| |
| |
| |
Jan Folkerts:
Emigrant.
14 Desimber. - God, hwat kin de snein my hjir in bisiking wêze. Sa'n dei, dat ik it gefoel ha, dat men hast tomûk libje moat, wol men net al to bot bûten de termen falle. En derby alwer dy ivige rein en damp. Sil dy dan nea werris ophâlde? Feitlik hie 'k dochs mar it bêste op bêd bliuwe kinnen. Al hie 't allinne west om dizze iensume skiere uren om middei hinne forsliepe to kinnen en fral, om mar neat mei dat obsedearjende stille goare dêr bûten to meitsjen to hawwen.
Hwant stil en goar, en ûneindich treasteleas leit hjir de snein oer it gea, as hie de wrâld dizze oarde al foargoed ôfskaft. En as hie it hjir twa dagen lyn noch net ien en al drokte en gloarje west by de iepening fan de nije skoalle. Hwant rein of gjin rein, it hat feest west, in wier oerwinningsfeest: Tonei hat dit doarp dan ek twa skoallen.
Nammers hwat in skiednis en hwat in polityk moat der bidreaun west ha, foardat dit feit fierd wurde koe. Oan de oare kant sil sa'n resultaet wol in machtige stunt útmeitsje foar de lieding, ta rjochtfeardiging fan de striid lyk as dy fierd is en lyk as dy sûnder mis foar de doar stiet.
Hwant dat men oangeande dat léste noch mar krekt by 't bigjin is, dat kaem wol oan 't ljocht op de lêste âlderjoun. De beide konklúzjes dy't dêr oannommen waerden, hjirop delkommende, dat 1. de âlden mear bern opbringe moatte en 2. dat Ype keapman tonei gjin konkurrinsje mear ha sil fan syn kollega út it doarp (dy't fan oare konfesje is), sille hja de hannen oan fol ha. Saeklik sjoen sil 't sa wol moatte. Yn dizze dingen kin it sûnder striid tonei net mear ta, dat is dúdlik. En dêrby: Striid en mienskiplike aksje nei bûten ta binne fansels noch altyd it bêste middel tsjin ynderlike dizigens en twivelriedichheit, as dy der binne.
Pake' hûshâldster achte sok sizzen fan my mar oanstjitlik. As ik der sa ûnder stie, miende hja, wiene dit myn saken net. En faeks hat it minske fan har kant net alhiel ûngelyk. Hwat doch ik my hjir ek yn to jaen. Men is op 't lêst net sa folle mear as frjemd, om't men gjin hechter bannen hat as dy fan tydlik taskôger.
Ik hie der al oer prakkesearre om mar wer nei myn kost- | |
| |
hús. Mar in twingende reden is der net, hwant studearje kin 'k hjir it foarste skoft like goed. Allinne, de sfear yn dit hûs is in bytsje fan oerbleaun, sûnt beppe der net mear is. Datoangeande biwûnderje ik pake, sa't dy him deljowt. Faeks is 't mei om de âld man, dat ik hjir noch mar hwat bliuw. Mar de sneinen binne hjir myn minste. As jonge moat ik dêr dochs minder erch yn hawn ha.
Ik bin oars mar op wei in dreech kronykskriuwer to wurden, liket it wol. Deiboekerij bin 'k oars net fan doel, al haw ik my réalisearre, dat it in kalmearjende ynfloed op my hat, as ik my op papier ris efkes gean litte kin.
30 Novimber. - Krekt de lêste dei fan skiften en kofferpakken kaem my dit boekje noch wer yn 'e hannen. Ik haw it doe by my stutsen. Faeks ta in oantinken. Of miskien wol om de oantekeningen fan hokkerjiers noch ris fuort to setten mei de ien of oare ympresje. Fan de reis byg'elyks. De reis, dy't doe foar my noch alles yn hie fan in nij bigjin, in bifrijend op-'en-nij-bisykjen. En nou dit mei Louw. Mei ien slach hat dit brief alles foroare. Hwat kin in brief der oan de bûtekant ûnskuldich útsjen. Sels hat it noch hwat fan in forrassing as men it kriget yn in haven, dêr't men gjin post forwachte. Yne sil it fansels goed bidoeld ha. Hja hat der net by stilstien, dat dit birjocht my wol kâld op 'e lea falle moast. Mar hy wie my like nei as in broer, al fan doe't wy noch jonges wiene.
