spontane efterneikonstruksje wêze, lykwols hâldt hja genoch wierheit yn om de eagen to iepenjen foar tige reële gefaren en binammen to warskôgjen foar ideälisearring fan it forbân tusken biweging en kunst. Forsafier kin hja sels in soune en nedige reäksje wêze. Alle minsklik stribjen hat in elemint fan selsforwurkliking yn him. Hwat hwa minske ek docht, hy jowt him dêryn lokkigernôch net folslein oer oan 'e saek of it ideäel, mar bisiket tagelyk himsels to hânhâlden en to rjochtfeardigjen, syn eigen gerjochtichheit to bouwen, syn persoanlike idelheit to bifredigjen, namme to meitsjen, syn bilang to tsjinjen, oan syn djipst en ynlikst forlet to foldwaen, it hert to beakerjen, himsels lokkich to fielen, syn mooglikheden safolle dwaenlik to forwurklikjen. Hwa't dat ûntstriidt, ken himsels en it minsklik slachte net.
Allinnich, hoe goed it ek wêze mei it net to forjitten, mar it wêze to wollen, it foroaret neat oan it forbân. It forbân bliuwt der likeg'oed om bistean. Forsafier't de dichter sawol as de man fan 'e biweging him yn syn stribjen sels forwurkliket, docht er dat yn Fryske tael, geast, foarm, yn 'e ideële romte en mienskip fan Fryslân. Hy kin him mar net forwurklikje sa't er sels wol. Foar syn mooglikheden en de ûntwikkeling dêrfan is er boun troch histoarje, struktuer en tiid. Bûten dy grins komt er net ta foarm. Dêr kinne wy ús tsjin forsette sa dwers of sa ûnwennich as wy mar wolle, de ein is lykwols, it oan to nimmen. De ein is de ûnûntkombere lotsmienskip fan biweging, kunst en folk.
Né, it leit ienfâldiger en treastliker. Sa giet it, as men ta lange opstellen forfalt. Wy kinne fan Fryslân net loskomme. Fryslân hat ús yn 'e macht. Dat docht de leafde, de swakke, de breklike, de tûzen kear forrette. Op it minst, dat tagelyk op it bêst is, wolle wy wol los fan ús folk, mar wy kinne it net. Wy nimme ús út en troch foar, de hiele winkel der hinne to smiten, mar komme der net ta. In nuver swak hawwe wy foar dit folk. Wy meije it kritisearje, flokke, forhearlikje, forachtsje, ûntkenne, lykwols bigeare wy - wis, ek út selsbihâld en eigenforwurkliking - dat syn hert ûnder ús wurd sidderje en sjong'e sil as in fioele. Gjinien fan uzen kin it lykmoedich oansjen, dat Fryslân ûndergean soe. Wy litte dit folk, dizze kliber arbeiders, boeren, fiskers, ambachtslju en heale gelearden, net yn 'e stiik. Dat kinne wy harren net oandwaen. Sa trouweleas as wy binne,