De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] D.A. Tamminga: Sa ald to wurden.... Sá âld to wurden: yn 'e jounpetearen fan 't geafolk jin to jaen en alle weet to hawwen fan har wize en rûge mearen, de Spoekesingel en de Muontsereed to kennen mei har spoaren, kûlen, bochten, yn mimer toevje foar in kâld hússteed en mei jins soan as selskip g'ongeltochten to ûndernimmen nei dy âlde esk, fan tiid tokank're en fan fjûr tosplist, wiidweidich falle yn stadige forhalen en glimkjend him to wizen de arabesk hertfoarmich om twa teare initialen, fan feintehân oerlang yn 't stamhout ritst. As al it eardere wjerlûd krijt fan binnen, nocht hawwe oan elke greppel, elke sleat, it libben kalm de jierren ôf to winnen, jouns ûnder slûge lampe jongeren eat tofoaren lêze út Bunyan's Pylgerreize en wyslik swije oer hwat nea forgeat, mar groeden liet; de skeamele skeizen fan 't smel talint to tellen ien foar ien, oant op in nacht by rop fan wettergulpen, by fal fan rein, gewach fan wyn miskien, de dea jin slút de wurge eageskulpen. Vorige Volgende