De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 193] [p. 193] E.B. Folkertsma: As dy fan Bolswert. Forjow m', o God, dat ik gjin greater sûnder bin, Dat 'k noch safolle yn my haw dêr't ik op bouwe, Dat lytse sûnden my sa flak en flau birouwe, Wylst greate mar net falle wolle yn 't fromme sin. Forjow m', o God, it hiele hout fan eigen rjocht, Forjow my glimkjend al myn Fryske deugd en sede, Forjow, dat 'k nea ris libje doar op Jins genede, Mar leaver bin as dy fan Bolswert: rjocht en sljocht. Vorige Volgende