[Nummer 7]
Meidielingen:
Yn it forhael ‘Feestrede’ fan Inne de Jong yn it Juny-nûmer komt op bis. 180 ta ús spyt in forfelende printflater foar. De 4de rigel fan boppen moat wêze:
(Mefrou) Reinders koe dat byld net fordrage en seach strak foar (har del.)
Yn dit nûmer fynt de lêzer, yn it kader fan ús úitwikseling mei it wurk fan Bretonske skriuwers, de oersetting fan in forhael fan de skriuwster Fant R. Meavenn. Per Denez, troch hwaens bimiddeling wy it forhael krigen, skriuwt der oer: ‘Dit koart forhael is ek oerset yn it Frânsk en forskynd yn “Les Oeuvres Libres”. Neffens dizze oersetting hat Marc Allegret in film makke, dy't bigjin 1953 fortoand waerd, en dêr't de haedrol yn spile waerd troch de forneamde Danièle Darrieux. De critici ornearren dat it ien fan de bêste kréaesjes fan Danièle Darrieux wie, mar hja koene de film net bot wurdearje: frijhwat ûnbigryplik fan psychology en nuver en wyldseauwich, neffens har’.
De Redaksje.