| |
| |
| |
Inne de Jong:
Feestrede.
Men koe it fan tinken wol hawwe, dat de fyftichste jierdei fan Dr Heiko Reinders net ûngemurken foarby gean soe. Dêr soargen de parse, syn freonen, syn frou en syn dochters wol foar. Hy hie sels ek wol op in foege huldiging rekkene en soe him der graech yn skikke. Sa net, der wiene wol lytser goaden let en set by gaedlike geleg'enheden of op jierdagen. Reinders wie mear as Frânsk learaer oan it pleatslik gymnasium, hy wie in bikend skriuwer, dy't forskate goede romans op syn namme stean en mear as ien litteratuerpriis yn de wacht sleept hie. Boppedat in flot, joviael persoan, like populair ûnder it gewoane folk as yn de artistike wrâld. Hwat de wurdearring fan de lêstneamde oangiet, syn eigen generaesje biwûndere him hast ienriedich, de jongerein wie kritysker, hie biswier tsjin syn linige, soms licht-rhetoaryske styl en romantyske ynslach, en spotte ek wolris mei syn earlike idelheit. Faeks spile jalousie de métier hjir wol in rol.
It nuvere fan it gefal wie lykwols, dat de dichter Leo Laerman, de opfallendste en meast revolúsionnaire forskining mank de nije generaesje it dan altiten frij forheftich foar Reinders opnaem.
‘Dêr mienst neat fan,’ forwieten syn maten him. ‘Dû mei dyn reade trui, dyn rûch burd, dyn wylde eksperiminten, dyn atonale poëzij, dyn wrange toan, dû bist uterlik en ynderlik in antipode fan de greate man. Mar dû stikest om Clara, syn âldste dochter, maet, en dû wolst fan dyn skoanheit-yn-hope gjin kwea hearre.’
‘Myn wurdearring' foar Reinders is oan de iene kant litteratuer-histoarysk, bêste jonges,’ réplisearre Laerman dan, ‘mar ek in warskôging fan myn gewisse, om eigen dogma's en binammen jimme wurk net to oerskatten. En hwat Clara oangiet, hwa't har ken lyk as ik, sil tajaen moatte, dat hja Reinders syn greatste prestaesje is.’ Dan dronk er syn romer leech en helle de hân troch it burd.
Hawar, hja hiene, by alle krityk, safolle respekt wol foar de skriuwer en safolle genegenheit foar de royale keardel, dy't Reinders wie, dat hja him in algemiene hulde graech gunden. Laerman en in maet soene harren dy deis
| |
| |
fortsjinwurdigje. Laerman soe it wurd dwaen en hja retten him oan, foar safier in konsesje to dwaen oan de boarger, dat er net yn syn reade trui, mar yn in gewoan kolbert forskine soe. Tagelyk warskôgen hja him, hy mocht him troch syn langst nei Clara net forliede litte ta oerdwealske lof, mar moast mjitte hâlde. Laerman stelde lykwols de fortrouwenskwestje: hy woe frij mandaet ha en g'jin bitingsten.
De feestdei waerd greater as Reinders forwachte hie. Ek de waergoaden wiene him genegen, hwant in skjinblauwe Maeijeloft stie oer de bloeijende ierde spand en de swietrook fan in tún fol seringen dreau troch de iepene serredoarren de keamers yn, dêr't it bylke fan blomstikken. De post brocht steapels brieven en lokstelegrammen, de deiblêdden wiene hast ienriedich yn har gunstige kommentaren op it wurk fan de jubilaris en sprieken de hope út, dat it yn de kommende jierren jit excelsior gean soe. De lektuer fan dizze skriftlike hulde jage Reinders, dy't himsels ek net ûnderskatte en foar biwûndering tige gefoelich wie, in kleur op 'e wangen. Mar binammen mefrou Reinders wie dizze dei in heechtiid foar. Hja hie in ûnbidigen forearing foar har forneamde man, elk wurd fan krityk, dat der ea oer syn wurk skreaun wie, forklearre hja út misbigryp of oergunst, hja wie oertsjûg'e, dat er ûnder de libjende skriuwers yn de lege lânnen syn gelikens net hie. Derby wie hja noch altyd as in jongfaem op him foreale en de mylde spot fan har trije aerdige, moderne dochters op dit jeuchlik sentimint wiisde hja ôf mei de útdaging: hja moasten sels mar ris bisykje, in man op 'e kop to tikjen, dy't heit yn de fierte in bytsje bilykje koe. Hja bidoelde dit foaral as in warskôging foar Clara, hwant it feit, dat dy net ûnforskillich wie foar Laerman, wie in tamtaesje foar mefrou Reinders. Hja mocht dy fint foar har eagen net sjen, hja griisde fan syn healwiis burd en syn reade trui, hja wie bang foar syn spotske glim en syn raillearjende toan. Sels syn goede wurden oer Reinders syn wurk fortroude hja net: mei de yntuysje fan de foreale en forearjende frou miende hja der in synyske ûndertoan yn to biharkjen. Hja hope yn stilte, dat er hjoed net komme soe, en as er al kaem, dat er dan yn it yllústre selskip, dat hja forwachte, yn ordintlike klean forskine en syn greate bek
net oeral yn slaen soe. Hawar, hja wie net fan doel, dizze dei troch eat of immen bidjerre to litten. En it moat sein
| |
| |
wurde, hja wie in bitûfte en gracieuze gastfrou, hja wist sa'n dei sfear to skeppen en lieding to jaen, wie it net oan de petearen, dan dochs oan de reg'y. Hja klaeide har hjoed yn in kostlike swarte jurk, hypermodern en tagelyk tsjûgjend fan in persoanlike smaek. Gâns dékolleté, mear as har dochters, en in sierlike gouden bân om de blanke earm.
