De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 210] [p. 210] A. Jousma: Du. Salang ik tinke kin, haw ik oan Dy tocht, dy't alles draecht. En ik wiste, datstû oars wiest as dat hja seine. Yn it psalmboek stie in âld man mei in burd mank mânske wolkebergen en de wjerljocht sloech. Hja seine, dat wiestû. Yn it swarte boek stie it forhael fan hoestû minsken makkest nei dyn byld. En hja forfoelen eigenmachtich ta kwea: Dû hast it net keard. De rjochtfeardige sonk del ûnder syn krús en syn hannen en fuotten dripten fan it bloed. Hy rôp, omdatstû him forlietst en hy stoar ilindich. Dêr haw ik mei wraksele, as de maitiid oer it fjild lei, sa ljocht en sa pril en sa hoar as dat yn Noard-Fryslân kin. De kimen koene dan sa tille. Dêr haw ik mei omroun op hjerstige jounen, as de sinne bloedread blonk en as de tuorren en pleatsen swarte silhouetten wiene tsjin de loften boppe it Waed. Myn tinken koe it net fetsje, dóé net en nóch net. Mar ik wit nou sûnder forstean, hwat ik doedestiids net bigriep: datstû yn ús bist en om ús, datstû it wêzen biste en it libben fan al it bisteande. Mar dochs bist oars, as dat wy miene. [pagina 211] [p. 211] Salang ik tinke kin, sil ik oan Dy tinke en oan Dyn heimenis, hwant ik wit my oan Dy forboun, al tobrekt op Dy myn tinken. Fjouwerrigels. 1. Wy stoarje op 'e stof en fine yn 't great de sinne, gleone bol fan goud en read. Yn 't lyts forskine skimerjende atomen; en wy forstean' fan allebeide neat. 2. Jim, freonen fan 't almachtich yntellekt, forklearje my it simple tiidsaspekt: yn lok of leed is d' ûre koart of lang, op wrâld's bigjin en ein ús tinken brekt. 3. Jo steane mei twa fuotten op 'e groun en hawwe yn wiskunst wisse wierheit foun. Men tekent en men tinkt en toant biwizen. Mar - toan my punt en lyn, dêr't mei bigoun. 4. In punt biweecht him en it wurdt in lyn, in lyn forgliidt en 't hat in flak foar j' yn, it flak forpleatst him en it wurdt ta lichem.... Hwa seach fan ‘punt’ of ‘lyn’ mear as in skyn? Vorige Volgende