Hy hie in koarte dea, skriuwt Yne. Sûnder striid en pine hat er it oerjaen mocht, samar ûnder syn wurk wei. It is miskien in frjemde gedachte fan my, dat de wize fan stjerren forbân hâlde soe mei de wize fan libjen. En dat in koart en striidleas ôfgean mar foar de ynderlik suvere minske weilein wêze kin. Allike ûnbiredenearber is faeks dat formoeden yn myn hert, dat dizze minske noch yn oare wei bifoarrjochte wêze soe. Under syn bliere libbenshâlding wist ik de eangstme en de freze foar it takomstige: It springtij, ûnkearber, ûnder it hjoeddeiske forrin forburgen, soe him op 't alderûnforwachtst iepenbier je en ús as warleas beamte yn de kolkjende nacht ûntwoartelje....
Dyn stj er ren bits jut ôfbreuk foar my, Louw. Mar dochs bigear ik it nou net mear oars. Tonei silst ommers feilich wêze foar alles, hwatst yn de efterlizzende jierren troch to stean hawn hast. Doe't it ek oarloch wie. En dêrst noch nea wer oer prate doarst, as wiest bang it dêrmei op 'en nij op to roppen. Dyn frede is myn frede. Sa lang ik
| |
| |
libje sil ik oan dy tinke as oan in moedich minske en in wiere freon.
9 Desimber. - Hwat my nou noch wolris forwûndert, is, dat pake der winliken net iens folle fan sein hat, dat ik fuort woe. Al koed er it skynber net litte to sizzen, dat ik thús feitlik noch nea net oan 't bisykjen takommen wie. En om dan nou al fuort. Dat hie altyd noch kinnen, miende er.
Pake forgeat gauris, dat de wrâld net mear is lyk as yn syn tiid. Oan de oare kant moat ik de man tajaen, dat ik yn myn libben noch net sa hiel folle mear prestearre ha as it ôflizzen fan tentamens en eksamens en yndertiid as corpus festivitatis mei gans in promoasjefeest útein sette. Wylst pake op myn jierren foar de praktyk grif noch better taret stien hat as ik nou.
Jim libje langer sûnder idéalen, dat is jim fout, plicht er to sizzen.
Och pake en ûnder de bisetting dan? Doe hiene wy dochs wol deeglik in idéael. Mar ek dat hat ommers bliken dien neat om 'e hakken to hawwen. De fûlste need yn de striid tsjin de oanrânner wie noch mar krekt yn 't ôfnimmen, doe't elk syn eigen tradysje en hillige foaropstellingen al wer nûmer ien sette doarst. Mei de lep yn 'e hân tsjin hwa't it lef hie dêr oan to toarnen. It gefaer wie foarby en dus hiene gefoel en forstân fierder to swijen: de leare soe wer jilde.
Nammers, ik leau net dat de wrâld idéalen brek is. Faeks ek skat ik de wearde fan in idéael dêrom net sa heech, om't it meastentiids hwat ut to stean hat mei tsjerke of polityk. En dêrby, hja kweke mar Prinzipienreiter. Hwat dat slach net yn har tsjinstanners daeije kin, binne se sels meast ûnútsteanber yn: It úthingjen fan de waenidé, dat it minsken jown wêze soe (en har dan wol yn 't bysûnder!) de wierheit to ûnderkennen. De iennige Wierheit noch wol.