It hûs roun fol de middeis mei in nijsgjirrich selskip. Dichters, skriuwers, toanielspylders, journalisten, útjowers, learaers, bruorren en susters, de upper ten fan it stedtsje, artysten sawol as boargers, wiene fortsjinwurdige. Der waerd dronken en klonken, lake en sprutsen, dat de fûnken der ôffleagen. De maten wiene rynsk mei har lof, sels in bikend skerpsliper, dy't yn syn skôgings Reinders wolris hurd oanpakt hie, mar altyd wer ûnder de tsjoen fan syn persoan kaem, joech him hjoed it folle pont. Mefrou Reinders, dy't as in Keninginne njonken de jubilaris troane, koe har lok net op. Har brune eagen liken tsien jier jonger op dizze dei der dagen. Hja lake elke nije gast in waerm wolkom ta. Nei ien fan de knapste taspraken, doe't der algemien lake en klapt waerd, griep hja tomûk Reinders syn hân en lústre him yn 't ear: ‘Hwat in dei, net jonge?’ Yn har heechste ekstase, ûnder de speech fan de rektor fan it gymnasium, in klassikus mei mear flux de bouche as oarspronklikheit, dy't ûnder mear forklearre, dat de kunstner en learaer Reinders in sieraed foar syn skoalle wie, kaem Laerman der hommels ynfallen. Net yn syn reade trui, mar al sûnder jas, yn in hurdgrien shirt, mei opstrûpte mouwen, fanweg'en de waermte. Mefrou Reinders biloek der fan en doe't hja seach hoe't Clara har eagen opljochten, hime hja fan ergewaesje. Nea hie dat burd har sa oangriisd as op dat stuit en der wie in stille bea yn har hert, dat dat dwaze moaije fanke, dy't wol hwat oars krije koe, ta ynkear komme mocht.
De rektor rige rhetoarysk de iene lofspraek oan de oare en doe't er útpraet wie, kaem de direkteur fan it bûterfabryk oan it wurd. Oars g'jin man fan folle wurden, mar de spontane sfear en de koppige port makken him redenryk en hy sei suver nijsgjirrige dingen oer de rjemme fan it libben, dêr't kunstners en suvelprodusinten de wrâld mei forriken. In charmante dichteresse felisitearre mei in bêst gelegenheitsfers, in pear leave jongfammen út de sechste klasse songen in duet, oare learlingen deklamearren foar de foreare learaer.
| |
| |
De lêste sprekker wie Laerman. Hy stie yn de fierste hoeke, de iene hân op 'e piano, de oare yn 'e bûse, syn brún burd yn it ljocht fan de leechsteande sinne. Mefrou Reinders syn fortsjinsten, sei er, soks soe hast bihar del.
