| |
| |
| |
Anne Wadman:
Poezij om de poezij.
Ek yn Fryslân, alhoewol net kweadaerdich jitte, is it probleem fan de saneamde eksperimintele poëzij oan 'e oarder, lit it dan wêze mear fan de kant fan de anti's as fan de pro's. Jan Wybenga hat de kneppel yn it hounehok smiten en men mei oer de konkrete einresultaten fan syn bisykjen tinke sa't men wol, dat it as forskynsel it omtinken fortsjinnet fan elts dy't mei it lot fan de Fryske poëzij bigien is, stiet wol bûten de kiif. Ik kin dy poëzij fan Jan Wybenga net oer alle boegen wurdearje, binammen dêrre net hwer't hy dúdlik al to folle op Paul van Ostayen to seil giet. Mar ik leau, dat dat yn earsten net it wichtichste is: de earste fraech is, tinkt my, dy fan de prinsipiële rjochtfeardichheit fan dizze poëzij.
It probleem fan de poëzij is, op dit stuit, it probleem fan de foarm. Men kin sels sa fier hinne gean en siz: de poëzij dat is de foarm. Al jierren lyn is der op wiisd, hoe't it foarm-ynhâld-probleem lang sa ienfâldich net leit as it liket. Mar noch altyd skynt der op dit punt bitizing to bistean, en geane guon út fan de poëzij-as-ynhâld, dy't inkeld mar freget om ‘yn in foarm getten to wurden’. As de ynhâld (datjinge hwer't men ‘oer’ dichtsje moat of wol) der mar ienris is, dan fynt men de foarm fansels. Dy foarm is sekundair. Ek yn de poëzijskôging fan A. Jousma komt men dit al lang' oerwoun misbigryp jitris tsjin: ‘De foarm sûnder mear docht der net folle ta: as men dy foroaret sûnder ynderlike twang, dan hat dy foroaring gjin sin’. (De Tsjerne '53, bis. 158.)
Mar de ynhâld is net it a priori fan de poëzij, de ynhâld is gjin jowne greatheit dy't ryp en ré leit foar omklaeijing mei ‘foarm’. Hwat men de ynhâld plichtet to neamen (dus: de bigrypsynhâld, it biskreaune natûrtafriel, de anekdoate, de libbenswierheit, de filosofy, de morael om myn part) is op himsels gjin poëzij. As dan ek ien ding, ta in hichte, ‘der net ta docht’, dan is it dy ynhâld. De eigentlike ynhâld fan in gedicht is dan ek.... syn foarm. Al to folle wurdt de poëzijskôging fortribele troch dat misbigryp fan de poëzij as de synthetyske gearraning fan twa eleminten ynhâld en foarm. Om dan noch mar net iens to
| |
| |
sprekken fan dat oare misforstân, dat dêr faek út fuortkomt: dat it yn 'e poëzij prinsepeal gean soe om de ynhâld en dat de foarm heechstens in kwestje fan ‘moai mei’ wêze soe: de foarm dus in soarte fan finishing touch en de dichterlike tael in soarte fan perfeksionnearre, forsierde, yn rym en mjitte kanalisearre foarm fan de gewoane sprekof skriuwtael, dichtsjen as de kunst om de dingen dy't elkenien wol wit, of witte moat of witte mei, yn in moaije, forduorsume foarm to stallen.