Hwat in geny moat Jezus west ha yn it útspyljen fan Syn ketterskip tsjin dizze minskene greatheitswaen, dat Syn namme nei 2000 jier hjir noch biwarre bleaun is. Wylst wy en ús maetskippij bûten dizze geheugenkwestje ynderlik dochs neat mei Him út to stean ha. Of sels ek mar hawn ha.
18 Desimber. - Ik kin it de lêste deimennich net rjocht fine. Fan 'e moarn siet ik yn 'e bar en fierder ha'k oant nei fiven op 'e tekkens lein. Ik haw altyd al min oer de
| |
| |
waermte kinnen. Allinne, foarhinne hie 'k krekt it tsjinoerstelde fan in mankelike drank. En nòch is alles like toar en leech yn my.
Feitlik koe 'k de lêste wiken thús al net mear normael tinke. It wie doe oars net as fleanen en skrippen om fral mar neat to forjitten. It liket moannen lyn dat ik ôfsette en dochs is 't noch gjin fjouwer wike.
Mar ik leau net, dat ik it mei it ôfskie to dwaen ha. It is earder in gefoel, hwat wichtichs forgetten to hawwen. En tagelyk is 't my as wurd ik wjerhâlden dat to efterheljen. As it wier is, dat de minske yn syn djipste wêzen it witten by him draecht fan hwat it libben mei him foar hat, faeks is it dan mar it bêste en hâld dy gedachte by jin wei. Men soe ris yn 'e forlieding komme kinne jins deiske sintugen to brûken ta it forklearjen fan stimmingen en oandwaningen, dy't allinne fan in hegere yntuysje forstien wurde kinne.
21 Desimber. - Fan juster ôf moat it dan wurklikheit wêze. Flymskerpe wurklikheit. Juster ha 'k om 'e nocht mei de pinne yn 'e hân sitten en nou wit ik likemin wurden. Yn myn hert moat ik dit foar ûnmooglik hâlden ha. En nòch doar ik it binei net út to sprekken. Al ús hoopjen en ús freze ha dus neat holpen. Alles hat om 'e nocht west: It is bigoun. Is dòchs bigoun. En gjin wrâldske macht sil mear by steat wêze en bêdzje dit del. De tiid wie fol blykber. En hwat nou bigoun is, sil fuortgong ha, mei of sûnder ús.
Oh, Yne leave, hwêrom woest my net leauwe, doe't ik dy hjirfan praette? It wie ommers net om dy bang to krijen. Hoe koest' dat fan my tinke? En hoe sil it nou mei ús rinne? Hwat witte wy mar in bytsje fan inoar ôf. Dou soest my net bigripe as ik dy sizze soe, dat it my nou ynienen klear is, hwêrom't ik mei dizze oantekeningen bigjinne moast.
En ik bin bang'. Ik soe wol gûle wolle. Ik, dy't miende mei dit probleem ôfrekkene to hawwen.
22 Desimber. - It is in nuvere tried yn myn libben, dy't laet nei dizze hut, op dit skip en op dit plak fan de wrâld. It bigjin fan myn emigraesjeplannen sil wol slim mear út to finen wêze, mar de snuorje dat ik niget krige oan it pistol yn pake' burolaedtsje sil der wol net fier ôf west ha. As it al wer donderjen wurde mocht, in twadde kear soe 'k der net by wêze, dy gedachte wie him doe al by my oan 't fêstsetten. Nammers, hwat in wûnderlike oansluting hawwe
| |
| |
myn forwachtingen en prakkesaesjes fan de ôfroune trijefjouwer jier krigen mei de feiten fan nou. Datoangeande kin ik my mar net bigripe, dat ik der net mèar op klear wie doe't op dy fatale moarn, sa ier al, troch de lûdynstallaesje de attinsje frege waerd fan alle passagiers foar in driuwende meidieling fan de kapitein, yn forbân mei ynternasionale omstannichheden.
Us lân yn de oarloch bihelle.... De konsekwinsjes, dy't dêr, foar ús op dit skip, oan forboun wiene....
