dy't him net oansteane. Yn de striid, better sein, yn it gekreau tsjin dy lju libbet er, as syn Dútske genamt, syn bizigens út. Dêr hat er syn grappen mei, dy't moai faek by it gemiene omt ôf binne. Dingen dêr't er it mier oan hat binne skynfrommens, hearsk- en spjaltsucht, ûnmatigens, bijgelove en noch in moai rychje oare. Persoanen, dy't mei ien of mear fan dizze ûndeugden oanhelle binne, parearje ûnder in oan har fordoarne steat oanpaste namme yn syn forhael, ont de tiid komt dat hja fordwine om harren straffe to ûndergean. Gleone Douwe, Oene Kat, Likele Slûchslim, flanterige Jetske, Sape Strampel, gleone Lolkjen en Heabel Trijehoek binne der foarbylden fan. It is in eabele corona fan manlju dy't oan de drank binne of frousk, dy't in kannegrau's gelove hawwe en dêrnjonken froulju dy't hwat de deugd oangiet op in forkeard wurd lizze, doarpsnimfen mei de rûmte fan wyt yn de eagen, toatebellen oanhelle mei de sucht ta rabjen, sasear dat hja it wol oandoare en biskuldigje in gnappe, liberale bakker fan tsjoenderij. Mar mei of sûnder de help fan bakker Ulespegel stroffelje hja, oer in rolle blauwe flenje of hwat oars, yn de earmen fan it rjocht, krije yn elts gefal lean nei wurken.
Waling Dykstra komt yn dit boek nei foaren as humorist. De opset is sa dat by in bipaelde kategory lêzers sukses wis is: brike fiten, brike situaesjes, typen fan minsken. Flau, goedkeap, der is gâns in rige termen to bitinken om dit soarte fan skriuwerij mei ien streek yn it litteraire fordomboekje to setten.
Mar der is ien ding dat Dykstra der altyt trochskuort, by al de biswieren dy't men tsjin de opset, de ynhâld en de geast fan syn boek hawwe kin. Hy is in forteller, en ien fan it boppeste buordtsje.
Yn dit boek komme de bêst fortelde anekdoates út de Fryske litteratuer foar, nei foaren brocht yn in tael sa kostlik en ryk dat er syn wjergea net hat. De episoade fan de âld bok Sake Strampel op 'e turfsouder - in Decameroneforteltsje - is in foarbyld fan fortelkunst. En sokke binne der mear oan to wizen. It is allegearre sa op it each mar hwat jounspraet, smoutwei, leech by de groun, mar hieltyt spand op it wurd, op it krekte wurd soms, mar ek op it rûchwei, sketsenderwei foarstellende forskaet fan wurden, lyk as inkeld in puike forteller dat ta syn foldwaen hat. As der op in biskaet stuit forlet is fan in wurd of in omskriuwing, dan treffe dizze minsken boartsjendewei it