It grounprinsipe fan de poëzij leit earne oars. Dat leit yn it yntegrael oars-wêzen fan de dichterlike tael. It gedicht hat net hwat ‘to fortellen’, ‘mei to dielen’ (en dan yn moaije foarm), mar in gedicht hat hwat ‘oer to dragen’, hat in relaesje to skeppen fan dichter nei lêzer. Dy relaesje is direkt, troch de wei fan de tael, en leit net yn it flak fan de meidieling en de (op heech peil steande) konversaesje. De funksje fan in wjerljochtstriel is ek net om in boadskip fan boppen nei de ierde oer to bringen, mar, om it sa ris to sizzen: om in hûs yn 'e brân to slaen. De relaesje dichter-lêzer leit yn it flak fan de ûnmidlike suggestiviteitsoerdracht. En de klachte oer to min forsteanberheit by moderne dichters (ôfsjoen der fan dat it in periodike klacht is, ek yn eardere litteratuerstadia), komt ornaris hjir út fuort, dat men as lêzer to folle siket in yndirekt en yntellektuëel kontakt, in reedlike, d.i. yn lêste ynstânsje dochs as foarm fan konversaesje to bigripen forhâlding mei de dichter. Dy klacht biwiist ornaris dan ek, dat de suggestibiliteit by de lêzer op dit punt ûntbrekt. Dat nammers in normael en yn to skikken forskynsel is en as sadanich net forûntrêstigjend. Forûntrêstigjend is it lykswol, as de réaksje fan it publyk sa irritearjend fan stompsinnichheit is, en sûnder alle skyn fan biskiedenheit, lit stean fan earbied, dat it delkomt op in bombardemint mei hynstefigen. Hwant tsjinoer echt of forûndersteld snobisme en moadesucht stelt har mar al to faek de platfuottekultuer fan de ynstjûrde-stikjesskriuwers, dy't hjoed de dei in soarte fan praet-mar-raek-monopoalje lykje to hawwen.
It is in deadwaner to sizzen, dat alle poëzij eksperiminteel is. Fansèls is hja dat, yn safier dat hja eksperimintearret mei taelmatearje. Mar as wy yn it hjoeddeiske kultuerstadium dat wurd eksperiminteel brûke (in dizenige oantsjutting, mar hokker litteraire of kulturele bineaming is net dizenich?), dan hat it hjir dochs wol in tig'e réele en
| |
| |
bigrinzge ynhâld. Men docht leau 'k goed, yn earsten, dat bigryp eksperiminteel to sjen yn syn prinsipe en syn yntinsjes. De graduaesjes en variaesjes binnen it bigryp foarmje punt twa en de praktyske resultaten punt trije. Yn earsten. En dan leau ik dat de eksperimintele poëzij yn prinsipe in suvere saek is, ntl. it bisykjen de poëzij to ûntdwaen fan har ûnsuvere bymingsels, fan har ynhâldkompleks, en de tael in poeticis to ûntslaen fan har al to swiere bilêsting oan bitsjuttings- en bigrypswearde. It wurd, ek it poëtyske wurd, is biladen mei in ieuwenlange bitsjuttingstradysje. Dy't him fan dy tradysje net losmeitsje kin en it wurd, de tael wer skjin en nij en krekt-berne sjen, is net yn 'e widze lein foar it bi-gripen fan en oardieljen oer eksperimintele poëzij. Dit is de wearde fan dy poëzij, dat hja de a-poëtyske bymingsels skiede en skiftsje wol fan it absolute en suvere wêzen fan de poëzij, dat hja yndied neat wêze wol as poëzij, dat hja de tael en har pre-logyske wetten jilde en sprekke litte wol. Dat bitsjut des-yntegraesje. De tael wurdt yn har faktoaren ûntboun, om yn wiskundige terminology to sprekken. Wel, as dy des-yntegraesje in middel is om de tael en yn dy tael de wrâld fannijs to bilibjen, hwerom dan net?
Sûnder mis skûlje hjir gefaren yn. Hwant as de poëzij har losmakket fan de reedlike forstânlikens, as it wurd syn tsjinstberens oan ‘heger oarder'’ opseit, driget it licht yn hannen to fallen fan in oare kunstfoarm, dy't mear as hokker kunstutering, it forbân mei de logika negearret; de muzyk. It eksperiminteel gedicht driget soms in soarte fan surrogaet-muzyk to wurden. En it is de fraech oft de poëzij de eask fan har autonomy in tsjinst biwiist troch har, út wearze fan de iene fijannige kunstfoarm, oer to leverjen oan de oare. Hja hat hearrich to wêzen en to biantwurdzjen oan eigen wetten. Men soe hjir in parallel sykje kinne mei de film, dy't ek har stadium fan eksperimint hawn hat, dêr't yn socht waerd om de spesifyk eigen ‘tael’ fan de film, dat delkaem op in har losmeitsjen fan de twingende wetten fan litteratuer en yn 't bisûnder toaniel. De liaison tusken dy beide, litteratuer en film, is nea alhiel forbrutsen troch it stribjen nei in absolute filmtael. Oan 'e iene kant har mei lijen forwarrend tsjin de driging fan hwat Ter Braak neamd hat de film as perfeksionnearre toaniel, hat hja oan 'e oare kant noch altyd to striden tsjin de film as perfeksionnearre printeboek of foto-album. De film hat it sa- | |
| |
dwaende, as de ‘jongste’ en binammen op technysk-wittenskiplike fornimstigens groundearre kunstfoarm, lang net maklik. Ek de eksperimintele tiid fan de film hat syn bilakers en bispotters foun. Mar ûnwittende great is de ynfloed to'n goede dy't it eksperimintele stadium op de lettere ûntjowing fan de film hawn hat.