En dat ik op dàt stuit earst noch tinke koe oan in to fier trochdreaune studintemop! Wylst ik dochs al jierren mei dizze mûglikheit rekken hâlden hie, tominsten dat miende ik.
En sa lizze wy nou yn de haven fan K. Om to wachtsjen op neijere ynstruksjes. It is forbean om fan board. Neffens it sizzen fan de earste stjurman kin dizze situaesje noch wol hwat oanhâlde.
Dan wurdt der grute, dat wy mei g'auwens foar eigen rekken en risiko werom kinne. Dêroer binne fansels forheftige disputen geande. Myn buorfrouke kaem fan 'e middei gûlende yn myn hut. Har man wie foarút gien en hja hiene elkoar nou al yn gjin twa jier sjoen en jild om werom hie hja ek net, dat as ik har net helpe koe om fuortendaliks to plak to kommen. Wy binne skaet nei't wy ôfpraet wiene, hja koe frij by my ynrinne, as der hwat wie. Ik koe net iens sizze, dat ik har net lije mocht, sa't se nou wie.
24 Desimber. - Hjoed is de fjir de dei fan de oarloch. Wy farre wer. De ynstruksjes binne foroare sa't liket, hwant sûnt fannacht stome wy wer op ús doel ta. En as der neat tusken komt, moatte wy mei in dei of tsien toplak wêze. Yn safier liket alles nou wer gewoan. Men soe sels tinke kinne, dat dit fan de lêste dagen mar in forsin west hat. Wy ha ommers ek noch neat sjoen dat op oarloch wiist. En soms as ik op it dek liz bisykje ik my yn to tinken, dat ik mar dreamd ha. En dat der yn wurklikheit gelokkich neat to rêdden is. En dat myn pistol noch jimmer gjin oare bitsjutting foar my hat as dy fan in persoanlike gerêstjstelling. Oars net.... Yn de trant fan in paraplu dy't it soms droech bliuwe lit as men him by jin hat.
Justerjoun - en niis wer - wie de sé sa ynmoai yn it fredige ljocht fan in greaten blinkenden moanne. Of soene wy it moaije yn dit libben dochs allinne mar ûndergean
| |
| |
kinne, as wy op ús iepenst to wêzen ha foar de forneatiging en de ûndergong'?
26 Desimber. - It Krystfeest oan board wie mar in tryste fortoaning. De middeis seagen wy de earste fleanmasinen. It nijs is tige summier en dêr wurdt fan alles omhinne fantasearre. Ik moast hjoed de hieltyd tinke oan dy middeis by Yne-en-dy's efterhûs, doe't ik winliken by har kommen wie om to sizzen, dat myn plan om to emigrearjen fêst stie. Hja siet op in túnstoel mei de fuotten op de terrasrânne en hie naeijen op 'e skurte. Doe't ik de hoeke omkaem siet hja yn tinzen de kant út to sjen fan âlde buorman, dy't oare kant de hage yn syn tún dwaende wie. Syn stadige stim waerd stil, doe't ik oer it grint tichterby kaem.
Letter siet ik op it terrastreppentsje, neist de greate túnpôt mei hinggeraniums en in skoft wie der oars net as it gerissel oare kant de hage en út en troch it skelle lûdtsje fan de túnsjonger, dy't earne yn 'e tún nestele. Alles like hiem en fredich en goed. Ik sjoch noch fan de âlde boekebeam de leechhingjende tûke mei it jong'e grien flak foar my biwegen. En de ealjebij slûchwei by de poat fan Yne' stoel opkrûpen. It bliere wyt fan de iere margriten op 'e eftergroun.
