De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 161] [p. 161] [Nummer 6] O. Postma: Rilke by syn byltnis fan 1906. Fan it âlde, en lang adellike geslacht Hwat fêststeands yn de iris' bôge-bou. Yn 'e loaits noch fan de berne eangst en blau, En démoed wol; net fan in hearige, Mar fan in tsjinjende en fan in frou. De mûle as mûle makke, great en krekt, Bilêzend net, mar it rjochtfeardige Utsprekkend. D' foarholle sûnder tsjoed En jerne yn 't skaed fan stille nigens skou. Dat, as in byinoar hearren earst mar tocht, Noch nea yn 't lijen of yn it oerwinnen Foriene ta in duorjend yninoar rinnen; Doch sa, as wie der mei forsprate dingen Fan fieren bou fan wezentliks bisocht. ‘Der giet de wrald net mei foarut.’ Ien mei it libben dat de ierde draecht, Ien mei forline en de slachtene stream; Dat is it lok fan rykste pinksterdei En triljend stiicht it liet fan swiidste dream. Mar o, dêr giet de wrald net mei foarút! Dy moat ‘agressy’ ha; (op ‘heech niveau’?) - Dat wurd naem 'k fan in freon; it kaem my Mei mear: in priuwke filosofy-argot. Dat is ek wol hwat Zarathûstra spriek, Sa fier as 'k lêze koe ut dy skriftuer. De dichters binne dan hwat efterop: Myn freon hie 't wurd ‘archayske kultuer’. Mar ik spriek sa: it wrâldstel nimt syn baen, Mar dy is jown dyn eigen ûre' goed! Foarút? Omheech? Hjir is de heechste bloei: In goddelike glim yn 't alforfoljend hjoed. Vorige Volgende