De dichter syn lûd wie earst hwat dreamerich en slepend, doe't er de jubilaris lokwinske mei dizze bisûndere dei, mar yn de rin fan it bitooch waerd it hurder en agressiver. Hy woe gjin iepen doarren yntraepje en útwreidzje oer Reinders syn tige fortsjinsten, sei er, soks soe hast bitsjutte kinne, dat men der oan twivele. Leaver woed er in wurdmennich sizze oer it prinsipe fan in feest lyk as dit en it achte selskip de frage foarlizze, oft der net folle mear fan sokke dagen fierd wurde moasten. Wie it in fortsjinste, dat in minske fyftich jier waerd? Fyftich jier troud to wêzen koe in boppeminsklike prestaesje wêze, fyftich jier âld to wurden wie frijhwat in passyf spul, binammen as men de wyn altyd aerdich yn de rêch hie. Der wie lykwols neat op tsjin, der wie sels alles foar to sizzen, om biskate data en gelegenheden oan to gripen en meitsje der in feest fan. In libben sûnder heechtiden soe net út to hâlden wêze. Hie Dr Kuyper, dy't wol fielde, dat wy hjir, yn it koele klimaet fan it Kalvinisme, faek oan 'e krapperein kamen, ek al net oanfitere: Viert uwe vierdagen?
In boereboelguod, in karnaval, de Súdlaerder hynstemerk, it Snitser hurdsilen, it koperen jubileum fan it slachtersboun, de jierdei fan de kenninginne, in studintelustrum en neam mar op, it wiene allegearre réaksjes op it djippe forlet fan de homo ludens, om it bistean op to fleurjen en jin ris út to wjirjen. De oanlieding kaem it minder op oan, as men sokke feesten mar ynhâld en styl jaen koe. Nou trof it him bisûnder, dat yn dit formidden hjoed in sfear hearske, dy't sels de wrangste Nurks yn 'e bisnijing nimme soe. De persoan fan de jubilaris, de graesje fan mefrou Reinders, hwaens eigenskippen as gastfrou elkenien biwûndering foar hie, en net to forjitten de charme fan de susters Reinders, wiene hjir sûnder mis fan greaten ynfloed. Mar ek it selskip en de taspraken, de muzyk en de deklamaesje wiene yn harmonij mei de regy, mei de glâns fan de blommen en it aroma fan de port. De wurden fan de rektor bygelyks hiene him, Laerman, djip yn it moed taest, en de skerpsinnige stelling fan de direkteur oer de rjemme fan it libben joech jin stof ta meditaesje. Dit wie
| |
| |
de methoade, om de minsklike drang nei freugde tomjitte to kommen.
It wie dan ek mear as spitich, dat sokke stylfolle dag'en fiersto sporadysk organisearre waerden. Hwerom moast in litterator fan formaet oan syn fyftichste jier ta op sa'n dei wachtsje? Yn 't algemien hiene sokke lju, as hja tritich wiene, har spoaren al fortsjinne, fakentiids sels har hichtepunt al hawn. Wie tritich in minder gaedlik getal as fyftich? Hwerom dan, as it lije koe, net mei tritich to bigjinnen? En dan elke fiif jier op 'en nij. In skriuwer hie like folle rjocht op in geregeld glorieus lustrum as in studinteselskip. As men dan hwat op jierren kaem, koe men weromsjen op in gouden rige fan jubeldagen. Hie Reinders sels syn bêste boek, ‘It testamint’, net skreaun foar syn tritichste jier? En hwat himsels, Laerman, bygelyks oangie, as men syn wurk de muoite wurdich achte, soed er stil wurde fan it foarútsicht, dat er op syn tritichste jierdei sa'n dei bilibje mocht. Faeks hied er dan ek al in charmante gastfrou op 'e kop tikke, dy't de honneurs waernimme koe.
Hy woe noch in stap fierder gean en de kommende tradysje útwreidzje oer in folle breder front. De tiid wie foarby, dat artysten as in soarte healgoaden biskôge waerden mei bisûnder foarrjochten, útsein dan yn it finansiële. Hja wiene nuttige, nijsgjirrig'e, sels ûnmisbre eleminten yn de mienskip, mar hiene hja rjocht op in huldigingsmonopoalje? Wiene der net faklju by de rûs, minder opfallend en net oan de wei timmerjend, mar hwaens fortsjinsten yn de groun fan de saek net lytser wiene? Hwerom wy dan al en hja net? Wie it niisneamde boek fan Reinders net in hertstochtlik pleit foar de lytse man, dy't mei syn biskieden tawijing it libben en de kultuer mooglik makke? Hwat gelegenheit soene wy noch hawwe om to huldigjen, as de gernier, de koumelker, de havenarbeider, de mynwurker, forstek gean lieten? It idé fan de Russen, dy't foar memmen, hûshâldsters, fabryksarbeiders, jiskelju earekodes ynstelden, soe op himsels sa gek noch net wêze, as hja net iensidich de biwenners fan de konsintraesjekampen fan de eare en de foarrjochten útsleaten. Yn dit frije lân moast de kultuer fansels net fan boppen ôf oplein wurde, mar spontaen út it folk sels opkomme.