Lykwols, hwat langer it stil wie tusken ús beide, hwat mear ik de spanning fan it eagenblik oanboazjen fielde. Hja wie meast tige ynbannich en hie dêrby in sterk gefoel foar noarmen. In ûnfoech wurd haw ik fan har nea fornommen, likemin as in útspraek dy't hja by harsels net goed trochtocht hie. As ik earlik bin moat ik sizze, dat ik my oan har krektens dêryn wolris ergere. Datoangeande koene wy elkoar wolris minder goed passe. It kin him mei oan 't formidden lizze fansels. Har heit is dûmny en ik hie gauris it gefoel, dat har folk my net foar Yne ûtsocht hie. Hja wiene dêr faeks mear op de geastlike sektor fan it libben ynsteld. Mar dat hat hjir feitlik ek neat mei út to stean. Allinne doe't hja op in stuit sa kwânswize frege, oft ik dan it gatsje foun hie om myn foarnimmens mei goed fatsoen trochsette to kinnen, wie 't efkes as wie it dûmny dy't op faderlik biskermjende toan my dizze fraech die.
Ja, sei ik, miskien foarser as ik it bidoeld hie to sizzen, it giet oan en ik kom dy to freegjen oft ik der op rekkenje kin, datst mei giest. En dan hwat gauwer hwat better.
Dy jonge fan buorman, forfette hja letter sêft, wie fansels fan in hiel oar slach as dou. Hy hat it dêr goed makke,
| |
| |
mar dêr giet it dy net om yn 't foarste plak, haw ik wol bigrepen. Nammers, dêr't it dy al om giet, dat is by my gjin faktor en sil it ek nea wurde, tink ik. In minske kin sûnder bitrouwen net libje. Elk hat dêryn risiko to nimmen, hwant alle libben hâldt nou ienkear risiko yn en dêrom....
Dyn heit-en-dy leit it wurd bitrouwen yn 'e mûle bistoarn. Ofwachtsje, it bêste der fan hoopje, en dêr is de goede rie dan ek mei to'n ein. Mar dêr keapje wy neat foar. Tinkris oan 'e Joaden, dy't yn 1939 ek mienden dat hja noch tidigje mochten, andere ik.
Har mem kaem by ús to sitten en dy middeis is der tusken ús togearre net wer oer praet. Faeks haw ik Yne der letter ek net wer op ferge. Miskien wol om't ik yn myn hert bang wie, dat hja planút wegerje soe. Dochs leau ik, dat har hâlding yn dy snuorje my yn myn foarnimmen earder fuortsterke hat as oarsom. As hja.... Mar hwat biskriuw ik hjir ek. Dêr't ik mei omrin, hat hjir ommers neat mei út to stean.
29 Desimber. - De dagen geane stadich foarby. It hjit dat wy mei forstadiging farre, al wit gjinien it hoe en hwat krekt. It makket my nammers ek neat mear út. It is al lang lyn, dat ik mar ien doel hie: Fuort, fuort, foardat it to let is.
En dochs waret der in frjemde ûnrêst yn my om. Ik smook in protte de lêste wike.
Mei bang to wêzen jowt men it gefaer krekt foer, wie pake syn sizzen. Sjoch it lyk yn 'e eagen dêrst bang of ûnwis fan biste en dou hast it foar de greatste helte yn eigen hân. To libjen, siz ik dy, dat is in kwestje fan doaren en fan drystens yn 't foarste plak.
Hwat bearde de âld man raer, doe't ik him by sa'n gelegenheit ris sahwat heal út gekheit to forstean joech, dat de rollen blykber forkeard fordield wiene, mar dat it net oan my lizze soe as it mûglik wie to roaljen. Hwant sa't de wrâld der hinne lei like it my ta, dat pake mei de natuerlike libbensein yn sicht, der net it minst oan ta wie fan ús beiden.
Ast' mienst hwatst seist, joech pake biskie, dan kin ik dy net langer bigripe. Dyn âlden, as hja noch libbe hiene, koest mei sa'n útspraek wolris gjin deugd dien ha. Dizze tiid? Hwat praetstou! Sjoch him troch to kommen. Tiden hawwe tiden, dat hat tominsten altyd sa west.
| |
| |
Ik sil it pake altyd neijaen moatte, dat binammen hy myn swakke stéen net ûngemurken liet. Dat it net mear holpen hat, is syn skuld net.