Allyksa stiet de poëzij tusken de logika en de muzyk, en wurdt om barren fan de iene en de oare kant taknypeage. It is in gefaer dat men op jins noed nimme moat. En de hjoeddeiske eksperimintele poëzij nimt dit avontûr, ja siket it biwust. Yn in soarte fan Nimmenslân siket hja in absolút eigen ‘tael’ to finen, harkjend nei eigen wetten, en net nei dy fan logika of muzyk.
It sprekt fansels dat dy poëzij, anti-logysk as hja is, destruktyf wêze moat, of alteast in destruktive yndruk meitsje. Hja liket oanfanklik atomistysk, ntl. sjoen fan de logyske taelyntegraesje út wei. Dizze poëzij hat amper in oanknooppunt yn histoaryske wurding en ûntjowing, hja stiet antithetysk foar de histoaryske groei oer, hoe slim hja ek histoaryske needsaek wêze mei. En dizze antithetyske, des-yntegrearjende wurking fan de nije poëzij is it, dy't de froede boarger-poëzijlêzer kjel makket en forûntrêstiget. Hja bidriget syn histoarysk groeide taelyntegraesje. Mar by einsluten bringt dizze poëzij, kin hja alteast bringe in nije yntegraesje. Hwant út de ûntbinende en ûntboune faktoaren fan har wêzen komt in nij wrâldbyld op, in nije visy, in nije forwûndering en in nije forhâlding ta it libben, Is it in wûnder dat by it forsplintere wrâldbyld fan hjoed de dei dy nije forhâlding faek in eksistinsialistysken is?
It is sadwaende foar de tiidgenoat ek net sa maklik om histoaryske needsaek en moade út inoar to hâlden. Hja binne nammers twa kanten fan deselde saek. De útspraek fan Bloem, sa't Jousma dy sitearret: dat de kunstner him sa min mooglik oan ‘modes moet verslingeren’, kin ntl. op twadderlei wize to bigripen wêze, mei klam op ‘modes’, mar ek mei klam op ‘verslingeren’. It is nammers net alhiel sûnder doel der efkes op to wizen dat dyselde Bloem mei de ek allesbihalve eksperimintele fakgenoaten Greshoff en Morrien de litteraire neilittenskip fan de eksperimintele dichter Hans Lodeizen forsoarge hat. Nimmen sil hjir út konkludearje dat Bloem him oan de moade forslingere hat. Tusken forslingerjen en meidwaen is ek romte. Goed bisjoen hat elke ‘moade’ (modus, wize) syn kultuerhistoa- | |
| |
ryske reden fan bistean, ek dy moade dy't him inkelde ieuwen of koarter lyn fiksearre ta it ‘gesunkenes Kulturgut’ dat hjoed de dei Frysk kostúm hjit. Ik sjoch net yn hwerom't dy needsaek al jilde soe foar klean en B.H.'s en net foar kunstfoarmen. Hwant hoe't wy-manlju yn theory ek op 'e ‘moade’ kankerje, sadré't it om de praktyk giet akseptearje wy har, en net allinne foar ús froulju (om't hja ‘mar froulju’ binne), mar ek foar ússels. Dat hoecht noch gjin forslingerjen to bitsjutten.