Laerman woe twa aktuéle gefallen neame, dy't syn stelling konkreet taljochtsje koene. Yn syn strjitte, deun by him, wennen twa minsken, dy't yn nije wike fyftich jier
| |
| |
waerden: in bigraffenisûndernimmer en in matrassemakker. Beide hiene hja tritich jier yn it fak arbeide mei in bitûftens en in oerjefte, dêr't men allinne mar ûntsach foar hawwe koe. Hwa't bitocht, hoe'n greate wearde historici en archeologen takenden oan de manear fan bigraven as biskavingskritearium, koe oan de kulturele funksje fan in all-round fakman yn dit bidriuw net twivelje. De man, dy't hy bidoelde, wie der ek noch fleurich ûnder bleaun en biskikte sels oer gâns humor, al skaeide dy soms ryklik nei de galge.
En in kundich matrassemakker wie in faktor yn it libbensfeest, dy't men net maklik oerskatte koe. Koe men jin de kontinuaesje fan de westerske biskaving yntinke sûnder aupings, binnefearring en skomrubber? Aart van der Leeuw syn skôging fan de fisionnaire ledikantmakker:
Hij ziet een slaapster toegedekt,
hij schouwt de zonnestraal, die wekt,
hij voelt een kus, hij hoort een lach
en om de sponde blinkt de dag,
koe ûnbitinge op de matrassemakker tapast wurde. Yn it ryk fan Eros, yn de poëzij fan de breidsnacht spile dizze man in haedrol.
Wie it net ûnrjochtfeardich, dat sokke lju op har fyftichste jierdei net huidige waerden? De iene, dy't jimmer op 'e faeije grinzen stie, en de oare, dy't de anonime regisseur wie fan libbens greatste blijspul?
Krekt dit feest fan Reinders wie in gaedlike geleg'enheit, om foar dizze kulturele ekspânsje to pleitsjen. Yn hast alle wurken fan de jubilaris foelen twa eleminten sterk op: in sosiale oandienens en in lôgjend protest tsjin de klibergeast, dy't it folk dom hold. Sommige fan syn boeken soe men sels in nijsgjirrich, romantysk kommentaer neame kinne op it thema: ‘al geesteslicht zij aan het zwoegend volk gegeven’. Soe men him better huldigje kinne as mei in tradysje to skeppen, dy't it ‘zwoegend volk’ sa konkreet yn de kultuer bihelle? In feest lyk as dit wie sûnder mis in nommele kultuermanifestaesje, dêr't er sa'n wurd om sei. Jow dizze libbensrjemme oan it folk en lit de parse, as hja har kening'inne-reputaesje wier meitsje wol, der útwreide forslaggen fan jaen en byneed oarlochs- en kroaningsnijs, paradereportaezje en sportrubryk bikoartsje. Dat soe folksopfieding, dat soe praktyske kultuersprieding wêze sûnder
| |
| |
burokrasy. En hwa wit, soe de réaksje fan it folk op sa'n brede en solidaire lustrum-kultuer net in greater wurdearring' fan de kunstner en in forbettering fan syn sosiale posysje bitsjutte. Hwant Reinders mei syn greate oplagen mocht dan net to kleijen hawwe, der wiene noch altyd party artysten, dy't fan de rom nei har dea libje moasten. Sa tsjinne men dan yn ien klap de beide machten, dy't it lot fan de wrâld biskaetten: de geast en de mage.
Ut de réaksje fan it selskip, doe't Laerman syn lêste wurd mei de swiere rutsene a forklonken wie, die wol bliken, dat hja net allegearre yn in omsjoch ryp foar syn idé wiene. In amerij bleau it forlegen stil, doe bigounen Clara en in stikmennich oaren to klappen en Reinders hie safolle savoir-vivre wol, dat er mei die. Mar de rektor seach as in murd, de direkteur loek grimmitich oan syn segaer en mefrou Reinders wie spierwyt, wylst har eagen fjûr spatten.
‘Hoe koest klappe?’ frege hja de jouns op bêd mei in snok. ‘Dy lamstrael hat ommers alles, alles bidoarn. Der moat dochs ûnderskied wêze! En dan to bitinken, dat Clara har op dit stuit faeks fan sa'n meubel tútsje lit!’
‘Hy is net sa min, mar ik wol nou sliepe’, sei Reinders, wylst er him omkearde.
|
|