3 Jannewaris. - Ik ha mysels der al in kear as hwat op trapearre, dat ik myn buorfroutsje en Yne meielkoar oan 't forgelykjen bin. Ik haw Yne destiids foar my winne moatten. Nei lang oanhâlden fan myn kant. Mar kin men it lok wol mei sin foar jin winne?
Dou koest bytiden ek sa lydsum wêze en sa fan fierrens, Yne. Of soene wy dan dochs in mienskiplike basis misse moatte? Ik bin dizze wiken troch de feiten yn myn faek net to biredenearjen fielingen bisterke. En nettsjinsteande dat wit ik my foar dy oer rounút de mindere yn dat oare. Ik sil it dy hjir dan ek mar bikenne, Yne, dat it my dit skoft alhiel klear wurden is, datstou net oars as gelyk hieste: Freze is net de goede emigraesjeboaijem. Hwat ik op 't heden doch, stiet gelyk mei de flecht. En hwa't ienris flechtet is foar syn libben skeind.
Dêr stiet it dan. Swart op wyt. En tagelyk wurdt it my ynjown, dat ik hjirmei de streep set ha tusken hwat yn myn libben wie en hwat komme kin. En dat ik my fan nou ôf to bisinnen ha op de frage hwat my fierder to dwaen stiet. Alles is hjirmei ommers foroare. Ek tusken dy en my. Hwat kin jin alles op sokke stuiten ynienen klear en dúdlik foar eagen stean.
9 Jannewaris. - It duorret nou gjin dei mear. Oan alles is to fielen, dat it doel yn 't sicht is. Moarn sil dat ek foarby wêze. Lyk as alles ien kear foarby wêze sil. Dizze dagen hawwe oars wol de swierste fan myn libben west. Dat ik der nou noch oer skriuwe kin, is feitlik net mear as tafal, hwant as ik de loop tsjin 'e holle fielde, hope ik mar dat it skot by ûngelok ôfgean mocht. En it hie bêst sa biteare kinnen, hwant alles skodde oan my op sokke stuiten. Oare kearen like it my mar it bêste ta, dat ik gek wurde mocht. Nammers, hwer is de grins? Ik miende soms al fierhinne to wêzen. Justernacht dan hie 'k it pistol mei alle patroanen der by yn in âlde krante biwuolle. En sa goed ik wit, moat ik doe de hiele boel yn sé smiten ha. De doaze, dêr't ik dy saken yn biwarre, wie justermoarn alteast leech. Sa nofter stiet it hjir nou. Mar gjinien sil witte kinne hoefolle striid it my koste hat safier te kommen. Ik leau dat ik gûlde, doe't ik oer it nacht-iensume dek myn hut wer opsocht. En blykber bin 'k fuort dêrnei op
| |
| |
bêd rekke, hwant foar 't earst nei dagen ha 'k sliept, oant de oare deis fier yn 'e middei op.
De kar dy't ik makke hie, achte ik juster noch de iennige goed. Ienris flechtsje wie moaijernôch. Mar hjoed fiel ik my sa wis al net mear. En hwat sil moarn bringe? Fansels, by oankomst sil der post wêze. Ek fan Yne. En ik sil har skriuwe moatte, sa gau as dat yn dizze omstannichheden kin. Al wit ik noch net hoe't ik har dit nije útlizze moat. Ik tink gauris oan eartiids. Us mem hie nou grif goedkarrend knikt, sa fan: Soargje net foarút, it komt dochs oars. Ik hear it har sizzen.
Mar moarn om dizz' tiid wit ik mûlk mear.