Hjirmei wol net sein wurde, dat de eksperimintele dichtkunst goed is òmdat hja eksperiminteel is. Likemin wol ik úthâlde, dat hja op dit stuit de iennichst rjochthabbende foarm fan dichtkunst wêze soe. Har in reden fan bistean yn to skikken, bitsjut net alle oare mear tradisionele foarmen fan poëzij har bisteansrjocht to ûntnimmen. Wol is it sa, dat hja spesiael it omtinken op har lûke sil, just om de spanningen yn har problematyk. It foarmprobleem nammers sil en mei ús yn earsten net mei rêst litte. En al soe it foarmeksperimint lyk as dat op dit stuit yn Hollân (mar net foar it earst: de eksperimintelen erkenne Gorter, Van Ostayen en Achterberg rounút as foargongers en as greate masters) oars neat opleverje as yndied eksperimintele bjusterbaerlikheden, mei oare wurden: ek al soe hja yn it eksperimint hingjen bliuwe, dan noch soe it wolris wêze kinne, dat hja, as réaksje op it mei filosofy en religy en maetskiplike swierrichheden biladen dichterskip fan 50 en op it anekdoatysk-moralistysk dichterskip fan de Forumlju fan 20 jier forlyn, bifruchtsjend wurke op de frijwurding fan de poëzij fan har omballingen.
Ik leau lykwols dat hja mear wêze kin en al mear is. Men hoecht net iens allinne to wizen op de erkenning, sa stadichoan ek by de âlderein, fan in figuer as Van Ostayen, mar it is wis, dat yn dizze poëzij ek de saneamde epigonen, mei al har stroffeljen en opstean, mei al har lek en brek en har bjusterbaerlikheden, mei al har tael-des-yntegraesje, al dingen fan wearde dien hawwe. Men moat al slim ûngefoelich wêze om as poëzijleafhawwer gjin wearde to ûntdekken yn de ynkring'ende charme fan dit gedicht fan Hans Lodeizen:
| |
| |
Langzaam
winter, jij bent een slechtaard
in de huizen verstop je je
als een kind zie ik je alle scholen
binnen hollen met je lichaam
in een tas o winter jij bent
een klein beetje vuurwerk daarmee
ben ik tevreden o winter geef mij
wat vrolijkheid knip een stuk
van deze middag af gooi een sprookje
in het water van de nacht
dag slechte winter, scharenslijper,
met geschramde knieën hol je
over de speelplaats als knikkers
uit de wolken van een hemel naar het blauwe
hemd waar het witte krijtje rijdt van
Dêrby, men moat hwat hoeden wêze mei it hantearjen fan it wurd epigonisme. Is net Perk syn forneamde Iris in stikje Shelley-epigonisme? Epigonisme is in normael bigeliedingsforskynsel fan kultuerstreamingen. En de grins tusken epigoon en net-epigoon is faek likemin oan to jaen as dy tusken min en goed.
En as der fan de tsien of tweintich hjoeddeiske eksperimintelen yn Hollân twa of trije goeden oerbliuwe, d.w.s. dy't oer 30, 40 jier noch lêzen wurde en net allinne yn 'e letterkundeboekjes paradearje, dan noch is dizze biweging de muoite fan har bistean wol wurdich. Hwat is der by einsluten fan de romrofte dichterlike revolúsje fan Tachtich mear oerbleaun oan lêsbers en klassyks as de Mei fan Gorter en in stikmannich sonnetten fan Kloos? Van Eeden - hwa lêst syn Ellen, een Lied van de Smart, Verweij, hwa lêst syn Persephone noch? En dochs hat de biweging fan Tachtich de Hollânske dichtkunst fan letter jierren djipgeand biynfloede. En hwat is der fan de eigentlike dichtkunst yn Fryslân fan '15 oerbleaun útsein in bondeltsje sonnetten fan Sybesma, in fers twa trije fan Pyt van der Burg en in mannich sangen van Rixt, dy't as 't nypt
| |
| |
har wearde ek pas krigen hawwe trochdat de dichteresse op letter jierren mei inkelde sublime fersen har yn it earstoan mar wankel en ûntstriidber dichterskip hommels rjochtfeardige?
Dochs hat de Fryske dichtkunst fan dy tiid ôf in oar oansicht krigen. En it gelyk dat Hof en oare bistriders op détailpunten sûnder mis hiene, docht oan de rjochtfeardichheit fan it doe woune prinsipe net ôf of ta.
Hwa doar syn bornearre heechmoed sa fier driuwe en forsmyt it prinsipe fan de eksperimintele wurdkunst, om't guon détails him net noaskje of him net oansprekke?
|
|