij. Mar as Fryslân him ynmoed is, sil syn wurk wol, ûndefiniearber faeks, in eigen Fryske kleur en sfear krije. Hwat mear as er fan Fryslân is, hwat mear sil er fan de wrâld wurde. It Europa fan de takomst sil gjin kultuer hawwe, of it sil in symphony fan nasionale kultueren hawwe. En elk sil út syn ynstrumint helje moatte hwat der yn sit.
Wadman klaget by einsluten oer de universele artistike ûnmacht fan de jongerein en skriuwt dy ta oan de romantyske frazen fan leafde ta it folk en tabihear. Soe it ek ris krekt oarsom wêze kinne, dat de jongerein net ta utering en foarm komt, om't hja oanklaud sit mei in Frysk minderweardichheitskompleks, of om't hja gjin bisieljende idé hat, dy't har yn steat stelt, troch in bitizende problematyk, fan de eigen nawle oant de kosmos, hinne to brekken? In soun, fleurich, aktyf en agressyf nasionalisme koe faeks latinte krêften losmeitsje en boarnen iepenbrekke. Hwerom skriuwt de jongerein gjin striidlieten mear? Om't dat langer net ta de litteraire bon ton heart, om't poëzij fan dit genre ornaris ta kunst mei in lytse k diskwalifisearre wurdt? Wy hawwe wol forlet fan in goede troubadour, dy't in weardich opfolger fan Fedde Schurer wêze soe. De hope en de takomst fan Fryslân binne as motyf like bilangryk as in tongerbuoi, in stjerrenacht, in faem of in selsmoard. Litte ús fammen en feinten mei talint ris ynmoedich bisykje der ‘hwat moais’ fan to meitsjen en harren los to sjongen yn in striidsang mei hwat magysk fjûr. It soarte hat syn spesifike gefaren en freget in like greate selstucht as leafde, mar it koe jonge kunstners wolris mooglikheden ta ekspânsje biede, dy't hja net ealge hiene.
Yn alle gefallen leau ik, dat in sterke bining mei it lot fan har folk de jonge generaesje earder aktivearje as bihinderje soe. De bining, dy't men noch altyd it bêste oantsjutte kin mei it omstriden
| |
| |
wurd mythe. Sûnder de mythe wurdt in folk yn atomen spjalt. As wy mar wach binne tsjin dom chauvinisme en gefaerlike metaphysica, biskaet de mythe ús bistean yn de mienskip en it plak fan ús folk ûnder de folken, reëler as apology en ideology. Nea is hja folslein to forklearjen, mar sels forklearret hja gâns. Hja makket ús mienskiplik komôf en libben biwust, jowt ús dreamen stal, ús stribjen ynhâld, wytget ús in mienskiplike takomst. Hja hat ús folk yn syn bêste tiden droegen, yn de need gearboun. Hjoed draecht hja de biweging en is ús sterkste skâns tsjin de ûntbinende machten. Soe in reëel bilibjen fan dizze mythe, dy't Anne Wadman biweecht, om sa'n stik wurk foar Fryslân to forsetten, ek de jongerein net bisielje?
INNE DE JONG.
| |
Parade fan de nammeleazen.
Né, ik haw neat op it âlde en earweardige Heitelân tsjin. Ik hoopje dat it noch lang groeije en bloeije mei ûnder de seinigjende hannen fan J. Rienstra (De Sweach (Beetsterzwaag)) en de Fa. Brandenburgh en Co. to Snits. Syn twa-koloms bledspegel, syn forskaet fan lettertypen, sa royael en rynsk oer de pagina's útstruid, syn oerâlde adfertinsjes fan Suvelbank en Fa. S. Bolman, - it heart by Fryslân lyk as de bolle by it boerehiem.
Sels oer de bydragen wol ik it net ha. Hja binne trochstrings pûrlike min, mar hwat rjocht fan sprekken hawwe wy-Tsjerne-lju yn dat stik? En in fers dêr't ik sa frij bin de einstrofe fan to sitearjen:
Sa krekt op tiid de sokken klear,
Bihalven dat iene gat, mar wier,
Dêr wie gjin meitsjen mear oan.
Sjoch, dat kin Jo sels dochs ek wol sjen
Mar dat is net sa slim, hear God,
Hwant it komt ha 'k sjoen, net boppe de skuon,
En myn stopjern is trouwens ek op,
is as kuriosum noch wol to daeijen, as men net al to krekt sjocht. Ik haw my der alteast ta de sokken út mei formakke.
Né, der is mar ien ding yn it Heitelân, dat ik net lije mei. En as 't my net mist, boazet dy kwael oan, dêrom wol ik der dochs efkes hwat fan sizze, al avontûrje ik dêrby in krityk fan ús Fryske recordkritikus R., oan hwa't ik nammers noch in andert skuldich bin op in oare saek, dat ik nea skriuwe sil.
Ta de meiwurkers oan it Maeije-Juny-nûmer dan hearre û.o. de folgjende persoanen: P., W., R., J., H.S., T.S.N., Tite, De blomkeman, J. Wardy. Dan is der noch in Engele Wynsma, hwaens namme my to fragyl en ryklik swietlûdich klinkt foar in oprjochte
| |
| |
Soan fan it Heitelân. Gelokkich binne ek Douwe Kalma, Dam Jaarsma, Geart Jonkman, Kees Jongsma en Tj. W.R. de Haan oanwêzich, mar hja foarmje in skriele minderheit en in tryst tsjûgenis fan de ûnmacht fan de Boargerlike Stân. Fan Geart Jonkman bin ik nammers ek net alhiel wis.
Hoe sit it mei al dy P.en en W.en en R.en ensafh.? Binne hja bang foar har baen of har reputaesje? Achtsje hja harsels lju-fan-neat en har geastesbern wurk dat gjin-namme-ha-mei? Doare hja net foar har saekjes útkomme? Of hoopje hja dat men in oar der op oansjen sil?
Ik wit it net. Ik wit wol, dat in pseudonym sinfol wêze kin. Ik akseptearje Douwes Dekker as Multatuli en Jan Dykstra as Sjoerd Spanninga, hwant har skûlnammen binne in bigryp wurden. Mar as Sjoerd Spanninga, dy't Jan Dykstra hjit, him nou J. Wardy neamt, en stel dy J. Wardy kriget it yn 'e plasse en neam him Sibbele Sevensma, dan bin ik de trie kwyt. Sil de Fryske skriuwerij dan alhiel weikrûpe yn in grize, igale poel fan nammeleasheit? Lit ús dan alteast hoopje, dat, ta stipe fan de takomstige litteratuerstúdzje, it abie fiks útwreide wurdt.
W.
Frijmoedich neiskrift: De skriuwer fan boppesteand stikje, W., forklearret hjirby iepenlik ta syn rehabilitaesje, dat hy net is de forwekker en ûndertekener fan it ryklik skabeljeus fers ‘Sterke Stikken’ yn boppeneamd Heitelân.
|
|