It hat in hiel skoft stil west yn de romme kapiteinskajút. Bitochtsum leit nou de man efter it buro it boekje foar him del. It leit iepenslein by de lêste oantekening. Stadichoan krije syn formoedens mear groun, nou't er dit lêzen hat. Nammers, in bjusterbaerlik gefal wie it en dat bleau it. Foar him alteast. Hwant de stjurman en de dokter wiene blykber gauwer út de rie. Mar hja hiene fansels ek gjin weet fan dizze oantekeningen, likemin as hja it oanbrutsen doaske pistolpatroanen yn it nachtkastkelaedtsje fan hut 288 acht slein hiene. En dat lêste hie by him nou krekt de twivel geande makke, fral doe't de stjurman rapportearre, dat hja hwat yn 't wetter fallen hearden, doe't it slachtoffer foarsichtich fan de reling wei op it dek lutsen waerd.
De man komt efter it buro wei en trapet in kear as hwat it fortrek op en del. It woe him foarkomme, de omstannichheden koene dizze jongkeardel wolris yn 'e kaert wierre ha. Lei it wol op syn wei om hjir nou noch yn om bigjinne to rearen? It koe der net ûngedien mear troch makke wurde, mar wol slimmer. Foar de famylje, sawol as foar himsels. En dêrby, hy wie hwat foar dizze passagier út hut 288 bigoun to fielen. Hwant al hied er dy oant nou ta net kend, troch hwat der dizze dagen bard wie en mei troch it deiboekje, wie 't ommers, as hied er him jierren ta freon hawn, dizze Hepko Joachim van Asinga, civ.ir. en 33 jier, lyk as de papieren útwiisd hiene.
En dan, yn in opkommende ympuls, giet de man wer sitten en strykt it kantsje neist de lêst biskreaune bledside flak. Noch efkes moat er in lytse twiveling yn himsels
| |
| |
oerwinne ear't er de pinne op it papier sette doar. Mar dan skriuwt er:
N'eiskrift fan in freon: Mei de oantekening fan 9 Jannewaris hâldt dit deiboekje op. De 11e, de moarns, foun ik it op de tafel fan syn hut. De foarige jouns, sahwat tsjin tsjusterwurden, hiene wy fan net fier ôf in loftraid op de haven fan S. meimakke en wol sa ûnforwacht oerfoel ús dy, dat wy feitlik earst bigriepen hwat der barde, doe't it gewelt al wer forstomme wie. In hoart letter, it wie ûnderwilens alhiel tsjuster wurden, waerd de hear v.A. foun, foaroer, oer de reling fan it efterskip hingjend. Hie syn foet tafallich net heakke, dan wied er oer board fallen. Hy hie in earnstich skampskot oan 'e holle en moat neffens de dokter dan ek op slach wei west ha. De iennige mûg'likheit is dizze, dat in forsille kûgel fan de loftoanfal, ús kant oer kommen is, hwant wy leine op dat stuit noch bûten foar de haven to wachtsjen op talitting. Dy iene kûgel moat krekt him rekke ha. Fan 'e moarn bitiid ha wy meiïnoar him biïerdige op it stille tsjerkhôfke to B., net fier fan S. Dat er dêr rêste mei yn frede.
Yn syn jasbûse waerd noch in brief foun fan in juffer Wilkens. It brief is datearre 18 Des. en krekt de lêste dei moat er dy fan 'e post krige ha. Juffer W. freget him dêryn syn emigraesjeplan oer to jaen en syn reis byg. as stúdzjereis fuort to setten, om dan mei in moanne as hwat werom to kommen. It kin foar juffer W. faeks fan bilang wêze to witten, dat de hear v.A. noch op de middei fan it ûnk oan de 1e stjurman (dêr't er gauris mei praette) útlitten hat, dat er fêst fan doel wie him op syn gausten by de loftmacht fan dit lân oan to jaen. Allinne it needlot hat him dêryn dus bihindere, trochdat it blykber op 't alderlêst mei him bigien waerd.
S., 12 Jannewaris.
De kapitein fan it s.s. Benvenuta.
|
|